Mienebest fan Naasjes

Ut Wikipedy
Tsjintwurdige (blau) en eardere (giel) lidsteaten fan it Britske Mienebest

Mienebest fan Naasjes ek wol Britske Mienebest (Commonwealth of Nations) neamd, omfiemet it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân mei harren ôfhinklike gebieten (û.m. protektoraten) en in oantal selsstannige steaten dy't foarhinne in koloniale of oare ôfhinklike relaasje mei Grut-Brittanje hienen en letter ûnôfhinklik wurden binne, mar út eigen wil keazen hawwe om de Mienbestbân mei it eardere memmelân te handhavenjen.

It Mienebest telt goed 30 lidsteaten, hjirta hearre û.m. Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Yndia, Gana, Nigeria, Syprus, Tanzania, Banglades, Kenia en Guyana. Elts lid hat it rjocht ten alle tiden út te treden. Mienskiplike gesachtsorganisaasjes hat it Mienebest net, wol komme de regearingslieders geregeldwei byinoar.

Yn 1931 kaam it Mienebest ta stân. Harren wichtichste en praktyske betsjutting ûnlient it oan de preferentiële ynfierrjochten dy't de leden inoar takenne. Fieders bestiet der op it mêd fan ekonomy, technyk en wittenskip gearwurking.