Springe nei ynhâld

Roel Sluiter

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 jun 2021 om 20.09 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (by de tiid brocht)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Roel Sluiter
politikus
echte namme W. Roelof Sluiter
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 jannewaris 1954
berteplak De Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
partij PvdA
Boargemaster fan Harns
amtsperioade 20122021
foargonger Paul Scheffer
opfolger Ina Sjerps
Wethâlder fan Ljouwert
amtsperioade 20012010
Lid fan de gemeenterie fan Ljouwert
amtsperioade 19942001

Roel Sluiter (folút: W. Roelof Sluiter; De Haach, 17 jannewaris 1954) is in Frysk politikus en ûnderwiisman fan Nederlânsk komôf.[1]

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er in oplieding oan 'e kweekskoalle ôfrûne hie, studearre Sluiter skiednis oan 'e Ryksuniversiteit Grins.[1] Fan 1981 oant 1994 wied er learaar yn 'e fakken skiednis en maatskippijlear oan 'e Stedske Skoallemienskip yn Ljouwert.[1] Dêrnei wied er oant 2000 ôfdielingsdirekteur fan Aldlân by de Iepenbiere Skoallemienskip "De Delta",[1] en doe (nei in fúzje en reorganisaasje) oant 2001 adjunkt-direkteur fan 'e skoallemienksip "Piter Jelles".[1]

Yn syn studintetiid wie Sluiter aktyf binnen de kommunistyske CPN, en ek nei't er yn 1984 nei Ljouwert ferhuze wie, hold er dy bannen noch ferskate jierren oan.[1] Om 1990 hinne sleat er him lykwols oan by de PvdA, en fan 1994 oant 2001 siet er foar dy partij yn 'e Ljouwerter gemeenterie.[1] Ein 2001 folge er syn ôftreden partijgenoate Hermien de Haan op as wethâlder.[1] Yn 2010 kearde er yn 'e funksje fan beliedsadviseur werom by syn âlde wurkjouwer, skoallemienskip "Piter Jelles", mar dy betrekking wie lykwols mar fan koarte doer.[1]

Begjin 2012 waard Sluiter nammentlik beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Harns, as opfolger fan Paul Scheffer.[1] Harns keas doe foar in waarnimmend boargemaster mei it each op 'e mooglike gemeentlike weryndieling, mar yn 2014 waard dúdlik dat Harns foarearst net yn in gruttere gemeente opgean sil.[1] Dêrom droech de gemeenterie Sluiter op 4 maart 2015 foar foar it "gewoane" boargemasterskip fan 'e havenstêd. Yn maaie 2015 waard er dêr as sadanich ynstallearre.[1]

Mids desimber 2020 makke Sluiter bekend dat er ophâlde woe as boargemaster.[2] Ein desimber waard syn opfolger bekend: Ina Sjerps, de oarspronklik út West-Fryslân ôfkomstige âld-gemeentesekretaris fan Rotterdam.[2] Sluiter naam op 26 juny 2021 formeel ôfskied as boargemaster.[3] Sjerps waard op 31 maaie ynstallearre as de nije boargemaster fan Harns.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 ——, Sluiter 'nieuwe' burgemeester, yn: de Ljouwerter Krante, 5 maart 2015.
  2. 2,0 2,1 Fierant, Tim, Oud-secretaris Rotterdam wordt burgemeester Harlingen, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2020, s. 32.
  3. ——, Burgemeester Roel Sluiter neemt afscheid van Harlingen, yn: de Harnzer Krante, 28 maaie 2021.
  4. Pennewaard, Koen, "Harlingen past wel bij mij", yn: de Ljouwerter Krante, 31 maaie 2021, s. 15.