Bernardinen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De stifters fan Cîteaux: Robert fan Molesme, Sint Alberik, en Stefan Harding

De Bernardinen, Sistersjenzers of Skiere Mûntsen wienen in kleasteroarder: de Saint ordre de Cîteaux (Frânsk, Hillige oarder fan Citeaux).

De oarder fan de Bernardinen is yn 1098 stifte troch Robert fan Molesmae yn het Frânske plak Cîteaux. Robert wie it net iens mei de wize fan libben fan de Benediktinen yn Frankryk fan dy tiid, en woe in oarder stifte dy libbe sa't Benedictus dat wold hie.

Fan 1125 ôf waard Bernardus fan Fontaines, abt fan it dochterkleaster Clairvaux, de foaroprinnende man yn de kleasteroarder. Nei him, Sint Bernard, hiet de oarder yn guon talen (ek) de Bernardinen.

De muontsen sels hiene wite klean, mar harren konversen wienen skier klaaid. Om't de konversen folle mear kontakt mei bûtensteanders hienen as de mûntsen krige de oarder sa ek de namme fan Skiere Mûntsen. Yn de partijtiid waard sa de partij yn Fryslân dy anneks wie mei de Bernardinen de "Skieringers".

Kleasters [bewurkje seksje]

Troch de oarder waard yn Fryslân yn 1165 fan Clairvaux en Riddagshausen út it Kleaster Klaarkamp stifte.