Joachim von Ribbentrop

Ut Wikipedy
Joachim von Ribbentrop

Ullrich Friedrich Willy Joachim von Ribbentrop, berne as Ullrich Friedrich Willy Joachim Ribbentrop (Wesel, 30 april 1893 - Neurenberch, 16 oktober 1946) wie in Dútske nazi-diplomaat en -politikus. Hy waard nei de Twadde Wrâldkriich terjochtsteld as oarlochsmisdiediger.

Fan 1938 oant 1945 wie er minister fan Bûtenlânske saken ûnder Adolf Hitler. Yn 1939 sleat er it non-agressyferdrach mei Stalin.

Nei de middelbere skoalle gie er nei Kanada dêr’t er fertsjintwurdiger wie. Oan it begjin fan de Earste Wrâldkriich kaam er yn Dútslân werom om yn it leger te tsjinjen. Nei de oorlog wurke er in pear jier yn de wynhannel. Yn 1927 adoptearre er it adellijke predikaat von fan in muoike. Hij troude de skatrike Anneliese Henkell, neikommeling út it bekende Dútske sektlaach wat him fierder op de maatskiplike ljedder brocht. 'Ribbensnob' waard er wol neamd.

Yn 1932 melde Von Ribbentrop him oan by de NSDAP, de partij fan Hitler. Omdat er dêr frijwat let mei wie, moast de âde garde neat fan him hawwe. Von Ribbentrop kaam by Hitler yn de graasje omdat er him holpen hie om yn kontakt te kommen mei Franz von Papen, de eartydske rykskânselier. Nei Hitler syn beneaming ta kânselier waard er ien fan syn adviseurs foar bûtenlânske saken. Yn 1934 waard er beneamd as rykskommissaris foar ûntwapening (Genêve) en fan 1935-1938 wie er ambassadeur, fan 1936 ôf yn Londen. Hy ûnderhannele mei súkses oer de werbewapening fan de Dútske marine (1935). Mei Japan sleat er yn 1936 it Dútsk-Japanske Anti-Kominternpakt.

Von Ribbentrop koe floeiend Ingelsk en Frânsk sprekke, mar mei syn hâlden en dragen jagere er gereldwei oaren yn it harnas. Hy brocht bygelyks de Hitlergroet oan de Britske kening, en hie yn Londen de namme "Brickendrop" ('to drop a brick' betsjut in flater meitsje). Hy wie ek belutsen by de yntimidaasje fan de Tsjechyske presidint Hácha, en sels Ciano hie in wearze yn syn oarlochssuchtich praat.

Yn 1938 waard Von Ribbentrop beneamd as minister fan Bûtenlânske Saken. Yn 1939 koe er sa in net-oanfalsferdrach foar Dútslân mei de Sovjet-Uny slute (ek wol Molotov-Ribbentroppakt hjitten). Dêrtroch koe Dútslân yn de neisimmer fan 1939 Poalen ynfalle en begûn de Twadde Wrâldkriich . It wie it hichtepunt yn Von Ribbentrop syn karriêre.

Yn 1940 ûnderhannele er mei Japan en Itaalje oer de Tripartiteoerienkomst, wêrby’trije lannen it iens waarden om inoar te stypjen foar de Feriene Steaten oer.

Yn it oerbliuwend part fan syn amtstermyn spile er gjin grutte rol mear op it politike toaniel. Yn 1945 waard hy troch admiraal Dönitz oan de kant set. Hy waard yn Ensboarch troch Belgyske en Britske soldaten arrestearre. Yn 1946 waard er mei 21 oare Dútske nazipommeranten yn Neurenberch berjochte. De oanklagers koenen bewize dat er aktyf belutsen west hie by it plannen fan Dútske agressy, de deportaasje fan Joaden nei de ferneatigingskampen en dat er pleite hie foar it deadwaan fan Alliearde piloaten dy’t boppe Dútslân delsketten wienen. Hy waard ta de dea feroardield en nocht itselde jier ophongen.

Militêre karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 http://www.geocities.com/~orion47/REICH-GOVERNMENT/Auswartiges_Amt.html