Tarzan

Ut Wikipedy
Tarzan
De earste ferskining fan Tarzan, yn it oktobernûmer fan The All-Story fan 1912.
De earste ferskining fan Tarzan, yn it oktobernûmer fan The All-Story fan 1912.
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) John Clayton II,
   boarchgreve Greystoke
John Clayton III, greve fan
   Greystoke
sekse man
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Britsk
berop/amt gjint
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Jane Porter
attributen muldoek, holbân
geastlike heit Edgar Rice Burroughs
útjouwer The All-Story (fúljeton)
A.C. McClurg (boekfoarm)
ûntstean 1912
Dizze side giet oer it fiktive personaazje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Tarzan (betsjuttingsside).

Tarzan (Ingelske útspr.: [ˈtʰɑɹzɛːn], likernôch "t-har-zên") is in fiktyf personaazje dat betocht waard troch de Amerikaanske skriuwer Edgar Rice Burroughs. It is in foam fan it archetypyske wylde bern, dat troch gorilla's yn it oerwâld fan Afrika grutbrocht wurdt. Letter komt er mei de Westerske beskaving yn oanrekking, mar wiist dy ôf en keart werom nei de wyldernis as in heldhaftige aventoersman. Tarzan ferskynde foar it earst yn 'e roman Tarzan of the Apes, dy't yn 1912 foar it earst yn fúljetonfoarm publisearre waard yn it pulpblêd The All-Story. Hy waard hiel gau tige populêr en groeide út ta in kultureel ikoan fan deselde statuer as Robin Hood of James Bond. Yn in protte wurken wurdt Tarzan beselskippe troch syn grutte leafde Jane Porter. Burroughs wijde in romansearje fan 26 dielen oan him. Ek waarden der mear as 40 films oer him makke en ferskynden der withoefolle oare media oer him, lykas tekenfilms, fideospultsjes, strips en in musical. Dêrby waard er noris foarsteld as in wolsprekkende en ferfynde hear (lykas yn 'e oarspronklike boeken), dan wer as in nommele wylde mei beheinde feardichheden op it mêd fan taal (lykas yn 'e films mei Johnny Weissmüller yn 'e titelrol).

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tarzan is de namme dy't de Mangani-apen, in soarte fan fiktive, yntelliginte gorilla's, oan it personaazje joegen. Syn geastlike heit Edgar Rice Burroughs naam ferskate oare optochte nammen foar syn personaazje yn omtinken, lykas "Zantar" en "Tublat Zan", ear't er besleat om him "Tarzan" te neamen. Hoewol't de auteursrjochten op 'e measte Tarzan-romans ferrûn binne, wat betsjut dat dy har yn it publyk domein befine, is de namme 'Tarzan' in registrearre trademark fan Edgar Rice Burroughs, Inc., it troch Burroughs sels oprjochte bedriuw dat no de belangen fan syn erven behertiget.

De omslach fan 'e earste Tarzan-roman, Tarzan of the Apes (1914).

Fan berte soe Tarzan, neffens Burroughs syn roman Tarzan, Lord of the Jungle út 1928, John Clayton II, boarchgreve Greystoke hjitten hawwe. Lettere, minder kanonike boarnen (yn 't bysûnder de films Greystoke: The Legend of Tarzan, út 1984, en The Legend of Tarzan, út 2016) wolle ynstee hawwe dat er John Clayton III, greve fan Greystoke wie, wylst John Clayton II dan de namme is dy't oan syn heit jûn wurdt. Yn Burroughs syn Tarzan of the Apes bringt de ferteller trouwens op 't aljemint dat sawol 'John Clayton' as 'Greystoke' optochte, fiktive nammen binne, bedoeld om 'e wiere identiteit fan Tarzan, yn 'e fiktive wrâld dy't er bewennet, te beskermjen.

Libbensbeskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tarzan is de soan fan Britske aadlike âldelju. Syn heit wie John Clayton, boarchgreve Greystoke (yn lettere, minder kanonike wurken: John Clayton II, greve fan Greystoke), en syn mem hiet Alice. Dyselden waarden oan lân set op 'e kust fan Afrika en dêr efterlitten troch de opstannige bemanning fan harren skip (yn lettere wurken wurdt ornaris 'gewoan' sprutsen fan in skipbrek). Tarzan waard dêr berne en koarte tiid letter kaam syn mem te ferstjerren oan in sykte. Syn heit waard deade troch Kerchak, de lieder fan 'e Mangani-apen, in stamme fan fiktive en yntelliginte minskapen. Neffens Burroughs gie it om in soarte aap dat ûnbekend wie foar de wittenskip. De Mangani-apen wurde beskreaun mei it uterlik fan gorilla's, mar it agressive hâlden en dragen fan sjimpansees. De lytse Tarzan, in poppe noch, waard nei de dea fan syn âlden adoptearre troch it Mangani-wyfke Kala.

As achttjinjierrich wyld bern moetet Tarzan foar it earst in blanke frou. It is de jonge Jane Porter, in Amerikaanse út Baltimore, dy't mei har heit en oare leden fan har ekspedysje strâne rekke is yn itselde diel fan Afrika as de âlden fan Tarzan tweintich jier earder. (Yn lettere boarnen is Jane ornaris de dochter fan in Amerikaanske sindeling.) As Jane weromgiet nei har heitelân, ferlit Tarzan it oerwâld om har te sykjen, mei't er yn har syn wiere leafde fûn hat. Yn 'e roman The Return of Tarzan trouwe se. Yn lettere boeken libje Tarzan en Jane in skoft op it lângoed Greystoke yn Ingelân. Se krije in soan, Jack, dy't de apenamme Korak (de Deader) oannimt. Tarzan hat inkeld minachting foar de skynhilligens dêr't neffens him de Westerske beskaving mei ôfmakke is. Dêrom keare hy, Jane en Jack úteinlik werom nei Afrika, dêr't se har nei wenjen sette op in lângoed dat de útfalsbasis wurdt foar al Tarzan syn lettere aventoeren.

In yllustraasje fan James Allen St. John foar de roman Tarzan and the Golden Lion, út 1923.

Uterlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edgar Rice Burroughs beskreau Tarzan as in elegante foarm fan 'e wyldeman. Hy is lang fan stal, atletysk fan postuer, knap, mei in troch de sinne brûnze hûd, grize eagen en lang swart hier. Hy draacht gjin klean útsein in fersliten muldoek om syn skamstreek te bedekken. Likemin draacht er skuon, mar giet altyd bleatsfoets.

Troch syn opfieding mank de apen fan it oerwâld hat Tarzan lichaamlike fermogens dêr't oare lju net oer beskikke. Sa is er in earsten draver, klimmer, springer en swimmer. Ek kin er sûnder swierrichheden tûken en lianen brûke om op wisse wize en mei grutte faasje fan beam nei beam te slingerjen. Fierders brûkt Tarzan syn fuotten foar putsjes dêr't oare minsken de hannen foar nedich binne. Syn krêft, linigens, úthâldingsfermogen en refleksen kinne net folle minsken belykje. Ta einbeslút is er ek in kundich spoarsiker, dy't net inkeld syn gesichtsfermogen, mar ek syn gehoar en skerpe rooksin ynset om proaien te folgjen of oan rôfdieren te ûntkommen.

Karakterisearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan karakter is Tarzan moedich, yntelligint en trou. Edgar Rice Burroughs stelt him foar as suver frij fan karakterflaters. Hy hâldt en draacht him yn hast alle sitewaasjes op etyske wize, útsein as er ûnder ynfloed fan fertriet op wraak út is. Dat bart as yn Tarzan of the Apes syn apemem Kala deade wurdt troch in jager, of as er yn Tarzan the Untamed yn 'e ferûnderstelling ferkeart dat Jane fermoarde is.

As er in sitewaasje tsjinkomt dêr't in swakkere persoan of groep bleat stiet oan útrûpeling troch in sterkere fijân, kiest Tarzan altyd partij foar de swakken. Yn 'e omgong mei manlju is er fatsoenlik en ôfhâldich, en lit er net oer him rinne. Yn it selskip fan manlike freonen hâldt en draacht er him freonlik en ûntspand, mar bliuwt er dochs altyd op in distânsje. Wat froulju oangiet, is Tarzan smoarfereale op Jane en folslein oan har tawijd. Yn withoefolle sitewaasjes meitsje tsjeppe froulju dúdlik dat se it wol mei him oanlizze wolle, mar eltse kear slacht Tarzan op hoaske, mar besliste wize harren oanbod ôf.

Yn 'e boeken fan Burroughs wurdt Tarzan ôfskildere as net inkeld tige yntelligint, mar ek as hiel wolsprekkend, op it erudite ôf. Hy kin mei withoefolle bistesoarten fan it oerwâld kommunisearje, mar leart ek hiel maklik nije minsklike talen oan. Yn it Ingelsk koed er lêze en skriuwe foar't er dy taal spriek. Dat komt om't er him troch de reisbibleteek fan syn heit, dy't er as opgroeiende jonge yn 'e hutte oantrof dy't syn âlden yn it oerwâld boud hiene, de betsjutting fan it skreaune Ingelsk oanleard hat. Hy heart de taal pas foar it earst sprutsen wurden as er de Frânske aventoersman Paul d'Arnot moetet, mei wa't er yn 't earstoan inkeld fia skreaun Ingelsk kommunisearje kin. Dyselde bringt him de begjinsels fan 'e minsklike spraak by.

Yn lettere wurken, benammen de films út 'e 1930-er jierren mei Johnny Weissmüller yn 'e titelrol, wurdt Tarzan, dêrfoaroer, ôfskildere as it archetype fan 'e nommele wylde, dy't mar oer beheinde taal- en spraakfeardichheden beskikt. It sitaat "Me Tarzan, you Jane" ("My Tarzan, do Jane") is wat dat oangiet wrâldferneamd wurden, hoewol't it eins apokryf is en yn gjin inkele film foarkomt.

Tarzan tilt in loaihoars boppe syn holle yn 'e stomme film The Adventures of Tarzan, út 1921.

Ferskinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tarzan ferskynde foar it earst yn 'e roman Tarzan of the Apes, dy't yn 1912 en 1913 as fúljeton publisearre waard yn it Amerikaanske pulpblêd The All-Story en yn 1914 yn boekfoarm útkaam.

Romansearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch Egar Rice Burroughs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare autorisearre romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmsearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tarzan-filmsearje, is in rige live action-films oer Tarzan dy't inkeld ûnderling ferbûn binne trochdat se deselde haadpersoan hawwe. Dêryn is dizze rige ferlykber mei bgl. de James Bond-filmsearje.

Live action-films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekenfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tillefyzjefilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Live action-searjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekenfilmsearjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harkspullen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fideospultsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strips[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ek gâns strips oer Tarzan makke. Sjoch foar in folsleine en byholden list op dizze side fan 'e Ingelske Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.