Chemin des Dames

Ut Wikipedy
Chemin des Dames

De Chemin des Dames is in diel fan 'e route départementale D18 oer in hichterêch yn it noarden fan Frankryk tusken de stêden Laon, Soissons en Reims. De wei rint fan east nei west noardlik fan de delling fan de Aisne. De Chemin des Dames is ynternasjonaal bekend fanwegen de slimme striid dy't dêr yn 'e Earste Wrâldkriich plak fûn.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It paad dat tsjintwurdich de Chemin des Dames is, gie eartiids nei it Château de la Bôve. It waard tusken 1776 en 1789 regelmjittich brûkt troch Adélaïde en Victoire, dochters fan kening Loadewyk XV, dy't mei fersin in kear by in krúspunt it ferkearde paad namen. Op harren fersyk waard dêrnei it paad ferhurde en sûnt droech it de namme Chemin de Dames de France.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1890 waard it Canal de l'Oise à l'Aisne (Oise-Aisne-kanaal) iepene. Mei in lingte fan 2.364 m rint it kanaal ûnder de Chemin des Dames troch. De súdlike tunneltagong is by Braye-en-Laonnois.

Napoleontyske oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen de strategyske lokaasje oan 'e wei nei Parys wie de krite nochal ris it toaniel fan striid. Op 7 maar 1814 slagge Napoleon mei grutte ferliezen der yn om yn de Slach by Craonne de Prusyske en Russyske troepen te ferslaan. In iuw letter waard in monumint by de pleats Hurtebise delset, it plak dêr't slim fochten wie. Op it plak dêr't de generaals it slachfjild oerseagen, waard yn 'e jierren 1870 noch in monumint foar Napoleon delset.

Earste Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dútske troepen op de Chemin des Dames (2015)

Nei de grutte foarderingen moasten it 1e en 2e Dútske leger op 12 en 13 septimber 1914 harren weromlûke út de Marne-krite en hja namen posysje yn oan de noardlike kant fan de Aisne op de heuvelrêch fan de Chemin des Dames. Alhoewol't der ynearsten in gat bestie tusken de twa Dútske legers, slaggen de achterfolgjende Britten der net yn om dêr in trochbraak te fosearjen. Mei de fal fan de fêsting Mabeuge yn it noarden fan Frankryk koe it VII Reserve-Korps dat gat yn it front tusken de legers op de Chemin des Dames op 7 septimber 1914 tichtsette. De Dútsers groeven yn in stiengroeve by de pleats Hurtebise tusken Craonne en Cerny in hiel stelsel fan tunnels en grotten en bouden dêr yn 1915 ûnderierdsk in kommandopost mei elektrisiteit, in behannelingsplak foar ferwûne soldaten en sliepgelegenheid foar in hiel bataljon. De Dútsers doopten it Drachenhöhle (Drakegrot), dy't der foar soarge dat hja dêr relatyf feilich harren posysje hâlde koene.

De ûnderierdske Drakegrot

Nei it maitiidsoffinsyf fan 1917 en oant de Dútsers harren werom loeken op de noardlike kant fan 'e Ailette, waarden de fijannen yn it ûndergrûnske fort allinne noch troch in muorre fan inoar skieden. De Dútske namme Drachenhöhle foar harren ûnderierdske kommandopost waard nei de oarloch troch de Frânsen oernommen en hjit no Caverne du Dragon. Hjoed-de-dei is it in museum.

In Frânske pânserwein mei in masjinegewear wachtet by de ruïnes fan Chavonne op Dútske fleantugen

Maitiidsoffinsyf 1917[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 16 april 1917 begûn de Slach oan de Aisne. Alhoewol't it Frânske offinsyf goed taret wie ûnderskatte de Frânse generaal Robert Nivelle de Dútske wjerstân. It offinsyf draaide út op in ramp foar de Frânsen. Fanwegen it útbliuwen fan foarútgong en de ûnbidich hege ferliezen oan it begjin fan it offinsyf setten in soad Frânske soldaten it yn 'e kant tsjin harren mearderen. Harren oproer waard besongen yn it bekende Chanson de Craonne. Hoe slim it Frânske leger der oan ta wie hiene de Dútsers net yn 'e rekken en dêrmei lieten hja grutte kânsen yn 'e striid rinne.

Pas yn oktober koene Frânske troepen it westlike diel fan de heuvelkaam oermasterje; de Dútsers loeken harren doe nei it noarden werom en holden dêr oant it begjin fan it maitiidsoffinsyf op 27 maaie 1918 stân.

De Chemin des Dames heart ta meast befochten dielen fan it Westlike Front yn 'e Earste Wrâldkriich (Zone rouge); der binne net in soad plakken dêr't foar in pear kante kilometer safolle soldaten offere binne.

Craonne

De measte doarpen yn 'e omjouwing fan de Chemin des Dames wiene tsjin it ein fan 'e oarloch folslein ferneatige. Mei in ynternasjonale helpaksje binne in soad doarpen wer op boud. It doarp Craonne wie lykwols sa slim teheistere, dat it nei de oarloch net op itselde plak werboud waard, mar in eintsje fierderop ûnder de namme Nouveau Craonne.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek yn 'e Twadde Wrâldkriich waard yn 1940 hurd fochten om de Chemin des Dames. Begjin juny 1940 namen Frânske ienheden dêr posysje en wisten sa in skoft de Dútsers op te kearen. Twa Frânske tankbataljons besochten fanút Chemin de Dames op te tsjen yn 'e rjochting fan Laon. De tanks wiene der al yn slagge om tusken Vauxaillon en Pinon yn 'e flank fan in Dútske ynfanterydivisy te stjitten, doe't se troch Stuka's yn in bosk weifage waarden. Mar in pear tanks slaggen der yn 'e nacht fan 6 juny wer yn om de eigen liny's te heljen. Neffens ferskillende boarnen waard de Chemin des Dames op 5 juny of in pear dagen letter troch de Dútsers ynnommen. Om safier te kommen moast it Württemberchske Ynfanteryrezjimint 119 al by it lemieren it Aisne-Oise-kanaal oerstekke. Om likernôch 08.30 oere yn 'e moarntyd koe luitenant-kolonel Anton Grasser de flagge hise op de oermastere brêge fan Fort de la Malmaison. Op 16 juny 1940 krige Grasser het Ridderkrús fan it Izeren Krús foar it oermasterjen fan 'e Chemin des Dames.

Musea en oantinkens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Betinkingskapel

Op buorden by kuierpaden lâns wurde besikers ynformearre oer de slach om de Chemin des Dames. Oeral binne begraafplakken foar soldaten fan 'e ferskillende lannen dy't meidiene oan de striid. De ûnderierdske Caverne du Dragon is in museum en der binne monuminten foar de 36e ynfanterydivisy (Monument des Basques) en foar de tanks (Monument National des chars d'assaut). Ek binne de resten te sjen fan de yn de Earste Wrâldkriich ferneatige abdij fan Vauclair en fan it eardere doarp Craonne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.