Springe nei ynhâld

Gerrit Achterberg

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 okt 2020 om 19.33 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Libben: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Gerrit Achterberg
skriuwer
Gerrit Achterberg yn 1936.
Gerrit Achterberg yn 1936.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerrit Achterberg
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 maaie 1905
berteplak Nederlangbroek (Utert)
stoarn 17 jannewaris 1962
stjerplak Leusden (Utert)
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre poëzij
prizen P.C. Hooft-priis 1949
Constantijn Huygenspriis 1959
jierren aktyf 19251962
offisjele webside
n.f.t.

Gerrit Achterberg (Nederlangbroek, 20 maaie 1905Leusden, 17 jannewaris 1962) wie in Nederlânsk dichter, dy't rûnom beskôge wurdt as ien fan 'e wichtichste eksponinten fan 'e tweintichste-iuwske Nederlânsktalige poëzij. Syn wurk waard û.m. bekroane mei de P.C. Hooft-priis en de Constantijn Huygenspriis. Achterberg wie lykwols ek in geastlik kweld man, mei drege relaasjes mei froulju, dy't yn 1937 sa út 'e klauwen rûnen dat er syn hospita deaskeat. Syn hiele libben troch uteren syn swierrichheden har yn geweld, en socht er soelaas yn alkolholisme.

Achterberg wie de trêde soan yn in herfoarme gesin mei njoggen bern. Syn heit wie yn 't earstoan koetsier, mar letter, doe't auto's yn 'e moade kamen, waard er boer. Achterberg koe goed meikomme op skoalle, dat hy mocht trochleare en waard yn 1924 ûnderwizer. Datselde jiers publisearre er ek syn debútbondel, De Zangen van Twee Twintigers, dy't er yn 'e mande mei Arie Dekker skreaun hie, in freon dy't him by syn dichtsjen oanfitere. Letter beskôge er dit iere wurk as in soarte fan jeugdsûnde.

Underwilens begûnen syn geastlike problemen almar mear op te spyljen. Achterberg hie altyd al swierrichheden hân op it mêd fan sosjale ynteraksje, fral mei froulju. Mar doe't er mei in pistoal yn 'e hân mei selsmoard drige hie, makke syn doetiidske ferloofde it út. Foar militêre tsjinst waard er ôfkard fanwegen "sielssykte".

Syn karriêre as dichter krige pas kleare foarm nei't Roel Houwink syn literêre mentor wurden wie. It earste resultaat fan dy begelieding wie de bondel Afvaart, dy't útkaam yn 1931. Yn 'e gedichten út dy samling is Achterberg syn lettere haadtema, it oproppen fan in ferstoarne leafste, al dúdlik oanwêzich. Nei de publikaasje fan Afvaart rekke Achterberg yn in geastlike krisis. Hy waard in pear kear opnommen yn in psychiatryske ynrjochting en hie ferskate muoisume relaasjes mei froulju. De betizing dy't dy relaasjes by him feroarsaken, besocht er gauris mei drank te smoaren, en utere him geregeldwei yn gewelddiedige buien.

Uteinlik mûne dat út yn in trageedzje. Achterberg hie yn 1934 it ûnderwiis farwol sein en in baan as lânboukrisisamtner krigen by de Crisis Vee Centrale, yn Utert. Dêr wenne er op keamers yn 'e Beamstrjitte 20-bis, en krige er, hoewol't er him op 'e nij ferloofd hie, in relaasje mei syn hospita, de fjirtichjierrige Roel van Es, wylst er him blykber ek seksueel oanlutsen fielde ta har sechstjinjierrige dochter Bep. Op 15 desimber 1937 skeat er, yn it trelit dat ûntstien wie nei't er him op syn keamer hast oan Bep fertaast hie, frou fan Es dea, wylst Bep ferwûne rekke. Achterberg joech himsels oan by de plysje en waard feroardiele ta tbs. Oant augustus 1943 ferbleau er yn ferskate psychiatryske ynstellings, wêrnei't in perioade fan resosjalisaasje folge, oant syn tbs úteinlik yn 1955 folslein opheft waard.

Literêr produsearre Achterberg yn dy tiid in stream oan nij wurk; tusken 1939 en 1953 publisearre er 22 ûnderskate dichtbondels. Dêrfan waard En Jezus Schreef in 't Zand, út 1947, yn 1949 bekroane mei de P.C. Hooft-priis. Foar Ballade van de Gasfitter, út 1953, krige er yn 1954 de Poëzijpriis fan de Gemeente Amsterdam, wylst er yn 1959 de Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre takend krige.

Yn 1946 troude Achterberg mei syn jeugdfreondinne Cathrien van Baak, fan wa't yn beheinde kring bekend wie dat se yn 'e Twadde Wrâldoarloch "fout" west hie: se hie lid west fan 'e NSB en hie de minneresse west fan in Dútske SS-er dy't yn Nederlân legere wie. Nei harren trouwen sette it pear him nei wenjen op 'e earste ferdjipping fan 'e filla Mariahoeve te Hoonte, yn Neede. De lêste jierren fan syn libben brochten Achterberg en de frou troch yn Leusden, dêr't er yn 1962 oan in hertoanfal ferstoar. Nei syn dea waarden syn persoanlike problemen en syn alkoholisme lange tiid troch syn djipdrôven mei de mantel fan 'e leafde tadutsen. Pas lettere publikaasjes brochten it wiere byld fan net inkeld de dichter, mar de man Achterberg oan it ljocht.

Hommage aan Gerrit Achterberg, in brûnzen byld troch Willem Berkhemer, te Noardwyk.

Achterberg yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate gedichten fan Gerrit Achterberg binne nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertalings fan fersen fan Achterberg, Rutger Kopland, Tom van Deel en Hans Faverey binne yn te sjen by Tresoar, al is út it lemma yn it digitaal argyf fan Tresoar net op te meitsjen oft se ea publesearre binne, of fan hokker jier oft se datearje (útsein de fermelding "20e eeuw").

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fersen fan Rutger Kopland; Tom van Deel; Hans Antonius Faverey; en Gerrit Achterberg mei oersettings fan Klaas Bruinsma, "20e eeuw", Tresoar, oanfraachnû. 099.212.1.5.