Sam Drukker

Ut Wikipedy
Sam Drukker
Selsportret, detail Joadsk Monumint Assen

Sam Drukker (Goes, 20 novimber 1957) is in Nederlânsk keunstskilder en tekener.[1]

Drukker waard grut yn Assen. Hy studearre oan de Akademy Minerva (1977-1982) yn Grins, dêr't er ûnder oaren les krige fan Matthijs Röling. Dêrneist folge er de Learare-oplieding Ubbo Emmius (1978-1984) yn Grins.

Hy wenne en wurke nei syn stúdzje yn Parys (1984-1985) en Amsterdam; sûnt 1997 wennet er ôfwikseljend yn Barselona en Amsterdam. Fan 1990 jout er les oan de Wackers Akademy yn Amsterdam. De skilder Drukker wurdt rekkene ta de fjirde generaasje fan De Groep en de ûnôfhinklike realisten. Hy wie ek mei-oprjochter fan "Het Nederlands Portretschap" (1991).[2]

Foar Assen makke Drukker yn 1990 in Joadsk monumint[3]. Drukker hat in joadske heit en in net-joadske mem. Hy hat himsels yn 'e hoksen sittend ôfbylde op it monumint.

Tusken 2012 en 2014 sildere Drukker tsien Joadske manlju dy't folwoeksen wiene yn de Twadde Wrâldoarloch. Doe't er dy malju skildere wiene se tusken de 83 en 103 jier. De tsien Minje-skilderijen en achttjin foarstúdzjes op papier waarden yn 2014 útstald yn it Keunstkammenet fan it Joadsk Histoarysk Museum yn Amsterdam. It Minje-projekt wie dêrnei te sjen yn museum BAC yn Switserlân en by Pictura yn Grins.

Wurdearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2011 waard Sam Drukker keazen ta Keunstner fan it Jier. Nei oanlieding fan dy ferkiezing eksposearre Drukker fan 13 novimber 2011 oant en mei 13 febrewaris 2012 yn Museum Flehite te Amersfoart. By dy gelegenheid kaam it boek "Een dunne huid" út. De tentoanstelling luts mear as 17.000 besikers.

Wurk yn iepenbiere kolleksjes (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Offisjele webside
  2. Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
  3. Assen, 'Joadsk monumint'
  4. Objecten in het Joods Historisch Museum
  5. Objecten in het Rijksmuseum