Rocco Siffredi

Ut Wikipedy
Rocco Siffredi
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Rocco Siffedi, Rocco Sifferdi,
Rocco Sifredi, Rocky Siffreddy,
Roco Siffredi, Rocco Lorenz,
Robbo Siffredi of Beverley,
Ginger Rocco, Dario
echte namme Rocco Antonio Tano
nasjonaliteit Italjaansk
berne 4 maaie 1964
berteplak Ortona (Itaalje)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Napolitaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoakteur,
regisseur, produsint
jierren aktyf 1987 & 19892004 & 2009 – no
offisjele webside
www.roccosiffredi.com

Rocco Siffredi, echte namme: Rocco Antonio Tano (Ortona, 4 maaie 1964), is in Italjaansk model, neakenmodel, pornografysk akteur, pornoregisseur, pornografyprodusint en mainstream-akteur, waans namme ek wol (mis)stavere wurdt as Rocco Siffedi, Rocco Sifferdi, Rocco Sifredi, Rocky Siffreddy en Roco Siffredi, en dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e skûlnammen Robbo Siffredi of Beverley, Rocco Lorenz, Ginger Rocco en Dario. Hy ûntliende syn artystenamme oan it personaazje Roch Siffredi, dat spile waard troch de akteur Alain Delon, yn 'e Frânske misdiefilm Borsalino (1970). Syn bynamme is The Italian Stallion (de "Italjaanske Dekhynst").

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Siffredi waard yn 1964 berne yn it Italjaanske Ortona, yn 'e regio Abrúzzen. Mei santjin jier joech er syn oplieding oan in technyske hegeskoalle deroan, en ferfear er nei de Frânske haadstêd Parys, dêr't er as ober yn it restaurant fan syn broer wurke. Hy rekke foar it earst by de pornoyndustry belutsen doe't er yn 1984 yn in Paryske seksklub Gabriel Pontello mette, de haadredakteur fan it pornoblêd Supersex Magazine. Dyselde brocht him yn 'e kunde mei de Frânske pornoprodusint Marc Dorcel en pornoregisseur Michel Ricaud, dy't Siffredi yn 1987 syn earste rol yn in pornografyske film joegen, yn Attention, Fillettes... ("Attinsje, famkes..."). Dêrnei seid er de pornoyndustry foarearst farwol, en wurke er twa jier as model.

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1989 kearde Siffredi mei help fan 'e Poalsk-Dútske pornoaktrise Teresa Orlowski werom yn 'e pornoyndustry. Neitiid spile er sawol yn pornofilms mei in plot (feature films) as út 'e losse hân wei filme, "spontane", reality-eftige produksjes (gonzo), wêryn't er seks bedreau dy't útinoar rûn fan gewoantsjes oant ekstreem. Fanwegen syn atletyske uterlik en syn grutte penis krige er al rillegau in grutte kliber fans. In grut diel fan dy fans bestie (en bestiet noch) út homo's, ek al hat Siffredi nea meiwurke oan homoseksuële pornografy. Wol posearre er yn desimber 1990 foar it neakenblêd Playgirl, dat him foar in grut part op it homoseksuële segmint fan 'e merk rjochtet.

Siffredi wurke jierrenlang gear mei de Amerikaanske akteur/regisseur/produsint John Stagliano, better bekend as "Buttman", de oprjochter fan Evil Angel, ien fan 'e grutste en ynfloedrykste pornostudio's fan 'e wrâld. Letter rjochte er syn eigen label Rocco Siffredi Produzioni op, wêrfan't it eigentlike produksjebedriuw yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest fêstige wie. Dêrfoar wied er net inkeld as akteur, mar fan 1993 ôf ek as regisseur wurksum. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Siffredi ein 2013 yn 552 pornofilms spile, wylst er der 273 regissearre hie. Syn skaaimerk wie dêrby de ekstremere films, mei anale en rûge seks (spuie, hierlûke, smoarseks, slaan, spanking, yrrumasio en anilingus). Gauris rint de seks yn syn films út op sado-masogisme of eroatyske fernederings, wêrby't de manlike akteur (yn 'e regel hysels) faker al as net dejinge is dy't dominearre of fernedere wurdt. Inkeldris hat er folslein de ûnderhearrige spile, yn films as Rocco More than Ever in London 2, Animal Trainer 11 en Marquis de Sade; yn dy lêste film ferskynde er sels as travestyt.

Rocco Siffredi en Stormy Daniels presintearje it AVN Awards-gala, yn 2010.

Troch himsels kwetsber op te stellen, kriget er syn tsjinspylsters fierder mei as wannear't er sels de dominante posysje ynnommen hie. De Amerikaanske aktrise Bobbi Starr sei dêroer: "Elts fanke yn 'e yndustry dat mei him wurke hat [...], sil sizze dat se mei him dingen dien hat, dy't se nea mei in oar dien hawwe soe." Ien fan Siffredi syn meast beruchte sênes wie dy mei Sidony Lamour, yn Sandy Insatiable, út 1995, wêrby't er har holle yn in trochspielende wc treau wylst er anale seks mei har bedreau. Yn Rocco Ravishes L.A., út 2009, helle Siffredi oantinkens op oer de produksje fan dy sêne, dy't neffens him sawol spontaan as mei ûnderling goedfinen plakfûn, wêrnei't er him nochris oerdie mei in optwingerige Bobbi Starr.

Njonken syn ferneamde gonzo-films is Siffredi ek bekend wurden mei de feature film út 1995 Tarzan X: Shame of Jane (oarspronklik titele Jungle Heat). Dêryn spile er de rol fan Tarzan njonken in Jane dy't fertolke waard troch syn frou Rosa Caracciolo, en liet er sjen dat er ek echt aktearje kin. Siffredi stiet fierders bekend om ferskate langjierrige gearwurkings, lykas syn rige fan teskroeiende sênes mei de Britske aktrise Kelly Stafford, syn globetrotterij en mienskiplike produksjes mei John Stagliano, en syn bân mei de Spaanske akteur Nacho Vidal, foar wa't er de mentor spile.

Yn juny 2004 kundige Siffredi oan dat er tenei allinne noch mar as regisseur en produsint wurkje soe. As reden dêrfoar joech er dat syn soannen grutter waarden, en no sa stadichoan gjin genoegen mear namen mei "Heit giet nei syn wurk ta," mar persiis witte woene hoe en wat. Kollega-regisseur Axel Braun sei oer Siffredi syn karriêre: "It probleem is dat er al jierren besiket om ien te finen dy't him "opfolgje" kin, mar dat is noch net sa maklik. Hy miende dat er dy opfolger fûn hie yn Nacho Vidal, mar doe socht Nacho syn eigen wei." Nei fiif jier fan frustraasje en teloarstelling oer de manlike akteurs dêr't er mei wurkje moast, makke Siffredi yn 2009, mei 45 jier, in comeback as pornoakteur.

Rocco Siffredi mei syn frou Rosa Caracciolo.

Mainstream-karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 spile Siffredi mei yn 'e kontroversjele Frânske mainstream-film Romance X, fan regisseur Catherine Breillat. Fjouwer jier letter, yn 2003, wurke er nochris mei oan ien fan har films, Anatomie de l'Enfer. Dêryn fertolke er in rol dy't Breillat spesjaal foar him skreaun hie, nammentlik dy fan in homoseksuële man dy't yn in heteroseksuële relaasje behelle rekket. Beide films omfetsje seksuële sênes dy't net simulearre binne, al wurdt fansels lang net alles sjen litten, mei't it gjin porno is. It is in striidkwestje oft Siffredi yn Romance X wiere mienskip hie mei syn tsjinspylster, maintstream-aktrise Caroline Ducey (sy seit fan nee, Sifredi seit fan ja).

Fierders is Siffredi ek ferskate kearen op 'e Italjaanske tillefyzje kommen yn net-pornografyske rollen. Sa hat er in reklamespotsje opnommen foar Amica Chips, in snack, wêroer't grutte kontroverse ûntstie. En mei syn frou Rosa Caracciolo ferskynde er yn in spotsje foar 48248, in sms-tsjinst. Fierders naam er sûnder erch diel oan in ôflevering fan it ferburgen-kameraprogramma Scherzi a Parte, wêryn't er it slachtoffer fan in grap waard.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1993 mette Siffredi yn it Frânske Cannes de Hongaarske pornoaktrise Rosa Caracciolo (echte namme: Rózsa Tassi), mei wa't er datselde jiers noch troude. Yn 1995 spile er mei har yn 'e film Tarzan X: Shame of Jane. Hja hawwe twa soannen, Lorenzo (1996) en Leonardo (1999). Om syn bern naam er yn 2004 it beslút om op te hâlden mei te wurkjen as pornoakteur. Doe't er dêr yn 2009 wer op 'e nij mei begûn, fertelde er: "Ik haw it der mei de frou oer hân, en sy seit dat it inkeld myn probleem is, it giet har en de jonges neat oan. En se sei: 'Do hast sels besletten om op te hâlden, dat ha wy nea fan dy frege. Dus ast wer begjinne wolst, doch dat dan.' "

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar syn optreden yn
1992 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Silver Forest) Buttman's European Vacation
wûn bêste groepsekssêne (fideo) (mei Silver Forest en Zara Whites) Buttman's European Vacation
1993 AVN Award wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
1994 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Francesca Le, Tiffany Million, Lacy Rose, Crystal Wilder en Jon Dough) New Wave Hookers III
XRCO Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (mei Crystal Wilder) New Wave Hookers III
1995 Hot d'Or wûn bêste nije regisseur n.f.t.
XRCO Award wûn bêste groepsekssêne (mei Stephanie Hart-Rogers, Janey Lamb en Joey Silvera) Buttman's British Moderately Bit Tit Adventure
1996 AVN Award wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn bêste m/f sekssêne (mei Careena Collins) Kink
1997 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Jenna Jameson) Jenna Loves Rocco
wûn bêste groepsekssêne (fideo) (mei Christi Lake, Ruby en John Stagliano) Bend Over Babes 4
wûn bêste anale sekssêne (fideo) (mei Danielle Louise Kelson en Laura Turner) Bend Over Babes 4
1999 AVN Award wûn bêste regisseur Rocco Never Dies,
Rocco Never Dies II
2000 AVN Award wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske publikaasje (mei Kelly Stafford, Alba Del Monte en Nacho Vidal) When Rocco Meats Kelly 2: In Barcelona
wûn bêste searje mei anale seks as tema de Rocco's True Anal Stories-rige
Hot d'Or wûn bêste Jeropeeske publikaasje yn 'e Feriene Steaten When Rocco Meats Kelly 2: In Barcelona
2001 AVN Award wûn bêste searje mei anale seks as tema de Rocco's True Anal Stories-rige
XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
2002 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Kelly Stafford) Way to Love
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
2003 AVN Award wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei 9 oaren) The Ass Collector
wûn bêste orale sekssêne (film) (mei Belladonna) The Fashionistas
wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Friday, Taylor St. Clair en Sharon Wild) The Fashionistas
wûn bêste anale sekssêne (film) (mei Kate Frost) The Fashionistas
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste regisseur (fideo) The Ass Collector
Venus Award wûn bêste akteur (Jeropa) n.f.t.
XRCO Award wûn bêste f/m sekssêne (mei Taylor St. Clair) The Fashionistas
wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Friday, Taylor St. Clair en Sharon Wild) The Fashionistas
wûn bêste akteur The Fashionistas
2005 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Jewel De'Nyle) Rocco: Animal Trainer 15
2006 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Monique Alexander) Lexie and Monique Love Rocco
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Monique Alexander, Mandy Bright, Vanessa Lane, Lexi Marie,
Steven St. Croix en Emmanuel Delcour)
Lexie and Monique Love Rocco
nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Angelica Costello) Who Fucked Rocco?
wûn bêste regisseur (bûtenlânske publikaasje) Who Fucked Rocco?
2007 AVN Award nominearre bêste keppeling yn in sekssêne (mei Janine Lindemulder) Emperor
nominearre bêste orale sekssêne (film) (mei Janine Lindemulder) Emperor
nominearre bêste groepsekssêne (film) (mei Cristina Bella, Veronica Carso, Black Diamond, Mya Diamond,
Leslie Taylor en Lauro Giotto)
Emperor
nominearre bêste anale sekssêne (film) (mei Tawny Roberts) Emperor
nominearre bêste akteur (film) Emperor
nominearre bêste akteur (fideo) Fashionistas Safado: The Challenge
wûn bêste groepsekssêne (mei 19 oaren, wêrûnder Belladonna, Melissa Lauren, Jenna Haze, Gianna Michaels,
Flower Tucci, Sandra Romain, Sasha Grey en Caroline Pierce)
Fashionistas Safado: The Challenge
XRCO Award nominearre bêste inkele optreden (akteur) Fashionistas Safado: The Challenge
nominearre bêste inkele optreden (akteur) Emperor
wûn bêste gearwurking op skerm (mei Jenna Haze en Gianna Michaels) Fashionistas Safado: The Challenge
2008 AVN Award nominearre bêste akteur (fideo) Fashionistas Safado: Berlin
wûn bêste triosekssêne f/f/m (mei Katsuni en Melissa Lauren) Fashionistas Safado: Berlin
wûn bêste groepsekssêne (fideo) (mei Annette Schwarz, Sintia Stone, Judith Fox en Vanessa Hill) Fashionistas Safado: Berlin
2009 AVN Award wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Kristina Rose) Rocco Ravishes L.A.
nominearre bêste groepsekssêne (mei Jamie Elle, Bobbi Starr en Toni Ribas) Rocco Ravishes L.A.
nominearre skandalichste sekssêne (mei Bobbi Starr, foar de sêne The Royal Flush) Rocco Ravishes L.A.
2011 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Tori Black) Tori, Tarra and Bobbi Love Rocco
nominearre bêste groepsekssêne (mei Carla Cox, Tarra White en Ian Scott) Tori, Tarra and Bobbi Love Rocco
nominearre skandalichste sekssêne (mei Shawna Lenee, Marie McCray, Natasha Nice en Christian Devil) Rocco's Bitch Party 2
nominearre skandalichste sekssêne (mei Kelly Divine en Tiffany Tyler) Rocco's Power Slave
nominearre skandalichste sekssêne (mei Andy San Dimas en Bobbi Starr) Tori, Tarra and Bobbi Love Rocco
nominearre bêste regisseur (non-feature) Tori, Tarra and Bobbi Love Rocco
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
Xbiz Award wûn bûtenlânske manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn gonzopublikaasje fan it jier (non-feature) Tori, Tarra and Bobbi Love Rocco
XRCO Award nominearre bêste comeback n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei 7 oaren, wêrûnder Tara Pink en Sandra Rodriguez) Rocco's Dirty Teens
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Jenny Hendrix en Alexis Texas) Rocco's American Adventures
nominearre skandalichste sekssêne (mei Allie Haze en Isis Taylor) Rocco's American Adventures
wûn bûtenlânske manlike artyst fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Bibi Noel en Mira) Aliz Loves Rocco
wûn bûtenlânske manlike artyst fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Blanche Bradburry en Samia Duarte) Rocco's Perfect Slaves
nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Abbie Cat en Lyen Parker) XXX Fucktory
wûn bûtenlânske manlike artyst fan it jier n.f.t.
Xbiz Award wûn Jeropeesk non-feature-publikaasje fan it jier Cayenne Loves Rocco
2015 AVN Award wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Henessy en Samantha Bentley) Perfect Slaves 2

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.