FAME Award

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In grafyske werjefte fan 'e FAME Award.

De FAME Awards (of F.A.M.E. Awards) binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films. Dizze prizen wurde útrikt troch de Fans of Adult Media and Entertainment ("Fans fan Pornografyske Media en Entertainment"), yn 'e regel ôfkoarte ta FAME of F.A.M.E., in organisaasje dy't yn 2005 oprjochte waard troch in fjouwertal tydskriften en bedriuwen út 'e Amerikaanske pornoyndustry (Genesis, Adam & Eve, WantedList en AVN) mei as doel om fans fan pornografy by steat te stellen en stim op harren favoriten.

Pornoaktrise Jesse Jane mei twa FAME Awards, yn 2007.

It stimmen wurdt dien yn twa omgongen. Yn 'e earste omgong kin elkenien syn eigen favoriten foardrage en dêrop stimme. De acht mei de measte stimmen geane troch nei de twadde omgong en binne dan nominearre. De útslach fan 'e twadde omgong wurdt geheim holden oant de útrikking fan 'e prizen, dy't plakfynt op 'e Erotica LA Show yn Los Angeles. Yn 2007 waarden der mear as 100.000 stimmen útbrocht. De kategoryen binne foar in part ferlykber mei oare pornografyprizen (favorite manlike stjer, favorite froulike stjer, favorite film, favorite regisseur), mar wike dêr foar in part ek fan ôf (leaflingskont, leaflingsboarsten, meast seksy lichem). Under de pornoaktrises dy't alris in FAME Award wûn hawwe, binne Jenna Jameson, Tera Patrick, Gina Lynn, Jesse Jane, Belladonna, Amy Ried en Lisa Ann.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Offisjele webside

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.