Springe nei ynhâld

Hurddraverij

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 des 2021 om 22.44 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Animaasje fan Eadweard Muybridge († 1904)

Hurddraverij is in wedstriid yn de hynstesport. Faak wurdt der in koartebaandraverij mei bedoeld.

Hurddraverij yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hurddraverijen waarden earst faak holden mei merken of oare feesten. Twa oan twa ride de dielnimmers om it hurdst op in hynder sûnder seal oer in baan fan sân. De hurddraverij yn Ljouwert wie eartiids de grutste draverij fan Fryslân. Dy waard organisearre as der merke wie, om sa mear publyk te lûken. Neidat kening Loadewyk Napoleon in kear by it evenemint útnûge waard, waard de hurddraverij populairder. Ek de keningen Willem I, Willem II en Willem III en keninginne Emma wienen fêste gasten by it evenemint. Sa wie yn 1873 kening Willem III yn Fryslân doe't der yn Ljouwert in hurddraverij hâlden waard. Doe wie de priis in gouden horloazje.

In moderne hurddraverij.

Soksoarte wedstriden binne hast hielendal út Fryslân ferdwûn. Op De Jouwer by de Boerebrulloft wurdt der noch wol in wedstryd draafd. De priiswinners krije in sulveren karwats en sulveren leppeltsjes.

Begjin 20e iuw waard de draverij minder. Mei de iepening fan de Wilhelminabaan yn 1905 yn Wolvegea, begûn de delgong fan de koartebaan. Fryske hynders koenen lang net meikomme mei de hynders dy't op snelheid fokt waarden. De hurddravers wiene folle lichter en setten mei it hurdrinnen de efterste fuotten foar de foarste.

Yn 1997 waard, nei njoggentich jier, de Gouden Swipe foar it earst wer ynsteld by in Hurddraverij by de Boerebrulloft op De Jouwer. Dat de hurddraverijen op De Jouwer eartiids ek al hâlden waarden docht bliken út de namme Hurddraversdyk dêre. It wurdt dêr noch tradisjoneel dien: karmasters kontrolearje de hyns foar de wedstriid. It bist moat goed sjen kinne en net kreupel wêze. Nei de keuring wurde der lotsjes lutsen om hokker hynders tsjin elkoar drave moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: