Franklin Delano Roosevelt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Franklin Delano Roosevelt

Franklin Delano Roosevelt (Hyde Park (New York), 30 jannewaris 1882 - Warm Springs (Georgia), 12 april 1945) wie de 32e presidint fan de Feriene Steaten. Hy wie presidint yn it tiidrek 1933-1945. Hy is de iennichste Amerikaan dy't fjouwer kear keazen is as presidint.

Iere libben[bewurkje seksje | edit source]

Roosevelt is in bern fan in rike famylje. Hy studearre rjochten oan de Harvard universiteit en oan de Colombia Law School. Yn 1907 waard er beëdige as abbekaat. Hy wurke doe as sivyl jurist. Roosevelt begûn yn 1910 mei syn politike kariêre as lid fan senaat fan New York. Hy wie demokraat en stipe Woodrow Wilson, de gadingmakker foar it presidintskip yn 1912, fûleindich. Roosevelt wie yn it tiidrek 1913-1920 ûnderminister fan Marine. Yn 1921 waard Roosevelt troffen troch poliomyelitys (berneferlamming). Dy sykte ferlamme him ûnder de mul. Yn 1927 stifte er yn in sûnenshiem yn Georgia in feriening en help oare slachtoffers fan dy sykte. Yn 1928 wurdt Roosevelt mei in lytse mearderheid fan de stimmen keazen as gûverneur fan New York. Yn 1930 waard er wer keazen as gûverneur, mar diskear mei in mearderheid fan 700.000 stimmen.

Presidint[bewurkje seksje | edit source]

Ferkiezings fan 1932

Yn 1932 makke Roosevelt gading foar it presidintskip en wûn mei in grutte mearderheid fan de stimmen. Syn oerwinning hie grif te krijen mei de ekonomyske krisis fan dy tiid. Yn 1936 besocht er it nochris en wûn wer. Hy besocht freedsum te bliuwen foar oare lannen oer, lykas it Tredde Ryk en Latynsk-Amerika. Yn 1940 is er foar de tredde kear keazen. Yn syn tredde amtstermyn wurde de Feriene Steaten behelle yn de Twadde Wrâldkriich en ferklearje kriich oan it Tredde Ryk en Japan. Yn de Twadde Wrâldkriich liet er de militêren har wurk dwaan en sels ûnderhannele er mei de alliearde lieders. Yn 1944 wûn er foar de fjirde kear de presidintsferkiezings. Roosevelt is de iennichste presidint fan de Feriene Steaten dy't fjouwer kear keazen wurden is. Dat is letter behindere troch in wetsferoaring. Syn lêste grutte politike rol by de Konferinsje fan Jalta yn de febrewarismoanne fan 1945. Franklin Roosevelt stoar op 12 april 1945.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]