Baltrum
| |||
Oerflak | 6.5 km² | ||
Tal ynwenners | Likernôch 599 (2020) | ||
Webstee | http:// www.baltrum.de/ |
Baltrum is ien fan de waadeilannen foar de kust fan East-Fryslân. It is it middelste en ek it lytste fan de sân bewenne Eastfryske eilannen. It eilân heart ta de dielsteat Nedersaksen en it distrikt Auwerk. Baltrum hat minder as 500 ynwenners. Der binne twa doarpen: Westerdoarp en Eastdoarp.
Ierdrykskunde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân hat in oerflak fan likernôch 6.5 kilometer, it is 5 kilometer lang en 1 kilometer breed. It heechste punt fan it eilân is in dún midden op it eilân, fan 19,3m heech.
It lânskip op Baltrum is foarme út poalwoastynsân fan de lêste iistiid, it Weichselien. Op de sânbanken ûntstienen dunen en efter de dunen koe de klaaigrûn har foarmje. Peallerigen en basaltblokken beskermje de kust tsjin ôfkalving.
Nei it westen leit oare kant de Wichter Ie it eilân Nordeneach en nei it easten oare kant de Akkumer Ie leit Langereach.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Baltrum mei net autoriden wurde. It eilân is mei de fearboat yn likernôch 30 minuten te berikken fan Nesmersyl út. Op it eilân is in lyts fleanfjild. Tusken 1949 en 1985 wie der in spoarlyntsje en in bedriuw op it eilân.
-
Baltrum, Evangelyske tsjerke (2009)
-
Loftfoto fan Baltrum
-
Strân
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |