Timpeliers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De flagge fan de Timpeliers.

De oarder fan de earme ridders fan Kristus en de timpel fan Salomo, better bekend as de Timpeliers of Timpelridders, wie in Midsieuske geastlike ridderoarder dy't by in krústocht stifte is om pylgers yn it Hillige Lân te beskermjen. De namme Timpeliers is ôflaat fan de Timpel fan Salomo, dêr't no de Al-Aqsa-moskee op de Timpelberch stiet. Ien fan de doarren dy’t der no noch altyd yn sit hat fan de oarder west en is jûn troch kening Baldwyn fan Jerusalim. De oarder gie troch mei bestean ek nei de ein fan de hearskippij yn Jeruzalim.

De oarder wie net allinnich in ridderlike oarder mar ek in soarte kleaster. De leden fan de oarder wienen tagelyk ridder en muonts. Se waarden dan ek wol de soldaten fan Jezus neamd, yn it Latyn Milites Christi. De geastlike regels binne ûntliend oan Bernardus fan Clairvauc en dy regels binne oanfold mei militêre regels.

It skyld fan de Timpeliers hat in swarte râne mei in read krús op in wite eftergrûn. In symboal wat betsjut dat se de eed fan earmoede ôflein hawwe. De militêre oarder is lykwols ryk en in machtige organisaasje, se wie ûnôfhinklik fan 'e tsjerke en fan keningen. Dat soarge foar jaloerskens en oergeunst by ferskate Jeropeeske hearskers. Hja lieten de oarder ûntbine en in soad ridders binne op de brânsteapel bedarre. De oarder bestie dêrnei yn Portegal fierder as de Oarder fan Jezus Kristus. De Portugeeske kening Hindrik de Seefarder, brûkte sawat hûndert jier letter jild fan de Portugeeske oarder foar it finansieren fan ûntdekkingsreizen.

Stifting en machtsútwreiding[bewurkje seksje | edit source]

De oarder fan de Timpeliers waard yn it jier 1118 of 1119 stifte, troch acht Frânske ridders ûnder lieding fan Hugo de Payens en Geoffroy de Sanin-Omer. Dit dienen sy om de Kristlike pylgers yn it hillige lân tsjin ûnleauwigen of rôvers te beskermjen. De oarder waard stipe troch de patriarch fan Jeruzalim en kening Boudewyn I. Se krigen in paleis dat boud wie op terrein dat fan de Timpel fan Salomon west hawwe soe. Dit waard harren haadkertier. De oarder waard yn it jier 1128 op de synoade fan Troyes erkend. Sy krigen doe de regels en de wite klean fan de Bernardinen út de hannen fan Bernard fan Clairvaux. Paus Eugenius III die der yn 1146 it reade krús by. De ridders fan de oarder wienen meastal eallju, wylst de adjudanten en oar personiel út de boargerij kamen. Ek leden fan de Jeropeeske klerus sleaten har oan by de oarder as geastlike.

De Timpeliers hienen wapens sûnder fersierings. De hollen fan de Timpeliers wienen gewoanlik keal mei in koart burdsje. De grutmaster en de ofsieren fan de oarder foarmen in soarte regear. Mar wichtige besluten waarden allinnich naam troch de algemiene rie fan de ridders.

De oarder krige al gau in soad skinkings fan allegear ferskillende Kristlike keningen. Nei in heale ieu hie de oarder besittings yn Jeropa en Aazje. De ynkomsten út dy landerijen waarden bestege oan festings en oan de striidmacht dy’t de krúsfarderssteaten ferdigenje moasten. De Jeropeeske hearskers en eallju wienen bliid mei it wurk fan de oarder, want in grut diel fan de finansjele lêsten foar de oarlochsfiering moasten se sels betelje.

Tsjin de twadde helte fan de 12e ieu wurde Timpeliers ek in Jeropeesk bankbedriuw en hat in skatkeamer yn alle grutte Jeropeeske stêden. Troch de hiërargyske organisaasje en in militêre slachkrêft binne de Timpeliers ek tige geskikt om te fjochtsjen tsjin de moslims. Troch it grutte oantal soldaten en hege kwaliteit fan de harren oplieding fûnen de Jeropeeske hearskers de Timperliers stadichoan lykwols ek in bedriging. De Timpeliers wienen sterk genôch om polityk ûnôfhinklik te wêzen en sy soenen sels optrede kinne tsjin in Jeropeesk keninkryk.

De ein fan de oarder[bewurkje seksje | edit source]

Mei it ferlies fan alle Jeropeeske gebieten yn it Hillige Lân oan 'e ein fan de 13e ieu tocht Paus Klemens V yn 1305 der oer nei om alle besteande ridderoarders te ferienigjen, dit om sadwaande in nije krústocht tsjin de moslems te begjinnen. Mar de oarders hienen gjin belang by in nije oarloch. De Timpeliers wienen rike en grutske minsken. Mar der gienen ek praatsjes rûn dat it harren skuld wie dat de lêste festing yn it Hillige Lân, de stêd Akko, ferlern gie, omdat se net fjochtsje woenen.


De Timpeliers krigen sa stadichoan mear fijannen. De grutste fijân wie de Frânske kening Filips IV. Hy woe al jierren ôf fan de Timpeliers. Hy liet der sels twa Pauzen om fermoardzje. Sa koe er in fertrouweling op de Pauslike troan komme litte, Paus Klemens V. Op freed 13 oktober 1307 stoarmen soldaten fan Filips de huzen en kastielen yn fan de Frânske Timpeliers; sy nammen de ridders finzen. Ditselde barde ek yn oare lannen, mar nearne sa fûl as yn Frankryk. De oarder waard fan alderhanne soarten misdieden beskuldige lykas tsjoenderij, ferrie mei de moslims, de oanbidding fan frjemde goaden, skeining fan Kristlike symboalen en homoseksuele relaasjes. Troch middel fan martling hienen in oantal Timpeliers in Frankryk harren sels skuldich ferklearre, wylst Timpeliers yn Itaalje, Ingelân en Dútslân dêr't gjin martelings plakfûnen, harsels ûnskuldich ferklearren oan alle misdieden.

De Paus hat it marteljen fan de Timpeliers yn Frankryk keare wold, mar dit slagge net. Op befel fan Kening Filips binne 54 Timpeliers op 12 maaie 1310 ferbaarnd. Under grutte druk fan Kening Filips moast de paus de oarder ûntbine. Filips hat him alle lân fan de Timpeliers yn Frankryk taeigene. Yn oare lannen binne in soad leden en besittingen opnaam troch de Hospitaalridders.

De lêste grutmaster fan de oarder, Jacques de Molay, is op 19 maart 1313 op befel fan de Frânske kening en sûnder gerjochtlik ûndersyk libben ferbaarnd.

Yn it geheim troch[bewurkje seksje | edit source]

De segel fan de oarder.

Yn rûnten fan leafhawwers fan mystearjes giet it ferhaal dat de oarder noch ieuwenlang yn it geheim bestean bleaun is. Yn sommige boeken kin men lêze dat der noch yn dizze ieu in grutmaster fan de Timpeliers yn funksje west hat. Ek soenen der grutte skatten wêze dy’t troch Timpeliers ferstoppe binne, bygelyks yn Rennes-le-Chateau. Foar dizze ferhalen binne lykwols gjin ôfdwaande bewizen.

List fan grutmasters[bewurkje seksje | edit source]

  1. Hugo fan Payens (1120-1136)
  2. Robert de Craon (1137-1149)
  3. Evrard des Barres (1150-1152)
  4. Bernard de Tremelay (1152-1153)
  5. André de Montbard (1153-1156)
  6. Bertrand de Blanchefort (1156-1169)
  7. Philippe fan Nablus (1169-1170)
  8. Odo van St Amand-les Eaux (1170-1179)
  9. Arnoud fan Torroja (1179-1184)
  10. Geraard de Ruddervoorde (1184-1189)
  11. Robert de Sablé (1191-1193)
  12. Gilbert Erail (1194-1200)
  13. Phillipe de Plessis (1201-1209)
  14. Willem fan Chartres (1210-1219)
  15. Peter de Montaigu (1219-1232)
  16. Armand de Périgord (1232-1244)
  17. Richard de Bures (1244-1247)
  18. Willem fan Sonnac (1247-1250)
  19. Reinoud de Vichiers (1250-1256)
  20. Thomas Bérard (1256-1273)
  21. Willem fan Beaujeu (1273-1291)
  22. Thibaud Gaudin (1291-1293)
  23. Jacques de Molay (1292-1314)

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Hosten, Jan: Tempeliers, De Tempelorde tijdens de kruistochten en in de Lage Landen, Amsterdam, Pearson Education, 2006, ISBN 90-430-1061-8
  • Krück von Poturzyn, M.J.: Het proces tegen de tempelridders; een bericht over de vernietiging van de orde. Zeist, Christofoor, 1983.
  • Veen, Koert ter: De Tempeliers; afrekening met een legende. Soesterberg, Aspekt,, 2000; ISBN 90-75323-89-1

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]