Aisne (departemint)
Aisne | |
---|---|
De lizzing fan it departemint Aisne yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Hauts-de-France |
haadplak | Laon |
grutste plak | Saint-Quentin |
departemintsnûmer | 02 |
sifers | |
ynwennertal | 533.316 (2018) |
oerflak | 7.361,68 km² |
befolkingstichtens | 72 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°30′ N 3°29′ E |
webside | aisne.com |
Aisne is in departemint yn it noarden fan Frankryk yn de regio Hauts-de-France. De namme is ûntliend oan de rivier dy't troch it departemint rint.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It departemint grinzget oan yn it noarden oan it departemint Nord, yn it noardeasten oan Belgje, yn it easten oan de departeminten Ardennes en Marne, yn it suden oan it departemint Seine-et-Marne en yn it westen oan de departeminten Oise en Somme.
Rivieren yn it departemint binne de Aisne, de Marne, de Ourcq, de Vesle , de Somme, de Oise en de Serre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It departemint Aisne wie ien fan de 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 yn de Frânske Revolúsje stifte waard.
Yn de Earste Wrâldkriich waard der oant trije kear ta slim fochten oan de Aisne (13-20 septimber 1914, 16 april-9 maaie 1917 en 27 maaie oant 6 juny 1918).
Op 15 maaie 1940 foelen troepen fan de Dútske Wehrmacht it departemint oan. Yn 'e jûn fan 15 maaie stiet de Wehrmacht foar Montcornet. Fan 17 maaie oant 10 juny fochten de Dútsers en de Frânsen yn de Slach om de Aisne, in pear dagen letter foel Parys sûnder slach.
Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint by de regio Picardie, dy't yn 2016 yn de regio Hauts-de-France opgyng.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bewenners fan it departemint wurde Axonais neamd.
De grutste stêden neffens ynwennertal binne:
Stêd | Ynwennertal (2018) | Arrondissemint |
---|---|---|
Saint-Quentin | 53.856 | Saint-Quentin |
Soissons | 28.522 | Soissons |
Laon | 24.710 | Laon |
Château-Thierry | 15.351 | Château-Thierry |
Tergnier | 13.547 | Laon |
Chauny | 11.773 | Laon |
Villers-Cotterêts | 10.676 | Soissons |
Hirson | 8.800 | Vervins |
Bohain-en-Vermandois | 5.675 | Saint-Quentin |
Gauchy | 5.254 | Saint-Quentin |
Bestjoersyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It departemint is te ferdielenyn 5 arrondisseminten, 21 kantons en 800 gemeenten.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas hiel Pikardje is ek it departemint Aisne net sa toeristysk. It gebiet hat lykwols in soad te bieden oan goatyske monuminten. Fral de katedralen fan Laon, Soissons en Saint-Quentin binne it neamen wurdich. Yn it noardeasten leit de Thiérache. Yn de Tachtichjierrige Kriich binne dêr in soad tsjerke ferbouwd ta wartsjerken mei swiere muorren, tuorren en/of sjitgatten.
Ek fan de Earste Wrâldkriich binne in soad spoaren efterbleaun. De Chemin des Dames wie yn dy tiid it front. De Dútsers groeven ferwulften yn in kalkstiengroeve, de Drachenhöhle (Drakengrot; yn it Frânsk Caverne du Dragon), dy't hjoeddei besocht wurde kinne.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Saint-Quentin -
Laon -
Soissons -
Ien fan de wartsjerken fan de Thiérache -
Château de Coucy