Springe nei ynhâld

Pikardje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 sep 2021 om 00.04 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (typfl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Pikardje
Flag fan Pikardje
(Details)
Wapen fan Pikardje
Lizzing fan Pikardje yn Frankryk
Haadstêd Amiens
Arrondisseminten 13
Kantons 129
Gemeenten 2 292
Departeminten Aisne (02)
Oise (60)
Somme (80)
Oerflakte 19 399 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens

1 857 481 (1999)
96 ynw/km²
Folksliet {{{folksliet}}} {{{folksliet}}}
webstee {{{webstee}}}

Pikardje (Frânsk en Pikardysk: Picardie) wie fan 1982 oant 2016 in bestjoerlike regio yn Noard-Frankryk, noardeastlik fan Normandje. De regio bestie út trije departeminten: Somme, Oise en Aisne, dy't allegearre ferneamd binne nei harren wichtige rivieren. De haadstêd wie Amiens.

Oant de Frânske revolúsje doe it opdield waard yn trije departeminten, wie it gebiet boppe de rivier de Somme ûnderdiel fan de Nederlannen (De liuwen yn de Pikardyske flagge ferwize dêrnei). Under de doetiidske grins leine Oise en Aisne, dy't yn dy tiid diel útmakken fan it Ile-de-France. De Pikardyske kust is in stripe fan likernôch sechstich kilometer, mei ôfwikseljend krytrotsen en sânstrannen. Pikardje hat in wichtige rol spile yn de kultuerskiednis en wurdt ek wol sjoen as de widze fan de goatyk. Benammen Amiens, Beauvais en Laon, mar ek Soissons en Noyon hawwe ferneamde katedralen.

Sûnt 1 jannewaris 2016 makket Pikardje, yn 'e mande mei it eardere Noarden-Nau fan Kalês, bestjoerlik diel út fan 'e nije regio Opper-Frankryk.

 
             Frankryk
Flagge fan Frankryk
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen
· · Berjocht bewurkje