Boarstfergrutting

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boarsten foar en nei de Boarstfergrutting

In boarstfergrutting is in yngreep wêrby't de frouljusboarst operatyf fergrutte wurdt. Men brûkt derfoar besteand weefsel of protezysk materiaal om in natuerlik-útsjende boarst te konstruearjen. Somtiden wurde der ek feroarings oan de spien en de spienhôf oanbrocht.

Boarstfergrutting is de lêste tsien jier in populêre yngreep wurden, foaral yn fermiddens fan artysten. Der wurdt ûngelyk oer tocht en út en troch komt de yngreep negatyf yn it nijs fanwege de komplikaasjes dy't der ûntstean kinne. Tsjintwurdich litte manlju ek wolris in keunstmjittige opfolling oanbringe at hja harren boarstspieren better útkomme litte wolle.

Boarstfergrutting soarget regelmjittich foar nijs. Sa hat Georgina Verbaan ús ferdútst, yn 2005, dat har boarsten wier net fergrutte wiene. Hja liet sels in mammografy dwaan om it publyklik te bewizen.

Guon artysten hawwe witte litten dat hja tsjin dizze foarm fan plastyske yngrepen binne. Yn Nederlân ha dat ûnder oaren Angela Schijf en Judith Visser west.


Keppeling om utens [bewurkje seksje]