Springe nei ynhâld

Akky van der Veer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 apr 2022 om 17.21 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (+ynfoboks)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Akky van der Veer
skriuwer
Akky van der Veer
Akky van der Veer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 july 1943
berteplak Moarrewâld
stoarn 23 juny 2019
stjerplak Boksum
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Roman,
Berneboek
útjouwer Kristlik Fryske Folksbibleteek,
Utjouwerij Bornmeer
prizen Rely Jorritsmapriis (1974)
Simke Kloostermanpriis (1986)
jierren aktyf 1973-2019

Akky Kuiper-van der Veer (Moarrewâld, 28 july 1943 - Boksum, 23 juny 2019[1]) wie in Frysk skriuwster.

Akky van der Veer hat it grutste part fan har jeugd yn Moarmwâld trochbrocht. Doe’t se fjirtjin jier wie, krige se tuberkuloaze en waard se opnaam yn sanatoarium Sonnevanck yn Hurderwyk. Se hat dêr oardeljier ‘kuerd’; yn dy tiid hat se in soad lêzen en hat se har earste, Nederlânsktalige, ferhaaltsjes skreaun. Oan de Dokkumer kweekskoalle folge se de oplieding foar ûnderwizeres. Dernjonken helle se noch de akte Frysk MU-A. Har earste baan yn it ûnderwiis fûn se yn it Drintske doarp Pesse. In pear jier letter krige se in beneaming oan in skoalle yn Snits. Dêr troude se mei fotograaf Henk Kuiper (1940-2005), soan fan dûmny-skriuwer Thys Kuiper. Se krigen trije bern, har beide soannen Remco Kuiper en Elmar Kuiper binne as dichter ek aktyf op it literêre mêd. Van der Veer hat lange jierren yn it Marsumer Aldlân wenne, in krite healwei Marsum en Deinum.

Yn 1973 debutearre Akky van der Veer as skriuwster mei de roman Read hier en reinwetter, útjûn by de Kristlik Fryske Folksbibleteek, KFFB. Neffens harsels wie it in boek sûnder pretinsjes, bedoeld as ferdivedaasje. Se liet al gau sjen dat se har net beheinde ta ien literêre rjochting: yn 1974 wûn se in Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal ‘Pake’ en yn 1977 nochris mei ‘Folle lok en seine’. Dat lêste ferhaal hat demintens as ûnderwerp, itselde tema komt ek oan de oarder yn de skets ‘Hjoed is it snein’, ien fan de twa sketsen fan de produksje ‘Twa froulju’ dy’t Van der Veer skreau foar toanielselsskip Tryater (1983/84). De oare skets, mei as titel ‘Lytse konfrontaasje’, giet oer de konfrontaasje fan in troude frou mei de freondinne fan har man. Fierders bewurke se ek noch it boek Ik haw in man stellen fan Ype Poortinga foar toaniel, ûnder de titel ‘Spul fan wyn en wolken’ (1984).

Nei dit skriuwen foar toaniel lei se har in tiidlang ta op it skriuwen fan jeugd- en berneboeken. It aventoerlike berneboek Moai waar op ’e Lemmer, dat giet oer twa jonges en in sirkus, kaam út yn 1980. Giet it yn Moai waar op ’e Lemmer boppe al om it aventoer, dat is net it gefal mei it yn 1985 ferskynde jeugdboek Swart op wyt. Yn dat boek giet it om de relaasje tusken de sechstjinjierrige Femke en har mem Ida. It boek, opset as deiboek fan Femke, ôfwiksele mei flashbacks út har bernetiid en mei toanieleftige dialogen, beskriuwt tolve dagen út it libben fan de opgroeiende puber. It behannelet universele tema’s as: 'wa bin ik', 'wêr kom ik wei' en 'wêr gean ik hinne'? Van der Veer beskriuwt dy, sa’t it liket ‘swiere’ tema’s, mei humor en op in relativearjende manier. Yn 1986 krige se de Simke Kloostermanpriis, de troch it Simke Kloostermanlien ynstelde priis foar Frysktalige berne- en jeugdliteratuer, foar 'Swart op wyt'. Twa jier letter krige se ynternasjonale erkenning foar 'Swart op wyt' mei in earfolle fermelding fan de Italjaanske Premio Europeo di Letteratura Giovanille, in troch de Italjaanske provinsje Trente finansearre en de universiteit fan Padua organisearre priis foar Europeeske jeugdliteratuer. Yn 1988 kaam der ûnder de titel Zwart op wit in, troch Jant van der Weg-Laverman oersette, Nederlânsktalige ferzje fan it boek op ’e merk. De Hollânske útjefte krige in plak op de Vlag en Wimpel-lijst (1989) fan de Griffelsjuery. Op fersyk fan de Stichting It Fryske Boek skreau Akky van der Veer, yn oparbeidzjen mei dichteres Baukje Wytsma, muzykant Jaap Oosterwijk en yllustratise Laura Tietjens, in boek mei as titel 'Disse en Jinge en frou Hilarides'. It boek, útjûn as berneboekepresint yn de Fryske boekewike 1987, wie sa’n grut súkses dat se yn de jierren dêrnei noch twa kear in ferfolchdiel yn it ljocht joegen. Tagelyk makken Van der Veer, Wytsma en Oosterwijk in foarstelling mei deselde haadpersoanen dêr’t se skoallen yn de provinsje mei by del reizgen.

By gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean, frege it Provinsjaal Elektrisiteitsbedriuw (PEB), twa bekende jeugdboekeskriuwers om in spannend en literêr ferhaal foar de jongerein te skriuwen, ien Frysk- en ien Nederlânsktalich. Akky van der Veer krige de opdracht foar it Fryske en Jan Terlouw dy foar it Nederlânske ferhaal. Maaie 1991 kamen de boeken yn ien bân út, mei de titels Koartsluting en Hoogspanning.

Mei de histoaryske roman Grutte wurden sloech Akky van der Veer wer in hiel oar literêr paad yn. De roman, dy’t spilet yn de Romeinske tiid, 14-16 nei Kristus, ferhellet it ferhaal fan in lytse mienskip fan boeren en fiskers. In Hollânske oersetting fan it boek kaam út yn 1986 ûnder de titel Gezworen woorden. Yn 1997 krige se foar Gezworen Woorden twaris in earfolle fermelding: by de útrikking fan de Gouden Zoen en by de Italjaanske Premio Europeo di Letteratura Giovanille. It boek ferskynde yn 1998 ek yn in Dútstalige ferzje ûnder de titel Die Männer von Midgard. Yn ’e mande mei skriuwster Berber van der Geest skreau Akky van der Veer it boek 100 dingen en 1 papegaai – Triedsjes nei it ferline. It boek, fuortkaam út in edukatyf projekt fan de Sintrale Bibleteektsjinst Fryslân en Tresoar yn Ljouwert, lit bern oan ’e hân fan in foarwerp út har famylje in ferbining lizze mei har eigen ferline. Yn 2004, 1250 jier nei syn dea, skreau Van der Veer in boek oer Bonifatius en de tiid dêr’t er yn libbe. Fan it boek kaam tagelyk in Frysk- en in Nederlânsktalige ferzje út, mei de titels Bonifatius en syn tiid / Bonifatius en zijn tijd.

Akky van der Veer hâlde har ek dwaande mei it oersetten fan berne- en jeugdboeken út it Nederlânsk; by Utjouwerij Bornmeer wie Akky van der Veer de fêste oersetster fan de rige Nijntje-boekjes, fierders hat se in pear dielen fan de Kameleon-searje yn it Frysk oerset.

In wichtich elemint yn har boeken fûn de skriuwster de ferhâlding tusken minsken; mocht se al in boadskip oerbringe wolle dan stiet dat tusken de rigels. Har ferhalen binne faak krûde mei humor, as ôfwikseling mei de soms serieuze problemen dêr’t har haadpersoanen mei te krijen hawwe.

Van der Veer woe altiten al wat oer de skiednis skriuwe, se begûn dan ek mei in roman oer de dochter fan Redbad. Nei't it boek Rêdbâd fan Willem Schoorstra yn 2011 ferskynde, lei se dat oan 'e kant en begûn se oan in autobiografy.

Akky van der Veer stoar yn de âldens fan 75 jier.

List fan belangrykste wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1995 : Grutte wurden (histoaryske roman)
  • 1996 : Gezworen woorden (Nederlânske oersetting fan Grutte wurden)
  • 2000 : Kuneara (boekewikegeskink)
  • 2013 : Brieven oan ús mem (autobiografyske brieven)

Berne- en jongereinboeken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1973 : Read hier en reinwetter
  • 1980 : Moai waar op ’e Lemmer (berneboek)
  • 1985 : Swart op wyt (jongereinboek)
  • 1987 : Disse en Jinge en frou Hilarides (mei Baukje Wytsma)
  • 1987 : Heechterp (mei oare auteurs)
  • 1988 : Frou Hilarides en it Museum foar Moderne keunsten
  • 1989 : De saak Hilarides (mei Baukje Wytsma)
  • 1991 : Hoogspanning- Jan Terlouw / Koartsluting- Akky van der Veer
  • 1997 : It swurd fan Lytse Pier (mei Baukje Wytsma, aksjeboek foar bern, Sutelaksje)
  • 2003 : 100 dingen en 1 papegaai
  • 2004 : Bonifatius en syn tiid
  • 2008 : Freoneboek mei tsien Fryske gedichten (Aksjeboek foar bern nûmer 22)
  • 1988 : Zwart op wit (Swart op wyt)
  • 1996 : Gezworen Woorden (Grutte Wurden)
  • 2004 : Bonifatius en zijn tijd (Bonifatius en syn tiid)
  • 2005 : Nijntje oan see (Nijntje aan zee)
  • 2006 : Fûgel Pyt (Vogel Piet)
  • 1974 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal ‘Pake’)
  • 1977 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal ‘Folle lok en seine’)
  • 1986 : Simke Kloostermanpriis foar Swart op wyt
  • 1987 : Earfolle fermelding foar Swart op wyt by: Premio Europeo di Letteratura Giovanile
  • 1989 : Plak op de Vlag- en Wimpellijst fan Zwart op wit (CPNB)
  • 1997 : Earfolle fermelding foar Gezworen Woorden by de útrikking fan de Gouden Zoen
  • 1997 : Earfolle fermelding foar Grutte Wurden by: Premio Europeo di Letteratura Giovanille

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: