Keninklike Australyske Loftmacht
De Keninklike Australyske Loftmacht, Royal Australian Air Force (RAAF) is de is de loftmachttakke fan de Australian Defence Force. De RAAF begûn yn maart 1914 as Australian Flying Corps en waard in ûnôfhinklike loftmacht yn maart 1921. De RAAF hat meidien oan in protte grutte konflikten fan de 20e iuw, lykas de Earste- en Twadde Wrâldoarloch, de Koreaanske Oarloch en de Fjetnamoarloch. Koarter lyn die de RAAF mei oan de ynvaazje fan Irak yn 2003. It biedwurd op it wapen fan de RAAF is de Latynske spreuk Per Ardua ad Astra, wat betsjut 'Troch tsjinslach nei de stjerren', en is itselde as dy fan de Royal Air Force.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Australyske militêre flecht waard makke yn in loftballon op 7 of 8 jannewaris 1901 by de Sydney Agricultural Showground.[1] Om 1910 hinne krige it fleantúch mear omtinken fan de militêren. Op 22 oktober 1912 waard foar fêst besletten om in Flying Corps yn Austraalje op te rjochtsjen.[1] By Point Cook yn Fiktoaria waard in fleanskoalle oprjochte en op 17 augustus 1914 sette de earste lichting fan fjouwer kandidaten út ein mei de oplieding.[1]
Earste Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koart nei it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch yn 1914 stjoerde it Australian Flying Corps fleantugen nei it Nij-Guinea fan no om dêr te helpen mei it feroverjen fan de Dútske koloanjen, mar die joegen al belies foar't de fleantugen útpakt wiene.[2] De earste operasjonele flechten wiene earst 27 maaie 1915, doe't de Mesopotamian Half Flight oproppen waard foar it helpen fan de British Indian Army by it ferdigenjen fan de Britske oaljebelangen yn it Irak fan no. It Korps wie letter noch warber yn Egypte, Palestina en oan it Westerske Front sa lang't de oarloch duorre. Oan de ein fan de oarloch hiene fjouwer squadrons aktyf tsjinne.
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1939, krekt nei it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch, gong Austraalje meidwaan mei de Empire Air Training Scheme. De bemanningen krigen in basistraining yn Austraalje foar't se nei Kanada giene foar spesjalistyske trening. Totaal 19 RAAF bommesmiter-, jager-, ferkennings- en oare squadrons yn Grut-Brittanje tsjinnen by de Desert Air Force, yn Noard-Afrika en yn it Middellânske Seegebiet.
Meidat de Britske fabriken bombardearre waarden troch de Luftwaffe, kreëarre it Australysk regear it Department of Aircraft production (DAP) om de loftmachten fan de Commonwealth fan fleantugen te foarsjen. Ek de RAAF waard útrist mei lokaal makke ferzjes fan Britske ûntwerpen, lykas de DAP Beaufort torpedobommesmiter.
Yn Jeropa tsjinne it RAAF personiel fral yn it RAF Bomber Command. Sy fertsjintwurdigen 2 prosint fan al it RAAF personiel yn de oarloch, mar tekenen wol foar 23 prosint fan alle ferliezen. No. 460 Squadron RAAF, dat fral mei Avro Lancasters fleach, bestie út likernôch 200 man loftpersoneel, mar fan dyselde ienheid ferlearen 1.018 man it libben. Dat it squadron waard fiif kear weifage.
Oan it begjin fan de oarloch yn it Pasifysk gebiet - en it fluch oprukken fan de Japanske troepen - waard it fêste lân fan Austraalje foar it earst bedrige. De RAAF wie noch net berekkene op de needsitewaasje en hiet yn 't earstoan in troepemacht dy't gjin namme hawwe mocht en dy't net taret wie om ynset de wurden yn de Pasifyk. It ferneatigjende bombardemint fan Darwin op 14 febrewaris 1942 makke dat wol dúdlik. In tal RAAF squadrons waarden dêrom fan it noardlik healrûn weromhelle. Tekoarten oan jagers en grûnoanfalsfleantugen laten ta de oankeap fan yn de Feriene Steaten boude Curtiss P-40 Kittyhawks en it fluch op priemmen setten en produsearjen fan de earste Australyske jager, de CAC Boomerang. RAAF Kittyhawks spilen in wichtige rol yn de kampanjes yn Nij-Guinea, de Salomonseilannen en fral yn operaasjes as de Slach om Milne Bay.
By de Slach om de Bismarck See die bliken dat de ymportearre Bristol Beaufighters bêste grûnoanfalstastellen wiene, ek tsjin skippen. Letter waarden der ek Beaufighters boud yn Australië troch de DAP. Hoewol't dat tastel folle grutter wie as de Japanske jagers, koe de Beaufighter se pakke op faasje.
De ienheid mei swiere bommesiters hie 287 B-24 Liberators, dy't Japanske doelen reitsje koene, Borneo en de Filipinen fan fleanfjilden yn Australië en Nij-Guinea ôf.
Tsjin de ein fan 1945 hie de RAAF 500 P-51 Mustangs besteld of krigen. De Commonwealth Aircraft Corporation assemblearre earst allinne Mustangs út Amearika, mar boude letter de measte fan de brûkte tastellen. De wichtichste operasjonele formaasje fan de RAAF wie de First Tactical Air Force, mei goed 18.000 man personiel en 20 squadrons. Dy hat meidien yn kampanjes yn de Filipinen en op Borneo en soe meidwaan oan de ynvaazje fan Japan, Operaasje Downfall. Dat gou ek foar de RAAF bommesmitersquadrons, mar safier kaam it net meidat de oarloch ynienen einige troch it ynsetten fan atoomwapens troch de FS. As gefolch fan de Empire Air Training Scheme hawwe sa'n 20.000 Austraaljers tsjinnen yn oare Commonwealth loftmachten yn Jeropa ûnder WO II. Totaal hawwe 216.900 manlju en froulju yn de RAAF tsjinne, wêrfan't der 11.061 sneuvelen.
Nei de Oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren 40 waard ûnder behear fan de Australyske loftmacht de Woomera Prohibited Area ynsteld yn Súd-Austraalje. Dêr wurde ûnder mear raketten en munysje teste troch it leger. In de jierren 50 en 60 waarden dêr ek kearnproeven troch it Britske Leger holden.
By de Berlynske loftbrêge fleagen Australyske piloaten mei Britske tastellen op Berlyn. Op 25 augustus 1948 ferfearen de earste piloaten mei in Quantas Airways-fleantúch nei Ingelân.[3] Sy krigen earst ekstra trening yn it fleanen op ynstruminten út reden fan minne waaromstannichheden boppe West-Jeropa en ynstruksjes oer it fleanen mei koarte tuskentiden en lytse ôfstannen tusken de fleantugen op de tige drokke rûte fan en nei Berlyn. Oant de lêste flecht op 16 augustus 1949 ta makken RAAF piloaten 2.062 flechten en ferfierden se hast 8.000 ton fracht en 6.964 passazjiers.[3]
Under de Koreaanske Oarloch hearden de Mustangs fan No. 77 Squadron, stasjonearre yn Japan mei de British Commonwealth Occupation Force, by de earste fleantugen fan de Feriene Naasjes dy't de striid oangiene. Doe't de FN-tastellen konfrontearre waarden mei MiG-15 strieljagers, krige 77 Sqn Ingelske Gloster Meteors, dy't út en troch wol súkses hien tsjin de Sovjet piloaten dy't foar Noard-Korea fleagen. Dochs wiene de MiGs superieur en waarden de Meteors fral ynset as jachtbommesmiter foar grûnstipe.
Yn de Fjetnamkriich die de RAAF mei de Caribou STOL transporttastellen (No. 35 Squadron), UH-1 Iroquois helikopters (No. 9 Squadron) en English Electric Canberra-bommesmiters (No. 2 Squadron) mei. De Canberra's fierden mannich missy út, twa giene ferlern, mar de beide piloaten waarden rêden. De transporttastellen stipen ek de anti-kommunistyske grûntroepen. De UH-1 helikopters waarden foar tal fan taken brûkt, ûnder oare foar evakuaasjes en as gunship.
Militêre transporten waarden útfierd yn ferskate gefallen yn de ôfrûne desinniums, lykas by de fredesmissys yn East-Timor yn 1999. Dêrnei waarden Australyske gefjochtfleantugen net mear ynset oant de Irakoarloch fan 2003; doe hiene F/A-18s fan No. 75 Squadron eskort- en grûnoanfalstaken.
Loftmachtbases
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardlik Territoarium
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- RAAF Darwin op de Ynternasjonale Lofthaven fan Darwin
- Bell 260
- RAAF Tindal by Tindal
- F/A-18
- Alice Springs op de sivile lofthaven by Alice Springs
- Reservebasis
Queenslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- RAAF Scherger by Weipa
- Lege basis
- RAAF Townsville by Townsville
- DHC-4
- RAAF Amberley by Ipswich
- F-111
C-17, DHC-4
Nij-Súd-Wales
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lofthaven fan Tamworth
- Fleanskoalle: CT-4B, CAP-10
- RAAF Williamtown by Newcastle
- Boeing 737
Hawk, F/A-18
PC-9 - RAAF Richmond by Richmond
- Boeing 737, C-130
- RAAF Wagga by Wagga Wagga
- Technyske skoalle
- RAAF Glenbrook by Glenbrook
- Haadkertier
Haadstedelik Territoarium
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynternasjonale Lofthaven fan Canberra ûnder Fairbairn
- Boeing 737, CL-604
Fiktoaria
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- RAAF East Sale ûnder East Sale
- Beachcraft 350, PC-9
- RAAF Williams (Point Cook en Laverton) ûnder Melbourne
- Reservebasis, loftmachtmuseum
Súd-Australië
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- RAAF Edinburgh by Adelaide
- AP-3C, PC-9
P-3C
F/A-18 - RAAF Woomera by Woomera yn de Woomera Prohibited Area
- Wapentesten
West-Australië
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- RAAF Pearce by Bullsbrook
- Hawk, PC-9
- RAAF Learmonth by Exmouth
- Lege basis
- RAAF Curtin by Derby
- Lege basis
- RAAF Gingin by Gingin
- Fleanfjild alinne ornearre foar oplieding.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) The Brotherhood of Airman, The man and woman of the RAAF in Action, 1914-today; auteur Davd Wilson; útjouwer: Allen & Unwin, 2005, ISBN 1 74114 333 0
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Royal Australian Air Force fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |