Springe nei ynhâld

Fryske Strjitte

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 des 2021 om 09.19 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Krusing mei oare strjitten: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Rin fan de Fryske Strjitte

De Fryske Strjitte (Dútsk: Friesische Straße) wie in midsiuwske hannels- en rykswei yn it noardwesten fan Dútslân. Hy hat in lingte fan likernôch 220 km en ferbynt de stêd Norden yn East-Fryslân mei Múnster yn Westfalen.

De Fryske Strjitte rûn fan Norden nei Emden oer likernôch de hjoeddeistige B72 en B210. Fan Emden ôf rûn er oer de hjoeddeistige A31 nei Lier. Dêr stiek er de Iems oer. Fan Lier ôf rûn er nei it suden by de Iems del op de lofterouwer oant Múnster ta. Hy rûn op de hjoeddeistige B436 (Lier - Weener), de L31 (Weener - Rhede), de K155 (Rhede - Heede) en K156 (Heede), L48 (Heede - Altenlingen), K34 (Nordlohne - Schepsdorf), L40 (Elbergen - Emsbüren), K327 (Emsbüren - Salzbergen), L39 (Salzbergen - dielsteatsgrins Nedersaksen/Noardryn-Westfalen), K501 (dielsteatsgrins - Rheine), B481 (Rheine - Emsdetten) en B29 (Sprakel - Münster).

Krusing mei oare strjitten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Lier ôf wie der in ferbining nei it easten ta nei Aldenburch en Bremen, de Eastfryske Strjitte (Ostfriesische Straße). Yn Weener wie der in ferbining nei it westen ta nei Wynskoat en Grins. Fan Rhede ôf wie der in ferbining nei it easten ta nei Aschendorf en fan dêr wei fierder oer de geastrêch fan de Hümmling nei Hasselünne nei de Flaamske Strjitte (Lübeck - Brugge). Súdlik fan Heede krúst in fierdere ferbining fan Wynskoat nei de hannelswei fan de Hümmling de Fryske Strjitte. Eastlik fan Meppen spjalte in twadde wei nei Hasselünne. Súdwestlik fan Lingen krúste de Flaamske Strjitte de Fryske Strjitte. Yn Rheine wiene der ferbinings nei Osnabrück en Ynskedee. Yn Múnster wiene der fierdere ferbinings ûnder oaren nei Keulen (Keulske Strjitte), Coesfeld (Coesfelder Wei), Gronau (Horstmarer Lânwei) en Paderborn (Hessenwei).

Stêden oan de Fryske Strjitte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NordenEmdenLierWeenerHarenMeppenLingenRheineEmsdettenGrevenMúnster

De Fryske Strjitte wie al yn de njoggende iuw in wichtige hannelsrûte. Yn de lette midsiuwen rûn de Fryske Strjitte by Lingen oan de rjochterouwer fan de Iems. Nei it ferlizzen fan de Fryske Strjitte op de lofterouwer gie de hannelswei Lingen foarby.

Yn de lette midsiuwen rûn de Fryske Strjitte oer in geastrêch fan Rhede, oer Diele mei de Dielerskâns nei Emden. Hy wie de iennige ferbiningswei fan it Iemslân nei East-Fryslân.

  • Wolfgang Schöningh: Königsweg und Friesenstraße Münster – Rheine – Emden im Mittelalter. Yn: Stadt Rheine (Hrsg.): Alle Fäden laufen durch Rheine. Stadt Rheine, Rheine 1956, siden 7–16.
  • Harm Wiemann en Johannes Engelmann: Alte Wege und Straßen in Ostfriesland (= Ostfriesland im Schutze des Deiches. Band 8). Selbstverlag, Pewsum 1974, ISBN 3-925365-07-9.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: