Drintsk Museum
It Drintsk Museum leit yn it sintrum fan Assen yn Drinte en sit yn it eardere provinsjehûs fan Drinte út 1885.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Kolleksje
It museum hat in grutte fêste kolleksje oer de prehistoarje fan de provinsje Drinte. Der binne ek feanliken te besjen, sa as it Famke fan Yde en it Spantsje fan Weardinge. Der binne fynsten út de trachterbekerkultuer te finen en ek de âldste boat fan'e wrâld, de Kano fan Pesse.
It museum hat ek in fêste samling figurative keunst, benammen fan de Noardlike Realisten, mei fertsjintwurdigers fan de fjirde generatie fan 'De Groep' (wurk fan ûnder oaren Henk Helmantel, Matthijs Röling, Sam Drukker, Douwe Elias, Barend Blankert, Alfred Hafkenscheid, Eddy Roos en Berend Groen). It giet om hûnderten wurken en foarmet ien fan wichtichste kolleksjes op dit mêd yn Nederlân. Dan is der de samling Nederlânske keunst- en keunstnijverheid 1885 - 1935 mei wurk fan û.o. Chris Lebeau, Vincent van Gogh, Jan Eisenloeffel, Jan Toorop en Jan Sluijters. Yn de spesjaal ynrjochte stylkeamers yn it Untfangershûs is te sjen hoe't begoedige Drintske famyljes yn earder ieuwen libbe hawwe. De tún oan de efterkant fan it museum hat in brûnzen byld fan Bartje.
[bewurkje seksje] Uitwreiding en ferbouwing
Op 6 novimber 2007 makke deputearre Tanja Klip-Martin bekend dat it muzeum útwreide wurde sil neffens in ûntwerp fan arsjitekt Erick van Egeraat. Kosten wurde op 18 miljoen rûsd. It moat yn 2011 klear wêze.[1] Fan simmer 2010 oant en mei simmer 2011 sil it museum sletten wêze.
Op in yndustryterrein yn Assen komt it nije depot fan it Drintsk Museum. Begjin 2010 hat it museum in modern depot foar sa'n 90.000 objekten en keunstwurken ta har foldwaan.
[bewurkje seksje] Iepening 2011
Yn it lêst fan 2011 sil it Drinsk Museum iepene wurde mei in útstalling oer de Tang-dynasty, de gouden ieu fan Sina.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |