Priya Rai

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Priya Rai
Priya Rai 2009.jpg
nasjonaliteit: Flag of the United States.svg Amerikaansk
oare artystenammen: Priya Anjali Rai, Priya Anjeli Rai,
Rira Raid
echte namme: Anjeli Sipe
etnisiteit: Flag of India.svg Hindoestaansk
berne: 25 desimber 1977
berteplak: Nij-Delly (Yndia)
stoarn: n.f.t.
jierren aktyf: 2007 – no

Priya Rai, echte namme: Anjeli Sipe (25 desimber 1977), is in Amerikaansk fotomodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Hindoestaansk komôf, dy't ek wol gebrûk makket fan 'e artystenamme Priya Anjali Rai.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Priya Rai waard berne yn 'e Yndiaaske haadstêd Nij-Delly, dêr't se koart nei har berte te fûnling lein waard. Se bedarre yn in weeshûs, mar doe't se twa jier wie, waard se oannommen troch Amerikaanske âlden. Se groeide op yn 'e foarstêden fan Minneapolis, yn 'e steat Minnesota. Rai studearre marketing oan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona. Hja kaam foar it earst yn oanrekking mei de pornoyndustry doe't se ûnder en nei har stúdzjetiid tolve jier lang as stripper wurke, benammentlik yn klubs yn 'e steat Arizona. Letter wie se ek wurksum as fotomodel foar baaiklean- en linzjerykatalogussen.

Rai makke har debút yn in pornografyske film yn 2007, doe't se 29 jier wie. Dêrby wurke se foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Digital Playground, Jules Jordan Video, Bang Productions, Pulse Distribution en Pure Play Media. Alles byinoar hat se ûnderwilens yn hast hûndert pornofilms spile. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as BangBros, Brazzers en Muffia. Hja hat al trije kear nominearre west foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), en hat der yn 2009 ien wûn foar de bêste lesbyske groepsekssêne.

Njonken har pornokarriêre spile Rai ek de haadrol yn 'e mainstream-horrorfilm Isis Rising: Curse of the Lady Mummy. Ek hat hja yn Bollywood, it sintrum fan 'e Yndiaaske filmyndustry yn Bombay, belutsen west by mainstream-filmprojekten. Priya Rai is, neffens har offisjele opjefte, 1.60 m, mei in gewicht fan 45 kg en in troch boarstfergrutting krigen kup 34F. Se wennet yn 'e stêd Phoenix, yn Arizona, en hat twa bern.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
wûn bêste lesbyske groepsekssêne (mei Jesse Jane, Shay Jordan, Stoya, Adrianna Lynn, Brianna Love, Lexxi Tyler,
Memphis Monroe en Sophia Santi)
Cheerleaders
FAME Award nominearre leaflingsboarsten n.f.t.
nominearre favorite nijynkommelinge n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste nije ynternetstjer n.f.t.
nominearre bêste triosekssêne (mei Marco Banderas en John West) Tormented
FAME Award nominearre leaflingsboarsten n.f.t.
Xbiz Award nominearre pornostjerwebside fan it jier (foar PriyaAnjaliRai.com) n.f.t.
2011 NightMoves Award wûn bêste milf n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-webside fan it jier (foar PriyaAnjaliRai.com) n.f.t.
2012 NightMoves Award nominearre bêste boarsten n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
2013 Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.