Springe nei ynhâld

Abdij fan Vauclair

Ut Wikipedy
Abdij fan Vauclair

Abbaye de Vauclair

Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Aisne
plak Bouconville-Vauclair
adres Súd fan 'e Chemin du Roi oan 'e D886
koördinaten 49° 27' N 3° 44' E
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom (eardere bisdom) Laon
oarde Sistersjinzers
oprjochting 23 maaie 1134
opheffing 1791
patroanhillige Marije
Ynformaasje bou
monumintale status Histoarysk monumint
Kaart
Abdij fan Vauclair (Frankryk)
Abdij fan Vauclair

De abdij fan Vauclair (Frânsk: Abbaye de Vauclair (of ek Vauclerc) wie in Sistersjinzerske abdij yn 'e gemeente Bouconville-Vauclair yn it departemint Aisne, Frankryk. De abdij waard yn 1134 troch Bernardus fan Clairvaux stifte op fersyk fan Barthélemy de Jur, de biskop fan Laon, mei wa't er besibbe wie.

De abdij waard op likernôch fyftjin kilometers súd fan Laon yn 'e delling fan 'e Ailette oan 'e noardlike foet fan 'e helling fan 'e Chemin des Dames boud. Op dat plak stie al in tsjerke en de biskop hie dy mei al syn besit en rjochten oan de oarder oerdroegen. De abdij is sûnt 9 jannewaris 1970 in histoarysk monumint.

De nije sistersjinzerske abdij waard op 23 maaie 1134 troch in groep muontsen fan de abdij fan Clairvaux mei oan it haad de Ingelsman Henri Murdac yn gebrûk nommen.

De gebouwen foar de Earste Wrâldoarloch

Bernardus joech de abdij de namme 'Vauclair' (Vallis clara), de omkearde namme fan de memmeabdij (Clara vallis). Mei help fan rynske jeften fan rike famyljes bloeide de abdij al gau mei in soad grûnbesit en pleatsen.

Yn 1142 waard it Us-Leaffrouwekleaster fan Reclus noardlik fan Sézanne ûnder it bewâld fan Vauclair set. Yn 1167 waard fanút Vauclair op fersyk fan paltsgreve Hindrik I it net mear besteande Us-Leaffrouwekleaster fan Charmoye by Épernay stifte.

De abdij hie yn 'e tiid fan de Hûndertjierrige Kriich bot te lijen.

Yn 'e twadde helte fan 'e 16e iuw mei de godstsjinstoarloggen hie de abdij in wif bestean.

De resten fan de abdij yn 1920

Mei de Frânske Revolúsje waard de abdij sekularisearre en nasjonaal besit. Yn 1791 ferkocht de oerheid it kompleks oan partikulieren en krige de eardere abdij in agraryske funksje.

De abdij soe fan wat der noch oer wie lykwols yn 'e Earste Wrâldkriich de measte skea oprinne. De Chemin des Dames foarme yn 1917 it Dútsk-Frânske front en wylst de Dútsers de Chemin de Dames ombouden ta in fêsting, foelen de Frânsen de Dútske stellings oan. By de swiere striid foelen in soad manlju om 'e nocht en fan de abdij bleau hast neat fan 'e gebouwen oer.

Nei opgravings yn 1966 ûnder lieding fan de jonge Belgyske jezuïet René Courtois, dy't dêr fan 1966 oant syn dea yn 2005 wenne, waard de lokaasje in histoarysk monumint.

By de ruïnes waard yn 'e jierren 1970 neffens in ûntwerp fan pater Courtois in arboretum oanplante fan âlde fruchtbeammerassen en in tún mei genêskrêftige planten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.