Frank Leyendekker
Frank Leyendekker | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Frank Leyendekker | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 4 augustus 1928[1] | |
berteplak | Wytmarsum (Fryslân)[1] | |
stoarn | 15 jannewaris 2022[1] | |
stjerplak | Visalia (Kalifornje)[1] | |
etnisiteit | Frysk[2] | |
wurkpaad | ||
berop/amt | melkfeehâlder[2] | |
aktyf as | hynstefokker[2] | |
jierren aktyf | 1977 – 2022 | |
reden bekendheid |
● ynset foar Fryske hynder[2] ● mei-oprjochter FHANA[2] | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Frank Leyendekker (Wytmarsum, 4 augustus 1928 – Visalia (Kalifornje), 15 jannewaris 2022)[1] wie in Amerikaansk boer fan etnysk Frysk komôf,[2] dy't bekendheid krige troch syn net wurch te krijen ynset foar it behâld fan it Fryske hynder.[2]
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurk en leafhawwerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leyendekker waard yn 1928 berne yn it Fryske doarp Wytmarsum[1] en emigrearre yn 1948,[2] nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch, as jongeman fan tweintich jier nei de Feriene Steaten. Dêr sette er him nei wenjen yn Visalia, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje,[2] dêr't er in melkfeehâlderijbedriuw begûn.[2]
Yn Fryslân hie Leyendekker altyd mei Fryske hynders wurke, en doe't er yn syn nije heitelân ris nei in konkoers hippyk gie, seach er dêr in fjouwerspan riden en betocht er hoefolste moaier dat der útsjen soe mei Fryske hynders, dy't op dat stuit oare kant de Atlantyske Oseaan frijwol ûnbekend wiene. Dat idee liet him net mear los.[2]
Doe't Leyendekker yn 1976 werom yn Fryslân wie foar famyljebesite, hearde er dat it der min foarstie mei it Fryske hynder.[2] Hy besleat twa merjes en in hynstefôle oan te keapjen om se mei werom te nimmen nei Amearika.[2] Doedestiden betsjutte dat in wikenlange reis per skip. Leyendekker fûn dat ûnnedich en regele dat de hynders yn 1977 mei it fleantúch nei Kalifornje ta oerflein waarden.[2] Mei dy trije bisten leid er de grûnslach fan 'e Friezefokkerij yn 'e Feriene Steaten.[2]
Leyendekker ûntpopte him ta in wiere promoater fan it Fryske hynder yn Noard-Amearika.[2] Hy kocht mear Friezen en drukte as hynstefokker syn stimpel op it fuortbestean fan it Fryske hynder mei 292 hynders út syn eigen stâl, wêrûnder tsien stamboekhynsten.[2] Mei in fjouwerspan naam er diel oan konkoers hippyks yn 'e hiele Feriene Steaten en ek yn Kanada.[2]
Fierders hied er by it opsetten fan in stamboek yn 1984 in wichtige rol as ien fan 'e grûnlizzers fan 'e Friesian Horse Association North America (FHANA), de Noardamerikaanske susterorganisaasje fan it Keninklik Frysk Hynste Stamboek (KFPS).[2] Leyendekker waard sels noch wat in filmstjer, doe't er yn 1988 mei syn hynders figurearre yn 'e Hollywood-komeedzje Coming to America, mei Eddie Murphy.[2]
Privee-libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frank Leyendekker wie 66 jier troud mei syn frou Adrianna, dy't him yn novimber 2021 ûntfoel.[2] Hy wie net lang widner, mei't er sels in pear moannen letter kaam te ferstjerren,[2] op 15 jannewaris 2022, yn syn wenplak Visalia.[1] Hy liet 8 bern nei (Catharina, Gerben, Nickolas, Nonning, Edward, Ena, Hendrik en Art), 29 pakesizzers en 41 oerpakesizzers.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|