Lisa Ann

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lisa Ann
Lisa Ann 2010.jpg
nasjonaliteit: Flag of the United States.svg Amerikaansk
oare artystenammen: Zina Sunshine, Leesa
echte namme: Lisa Anne Corpora
etnisiteit: Flag of Italy.svg Italjaansk
berne: 9 maaie 1972
berteplak: Easton (Pennsylvania)
stoarn: n.f.t.
jierren aktyf: 19931997 & 2006 – no

Lisa Ann (1972), echte namme Lisa Anne Corpora[1] en ek wol bekend as Zina Sunshine en Leesa en ûnder de bynamme the Queen of Porn, is in súksesfolle en tige populêre Amerikaanske neakenmodel, stripper, pornografyske aktrise en pornoregisseur. Yn 2008 krige se bekendheid by in breder publyk troch har haadrol yn 'e pornofilm Who's Nailin' Paylin?, wêryn't se de doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin parodiëarre.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Iere Jierren[bewurkje seksje | edit source]

Lisa Ann waard op 9 maaie 1972 te Easton, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, berne as Lisa Anne Corpora. Yn 1990 sette se útein mei erotysk dûnsjen om har oplieding ta diplomearre toskedoktersassistinte te bekostjen. Yn july 1993 spile hja foar it earst yn in pornografyske film. Se wurke dêrnei fjouwer jier as pornoaktrise, yn 't earstoan noch ûnder artystenammen as Zina Sunshine en Leesa. Yn 1997 liek it der even op dat se AIDS oprûn hie. Lokkigernôch rûn dat mei in skamper ôf, mar se wie der wol sa fan skrokken dat se har pornografyske karriêre deroan joech.[2]

Dûnseresse en Eigen Modelleburo[bewurkje seksje | edit source]

De jierren dêrop tourde Lisa Ann as eroatysk dûnseresse yn it Amerikaanske stripklubsirkwy, wêrby't se altiten de haadattraksje fan 'e jûn wie. Yn 2001 kearde se lykwols werom nei de pornoyndustry, diskear as aginte foar oare aktrises, fia it modelleburo L.A. Direct.[3] Yn novimber 2006 rjochte hja in eigen modelleburo op, earst ûnder de namme Clear Talent Management, mar yn 2007 neamde se it om ta Lisa Ann's Talent Management.[4] Datselde jiers noch gie it Lighthouse Agency, fan pornoregisseur Seymore Butts deryn op.[5] Uteinlik waard har agintskip yn july 2010 opdoeke.[6]

Comeback en Rol as "Serra Paylin"[bewurkje seksje | edit source]

Underwilens hie Lisa Ann har comeback as pornoaktrise makke; har earste nije film kaam út yn febrewaris 2006. Yn 2008 spile se Serra Paylin, in parody op 'e doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin, yn 'e film Who's Nailin' Paylin?, in produksje fan Hustler Video fan pornomagnaat Larry Flynt. De film befettet sênes wêryn't "Serra Paylin" seksuële omgong hat mei aktrises dy't de froulike politisy Hillary Clinton (spile troch Nina Hartley) en Condoleezza Rice (spile troch Jada Fire) parodiëarje, en dêrnjonken mei twa Russyske soldaten. (Dat lêste is in ferwizing nei in útspraak fan Palin, dy't doedestiden gûverneur fan 'e Amerikaanske steat Alaska wie en op in stuit opmurk dat men út Alaska wei by goed waar Ruslân lizzen sjen kin.) Who's Nailin' Paylin? waard útbrocht op 4 novimber 2008, de dei fan 'e presidintsferkiezings, en wie fuortynienen al in grut súkses. Sadwaande krige Lisa Ann ek foar it earst bekendheid by in breder publyk, sasear sels, dat har úteinlik de bynamme the Queen of Porn jûn waard.

Lisa Ann as "Serra Paylin" op 8 jannewaris 2010 op it AVN Expo, te Las Vegas, yn Nevada.
Lisa Ann yn 2012.

In bonussêne mei de titel Obama is Nailin' Paylin, wêryn't "Serra Paylin" seks bedriuwt mei in swarte akteur dy't Barack Obama parodiëarret, waard frijjûn op 'e foarjûn fan ferkiezings; dizze sêne is beskikber fia de ledewebside fan Hustler en op 'e blu-ray-útjefte fan 'e film, mar stiet net op 'e dvd-útjefte.[7] Who's Nailin' Paylin? wie sa populêr, dat Hustler noch ferskate ferfolgen makke hat, mei alle kearen Lisa Ann wer yn 'e haadrol, lykas Letterman's Nailin' Palin (augustus 2009)[8], You're Nailin' Palin (septimber 2009)[9], Hollywood's Nailin' Palin (2010)[10], en Who's Nailin' Palin #2 (2011).[11] Dêrfan is Letterman's Nailin' Palin in ferwizing nei de iepentlike deilisskip fan Sarah Palin en talkshow-presintator David Letterman, wylst Hollywood's Nailin' Palin in wink is nei de realitysearje op 'e Amerikaanske tillevyzje, wêrby't Sarah Palin en har gesin harren de hiele dei troch de kamera folgje lieten.

Behalven yn pornografyske films spile Lisa Ann "Serra Paylin" teffens yn 'e fideoklip fan it nûmer We Made You, fan 'e ferneamde rapper Eminem. Dat kameoroltsje waard se foar frege op foarspraak fan Joseph Kahn, de regisseur fan 'e klip.[12]

Regisseur[bewurkje seksje | edit source]

Op oantrúnjen fan har manlike kollega C.J. Wright makke Lisa Ann yn septimber 2009 har debút as regisseur, mei de ynterrasiale film Hung XXX, produsearre troch Justin Slayer International.[13]

Oare Aktiviteiten[bewurkje seksje | edit source]

Yn desimber 2009 waard bekendmakke dat Lisa Ann in kontrakt tekene hie om wurdfierdster te wurden foar it produkt RealTouch, in meganisearre keunstmjittige fagina produsearre troch AEBN.[14]

Yn maart 2010 ferskynde hja mei û.o. kollega's as Julie Meadows, Kaylani Lei, Alektra Blue en Ron Jeremy yn in ideële ynternetfideoboadskip fan 'e Free Speech Coalition tsjin ynternetpiraterij fan pornografysk materiaal.[15]

Yn 'e mande mei Nikki Benz en Sean Michaels presintearre Lisa Ann yn april 2010 de útrikking fan 'e XRCO Awards.[16]

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Lisa Ann yn 2010, as "Serra Paylin".
Lisa Ann yn 2011, jitris as "Serra Paylin".
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 XRCO Award wûn comeback fan it jier n.f.t.
2009 AVN Award wûn milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
AEBN VOD Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste aktrise Who's Nailin' Paylin?
FAME Award wûn leaflingsmilf n.f.t.
XFANZ Award wûn milf fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Massive Facials 2
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Alexis Ford, Monique Alexander, Andy San Dimas, Celeste Star en Teagan Presley) Femme Core
AEBN VOD Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
Urban X Award wûn bêste milf-artyste n.f.t.
ynhuldige Urban X Hall of Fame n.f.t.
Xbiz Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wûn publykspriis foar bêste milf-artyste n.f.t.
wûn publykspriis foar bêste yndividuële webside (foar TheLisaAnn.com) n.f.t.
Urban X Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste presintaasje fan in pornostjer Lisa Ann: Fantasy Girl
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Jules Jordan) Deep Anal Drilling 4
nominearre bêste presintaasje fan in pornostjer Lisa Ann: Can't Say No
wûn meast seksy milf n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Lisa Ann (www.nudevista.com).
  2. Ryan, Rick, Interview with Lisa Ann (qlimax.com).
  3. Lisa Ann Becomes Agent for L.A. Direct (business.avn.com).
  4. Sullivan, David, Lisa Ann Renames Talent Agency (business.avn.com).
  5. Adams, Eddie, Lighthouse Talent Merges with Lisa Ann's Talent Management (business.avn.com).
  6. Lisa Ann's Talent Agency Closes, yn: AVN Magazine.
  7. Rodriguez, Ariana, Hustler Shoots "Obama Is Nailin' Paylin" (www.xbiz.com).
  8. Letterman's Nailin Palin DVD (www.cduniverse.com).
  9. You're Nailin' Palin DVD (www.cduniverse.com).
  10. Hollywood's Nailin Palin DVD (www.cduniverse.com).
  11. Who's Nailin Palin #2 DVD (www.cduniverse.com).
  12. Warren, Peter, Lisa Ann Appears In New Eminem Video (business.avn.com).
  13. Kernes, Mark, Lisa Ann's Directorial Debut, Hung XXX, Streets Tuesday (business.avn.com).
  14. Lisa Ann Joins AEBN To Promote RealTouch (business.avn.com).
  15. Kravets, David, Pornstars Decry Piracy in New Video (SFW) (www.wired.com).
  16. Garrett, Wade, Nikki Benz, Lisa Ann and Sean Michaels to Host XRCO Awards (business.avn.com).

Boarnen