Reinder Homan
Reinder Homan (Smilde, 12 desimber 1950) is in byldzjend keunstner út Bakhuzen. As skoaljonge wist er eins neat fan keunst ôf mar krige letter syn oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins en de Jan van Eyckakademy yn Maastricht. Hy hat him talein op it meitsjen fan etsen fan sink en koper.
Underwerpen fynt er meast yn de Fryske natoer lykas houtwâlen yn De Wâlden en it Grinslanner Westerkertier. Mar ek reiden oan de Iselmar en de bosken fan Gaasterlân leit er fêst mei tige fine lyntsjes, bytiden stipe troch sêftgrize akwatinten. Der sprekt ferstilling út syn wurk, lykas in allinne steande beam yn it lânskip. Hy wurdt wol ta de Noardlike realisten rekkene.
Yn 1975 krige hy de Drompelpriis fan de gemeente Grins. Yn 1989 makke er in stúdzjereis troch de Feriene Steaten. Hy krige hjirfoar in beurs fan de Amerikaanske Ambassade en it Fund for Artists’ Colonies.. Yn 1990 krige Homan de earste priis by de 4e Biënnale fan de Nederlânske Grafyske keunst yn it Singer Museum te Laren.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurken fan Reinder Homan binne opnomd yn de kolleksjes fan: De Earste Keamer yn De Haach, it Gasunygebou in Grins, it Drintsk Museum yn Assen, it Frysk Museum yn Ljouwert, Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam, de Katolike Universiteit fan Nymwegen, de Iepen Universiteit yn Heerlen, de NAM yn Assen en the Hunt Institute for Botanical Documentation yn Pittsburgh Feriene Steaten.
Tentoanstellingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reinder Homan die faker mei oan de ûnôfhinklike realisten tentoanstellingen yn Museum Møhlmann yn Venhuizen. Dêrneist eksposearre hy wurk yn ûnder oare it Singer Museum yn Laren, it Frysk Museum yn Ljouwert, Museum de Buitenplaats yn Eelde, Museum Smellingerlân yn Drachten, it Drintsk Museum yn Assen, it Steedlik Museum Schiedam, it Landesmuseum yn Aldenboarch (Dútslân) en op ferskate plakken yn de Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Frankryk en Taiwan.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mijn vader, Reinder Homan, de etser, Sara Homan (2009). Van Gorcum. ISBN 9789023245179
- Reinder Homan etsen naar de natuur (1999). Van Soeren en Co. (útferkocht).
- Reinder Homan, Etsen (1984). Van Soeren en Co. (útferkocht).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|