Springe nei ynhâld

Marten Sikkema

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 jun 2021 om 15.22 troch Drewes (oerlis | bydragen) ([[]] better)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Marten Sikkema, pseudonym fan Govert Alettinus Gezelle Meerburg (Utert 10 desimber 1918Feandam, 2 maaie 2005) wie in Fryskstalige dichter, skriuwer en oersetter. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie er ûnderdûker ûnder de namme Marten Sikkema.

Hy wie fan 1947—1952 en fan 1955—1960 redakteur fan it literêre moanneblêd De Tsjerne en fan 1958—1960 fan it Frysk kultureel moanneblêd De Strikel. Fan dy lêste wie hy ek mei-oprjochter. Yn 1952 waard er fan 't bêd reage troch de Binnenlânske Feilichheidstsjinst BVD yn ferbân mei de rebûlje yn Ljouwert it jier dêrfoar (Kneppelfreed).

Op 13 oktober 1961 krige Sikkema yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis foar poëzij foar in boek, yn it Frysk en it Nederlânsk, oer syn freon de keunstskilder Meinte Walta.

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sikkema publisearre yn ferskillende tydskriften koarte ferhalen, dêr't in oantal fan bondele waard:

  • De slach forlern (1954)
  • De grize oer de grouwe (1958).
  • Stjerrerein (1946)
  • Swart en Wyt (1946)
  • Skaedbylden (1951)
  • Seinen (1959).
  • Út it Sweedsk: de roman Mälarpirater fan Sigfrid Siwerts (Marpiraten, 1955).

Grinzersk: in berneboek op rym fan Gré van der Veen mei printen fan Geert Schroeder: Fan Slynmarta en Tisdernet (1987).