Henk Helmantel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Henk Helmantel
Skilderij fan Henk Helmantel út de samling fan de ING
Tsjerke Loppersum

Henk Helmantel (Westeremden, 22 febrewaris 1945) is in Nederlânsk keunstskilder. Hy wurdt beskôge as besibbe oan de 3e generaasje fan de Groep fan de figurative abstraksje, yn't koart: 'De Groep'. Hy wurdt ek wol rekkene ta de Noardlike Realisten en de Unôfhinklike Realisten.

It kristendom wie wichtich yn de famylje; Helmantel is lid fan de Grifformearde Tsjerken (frijmakke). Helmantel hat fan 1961 oant 1965 studearre oan de Akademy Minerva yn Grins.

Helmantel wurdt beskôge as in fynskilder. Dat betsjut dat er syn ûnderwerpen tige sekuer ôfbyld. Hy makket in soad stillibbens en ynterieurs fan midsieuske tsjerken.

Op 25 febrewaris 2000 waarden in tal skilderijen, brûnzen bylden en antike dingen stellen út de eksposysjeromte fan Helmantel. Op 18 july 2000 waarden twa persoanen oanholden doe't hja besochten losjild fan Helmantel te krijen. Alle keunststikken kamen sûnder skea werom by de skilder.

In 2007 wegere direkteur Kees van Twist fan it Grinzer Museum it wurk fan Helmantel út te stallen, om't it net passe soe yn it belied fan it museum. Dat hat laat ta in protte lilkens. [1].

Helmantel is ek bekend as foarfjochter fan it kultuerhistoarysk erfguod fan Grinslân. Hy sloopte syn âlde wente, in filla út de iere 20e ieu, en boude fan 1974 ôf de midsieuske pastorije opnij, dy't yn 1912 ôfbrutsen wie. It slagge him om dêrfoar subsydzje fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch te krijen

Henk Helmantel laat ek begraffenissen op it tsjerkhôf yn Westeremden. Yn Grins hat er in oantal grêfstiennen op it Joadsk tsjerkhôf oan de Moesstrjitte resaurearre.[2]

Op 31 oktober 2008 waard Helmantel útroppen ta Keunstner fan it jier 2008.[3]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Het Parool 20 juny 2007
  2. Helmantel schilderend op de begraafplaats Moesstraat te Groningen
  3. Henk Helmantel Kunstenaar van het Jaar, Nos.nl, 31 oktober 2008