Driezumer Ryd

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Driezumer Ryd rjochting noarden

De Driezumer Ryd is in wetter yn de gemeente Dantumadiel. De feart rint fan de Strobosser Trekfeart foarby de Driezumer Terp en komt op it Dokkumer Grutdjip.

In ried of red, rith en tsjintwurdich rie(t), riet, rij(t) is in namme dy't faker foar komt. It betsjut faak in lytser streamke, op in grutter wetter útrinnend.

De namme Driezumer Ryd jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Driesumer ried.

Earder hiet de feart de Driezumer Sylried om't it doe útkaam op de Driezumer Syl. Fan Driesum wie it oer de Driezumer Feart en de Driezumer Mar de ferbining mei Dokkum en de Lauwerssee.