Beha

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Beha - foarkant

In beha, bh of bústehâlder is in stik klean foar froulju, mei it doel om de boarsten te ûndersteunen, te foarmjen en te ferbergjen. It boppeste part fan in bikini hjit ek beha, mar mei it ferskil dat it in part fan in swempak is en net ta ûnderklean rekkene wurdt.

[bewurkje seksje] Soarten

Der binne in protte soarten beha's, dy't nei styl, funksje en matearialen ûnderskaat wurde kinne. Bekende types binne de push-upbeha, beha's mei foarsluting, eftersluting, sportbeha's, boarstfiedingsbeha's en opfolde beha's.

Beha's binne der yn ferskillende modellen:

  • klassike beha: In klassike beha hat in trijehoekich basismodel en kin fersterke wêze mei bleinen of bûgels.
  • push-up: Dizze beha's triuwe de boarsten omheech, sadat hja grutter lykje.
  • minimiser: Dizze beha's triuwe de boarsten plat tsjin it lichem, sadat de boarsten lytser lykje.
  • balconette: Dizze beha's binne net te sjen ûnder boppeklean mei in leech útsnien nekke. De cups hawwe in mear heale sirkelfoarmige foarm, mei de rjochte line boppelâns. It plak dêr't de skouderbantsjes fêstsitte wurdt mear nei de bûtekant skood.
  • sportbeha: Dizze beha's binne meast fan stevige elastyske stoffen makke. Harren doel is om de boarsten by it sporten sa ûnbeweechlik as kin te hâlden. Sportbeha's hawwe meast gjin bleinen of bûgels, faak hawwe de cups mear stof as in oar model yn deselde mjitte.

[bewurkje seksje] Beha's yn de rin fan de tiid

[bewurkje seksje] Keppeling

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen