Martin Bormann
Ut Wikipedy
Martin Bormann (Halberstadt, 17 juny 1900 – Berlyn, 2 maaie 1945) wie in Dútsk nasjonaal-sosjalistysk politikus en wie de siktaris fan Adolf Hitler.
Bormann waard op 17 febrewaris 1927 lid fan de NSDAP en makke frij gau kariêre. Yn 1928 kaam er yn de staf fan de Sturmabteilung (SA). Doe't Hitler yn 1933 diktator waard, waard Bormann beneamd ta partijorganisator (Reichsleiter) en ponghâlder fan de partij.
Op 20 july 1944 mislearre de oanslach fan kolonel Claus von Stauffenberg op Adolf Hitler. Dêrnei fertroude Hitler allinnich mar syn eigen partij en de SS. Dêrtroch waarden Bormann (as partijlieder) en Heinrich Himmler (haad SS) de wichtichste mannen fan it Tredde Ryk.
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Martin Bormann en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |