De Strikel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Strikel wie in Frysk kultureel moanneblêd, oprjochte yn jannewaris 1958 troch De Fryske Bibleteek, útjûn troch de firma Laverman yn Drachten.

It wie de fuortsetting fan It Heitelân. Redaksjesekretaris wie Adam Jaarsma. Hylkje Goënga waard ien fan de earste redaksjeleden. Se soe dat yn de 37 jier dat dit tydskrift bestie bliuwe, de lêste jierren as einredaktrise. It blêd wie opnomd yn it jierlikse apakket fan de Fryske bibleteek en hie in oplage fan ± 1200. Utjefte fan Laverman NV yn Drachten (1958-1971), Stichting Dit is Friesland (opnomd yn it moanneblêd Dit is Friesland, 1972), Utjouwerij Fryslân yn Grou (sûnt 1972). Einredakteur wie ûnder oaren Freark Dam. De Strikel is letter opgien yn moanneblêd De Moanne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: