Tsjoenderij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjoenderij ôfbylde op in skilderij fan John William Waterhouse

Tsjoenderij is it brûken fan alderhanne boppenatuerlike of magyske krêften troch in tsjoenster. It begryp wurdt tsjintwurdich ek wol oantsjut mei wikka of sjamanisme en kin it bêst omskreaun wurde as in besykjen om wat foarfalle kin yn de wrâld te beynfloedzjen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It leauwen yn tsjoenderij en it útfieren fan ferskate magyske rituelen wie yn it ferline rûnom bekend. Sawol by de âlde Egyptners as yn Babyloanje waard troch preesters oan tsjoenderij dien. En ek yn it iere heidenske leauwen fan de Germanen hie it in grutte betsjutting.

Mei de opkomst fan it kristendom waard yn Jeropa troch de Tsjerke de tsjoenderij strafber steld, omdat it yn de bibel ferbean wurdt. Yn de Midsieuwen waarden troch de Ynkwisysje de meidoggers oan tsjoenderij ferfolge en bedarren ferskate froulike en manlike tsjoenders op de brânsteapel.

Magyske hannelingen[bewurkje seksje | edit source]

Ofhinklik fan de tsjoender kin in soad hannelingen dien wurde, bygelyks it dwaan fan:


It doel fan de tsjoenderij kin ferskillend wêze. It giet fan it better meitsjen fan siken oant it (op magyske wize) tabringen fan skea oan oaren.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Eksterne keppelings[bewurkje seksje | edit source]