Wapen fan Boarnsterhim
It Gemeentewapen fan Boarnsterhim waard fêststeld op 10 augustus 1984 en omskreaun as
Dield fan keel en sinopel, oer alles hinne 2 skeankruse kaaien, de burden omheech en takeard, beselskippe boppe fan in klaverblêd en ûnder fan in wassenaar, alles fan goud. It skyld dekt mei in gouden kroan fan 3 blêden en 2x3 pearels.
It wapen is gearstald út eleminten fan de wapens fan Raerderhim (kaaien), Utingeradiel (klaverblêd) en Idaarderadiel (wassenaar).
De fjildkleuren keel en sinopel binne ôflaat fan de haadkleuren fan de wapens fan Eastergoa en Sânwâlden, de twa âlde goaen dêr't de gemeente yn lei.
Fan de neisteande doarpen yn dizze gemeente binne de wapens bekend : Eagum, Akkrum, Dearsum, Friens, Grou, Idaard, Jirnsum, Nes (Boarnsterhim), Aldeboarn, Poppenwier, Raerd, Reduzum, Sibrandabuorren, Terherne, Tersoal, Wergea, Warstiens en Warten.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|