Nazi Dútslân
Ut Wikipedy
|
||||||||||||||||||||
| Skiednis fan Dútslân |
|
Dútslân |
Mei Nazi-Dútslân, it Grutdútske Ryk of it Tredde Ryk is it Dútslân yn it tiidrek 1933 oant en mei 1945. Yn 1939 sette Nazi-Dútslân útein mei de Twadde Wrâldkriich dy't einige yn 1945. Adolf Hitler wie de iennige politike lieder, dy't as diktator mei Führer as titel. De twadwichtichste persoan nei Hitler wie Heinrich Himmler, de lieder fan de Schutzstaffel. Nazi-Dútslân makke oant 1939 oerienkomsten mei oare machtige lannen, sa as de Sowjetuny, Grut-Brittanje en Itaalje. Oan de ein fan de tritiger jierren anneksearre Nazi-Dútslân de lannen Tsjechje en Eastenryk. Doe't Dútslân Poalen anneksearje woe ferklearren Grut-Brittanje en Frankryk kriich oan Dútslân.
[bewurkje seksje] Oersjoch fan pommeranten en organisaasjes
- Pommeranten
- Martin Bormann - partijsiktaris
- Karl Dönitz - admiraal en rykspresidint nei de dea fan Hitler
- Adolf Eichmann - departemintsjef foar nasjonale feiligens
- Roland Freisler - presidint fan it folksgerjocht
- Joseph Goebbels - propagandaminister
- Hermann Göring - minister fan ynlânske saken en Luftwaffe
- Rudolf Hess - Hitlers plakferfanger
- Heinrich Himmler - SS-lieder
- Josef Mengele - dokter yn konsintraasjekamp Auschwitz
- Joachim von Ribbentrop - diplomaat en minister
- Erwin Rommel - fjildgeneraal
- Ernst Röhm - lieder fan de Sturmabteilung fan de NSDAP en minister
- Baldur von Schirach - lieder fan de Hitlerjugend
- Albert Speer - ryksarsjitekt
- Hjalmar Schacht - presidint fan de nasjonale bank yn it Tredde Ryk
- Leni Riefenstahl- filmregiseur
- Organisaasjes:
- Sicherheitsdienst - ynljochtingetsjinst
- NSDAP - partij fan de nasjonaal-sosjalisten
- SS - eliteorganisaasje
- Gestapo - plysjetûke fan de SS
- Waffen-SS, militêre tûke fan de SS
- Hitlerjugend - para-militêre jongerein organisaasje
[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling
Yn 1933 bestie Nazi-Dútslân út de neikommende lannen:
- Anhalt
- Baden
- Beieren
- Brunswyk
- Bremen
- Hamburch
- Hessen
- Lippe
- Mecklenburch
- Aldenboarch
- Prusen
- Saarlân
- Saksen
- Schaumburch-Lippe
- Turingen
- Wúrtemberch
De NSDAP besocht it bestjoer safolle mooglik te sintralisearjen yn Berlyn. Dêrby hearde in nije bestjoerlike yndieling. De bestjoerlike ienheid dy't ûnder it sintrale regear foel wie de 'Ryksgou'. Oan 'e ein fan 1942 wienen Lúksemboarch en Eastenryk folslein anneksearre troch it Tredde Ryk. Elsas en Lotaringen hearden foar de Earste Wrâldkriich by Dútslân en waarden ek anneksearre. Yn it easten waard it Sudetelân in ryksgou. Wat oerbleau fan Tsjechje wie it Protektoraat Bohemen en Moraavje. It grutste part fan it hjoeddeiske Poalen waard anneksearre, it eastlike part foel ûnder it 'Generalgouvernement Polen'. De anneksearre gebieten waarden yn Ryksgouwen yndield.
Om fierdere anneksaasje mooglik te meitsjen waard it Reichskommissariat ynfierd. Meiïnoar wienen der fjouwer Reichskommissariaten:
- Reichskommissariat Niederlande (1940)
- Reichskommissariat Norwegen (1940)
- Reichskommissariat Ostland (1941)
- Reichskommissariat Ukraine (1941)
It ferskil tusken in Reichskommissariat en Militärverwaltung is it bestjoer. By in Reichskommissariat wurdt it gebiet troch NSDAP pommeranten bestjoert. By de Militärverwaltung wie in militêre kommandant bestjoerder.
- Militärverwaltung in Serbien
- Militärverwaltung in Belgien und Nordfrankreich

