Springe nei ynhâld

De Rie

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 okt 2020 om 07.52 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Rie of De Ried is in âlde slinke fan Berltsum nei Doanjum en fan Getswertersyl nei Roptasyl. It stie eartiids yn ferbining mei de Noardsee. Letter is it fergroeven ta streamkanaal. It wetter leit yn de gemeente De Waadhoeke. Oan de Rie leit it doarp Rie. De Rie is in stik fan de Alvestêdetocht-rûte, simmerdeis is it opnommen yn de "Klaairûte"" foar boatsjeminsken.

In ried of red, tith en tsjintwurdich rie(t), riet, rij(t) is in namme dy't frij faak foar komt. Faak yn eigennammen, lykas: