Midway (film út 2019)

Ut Wikipedy
Midway
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Roland Emmerich
produsint Roland Emmerich
Harald Kloser
senario Wes Tooke
kamerarezjy Robby Baumgartner
muzyk Thomas Wander
Harald Kloser
filmstudio Centropolis Entertainment
RuYi Media
Starlight Culture Ent. Group
Street Entertainment
AGC Studios
Entertainment One
The Mark Gordon Company
distribúsje Lionsgate Films (Feriene Steaten)
Elevation Pictures (Kanada)
spilers
haadrollen Ed Skrein
Patrick Wilson
byrollen Luke Evans
Woody Harrelson
Dennis Quaid
Etsushi Toyokawa
Jun Kunimura
Mandy Moore
Luke Kleintank
Aaron Eckhart
Nick Jonas
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
Kanada
premiêre 8 novimber 2019
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsfilm
taal Ingelsk en Japansk
spyltiid 138 minuten
budget en resultaten
budget $100 miljoen
opbringst $125,3 miljoen

Midway is in Amerikaansk-Dútsk-Kanadeeske histoaryske oarlochsfilm út 2019 ûnder rezjy fan Roland Emmerich. De haadrollen waarden fertolke troch Ed Skrein en Patrick Wilson, mei Luke Evans, Woody Harrelson, Dennis Quaid, Etsushi Toyokawa, Jun Kunimura en Mandy Moore yn 'e wichtichste byrollen. De titel ferwiist nei de Slach by Midway, in seeslach út 'e Twadde Wrâldoarloch by it atol Midway, yn 'e Stille Oseaan, tusken de Amerikaanske Pasifyske Float en de Keizerlike Japanske Marine. De plot fan 'e film folget luitenant-op-see Dick Best, in piloat by de Amerikaanske Marine, en luitenant-op-see Edwin Layton, dy't foar de ynljochtingetsjinst fan 'e Amerikaanske Marine wurket, fan 'e Japanske oanfal op Pearl Harbor ôf oant de ommekear yn 'e striid yn 'e Slach by Midway. Midway, dat troch histoarisy en oarlochsfeteranen priizge waard om syn histoaryske akkuratens, wie in leafdesprojekt fan Emmerich. It wie ien fan 'e djoerste ûnôfhinklike films ea makke. Fan 'e filmkritisy krige de film lykwols mingde resinsjes, en yn 'e bioskopen flopte er.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn desimber 1937 moetet luitenant-op-see 1e klasse Edwin T. Layton, dy as marine-attasjé op 'e Amerikaanske ambassade yn Tokio wurket, by in staasjegelegenheid de Japanske admiraal Isoroku Yamamoto. Dyselde warskôget him dat syn lân ta drastyske maatregels oergean sil as de Feriene Steaten de útfier fan ierdoalje nei Japan stillizze.

Fjouwer jier letter, as de Feriene Steaten yndie de oaljekraan tichtdraaid hawwe, beslút Japan dat it gjin oare kar hat as om 'e oaljefjilden fan Nederlânsk-Ynje te feroverjen om sa oan in nije boarne foar ierdoalje te kommen. Om't de Feriene Steaten by dy ferovering sûnder mis yngripe soene, moat dêrfoar earst de Amerikaanske Pasifyske Float útskeakele wurde, dy't foar anker leit by it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaï. Dêrom fiert de Keizerlike Japanske Marine û.l.f. fan Yamamoto en fise-admiraal Chūichi Nagumo op 7 desimber 1941 de oanfal op Pearl Harbor út, wêrby't frijwol alle Amerikaanske slachskippen yn 'e Stille Oseaan útskeakele wurde en oan Amerikaanske kant mear as 2.400 deaden falle. Dêrûnder is ek luitenant-op-see 2e klasse Roy Pearce, de bêste freon fan marinepiloat Dick Best.

Dy lêste is ûnder it befel fan fise-admiraal William "Bull" Halsey stasjonearre op it fleandekskip de USS Enterprise. As it berjocht fan 'e oanfal him berikt, stjoert Halsey syn fleantugen út om 'e striid mei de Japanners oan te gean, mar Best en de oare piloaten kinne de Japanske float net fine. Dêrtroch boazet Best syn rivaliteit mei luitenant-op-see 1e klasse Eugene E. Lindsey noch fierder oan. Nei de oanfal op Pearl Harbor wurdt admiraal Husband E. Kimmel as befelhawwer fan 'e Amerikaanske Marine yn 'e Stille Oseaan ferfongen troch admiraal Chester W. Nimitz. Luitenant-op-see Layton, dy't op dat stuit al ferskate jierren yn Pearl Harbor foar de ynljochtingetsjinst fan 'e marine wurket, rekkenet himsels de Japanske ferrassingsoanfal tige oan en freget om oerpleatsing. Nimitz wegeret dêroan lykwols te foldwaan om't er ornearret dat Layton fan syn flaters leard hat en dat in ferfanger mooglik wer deselde flaters begean soe.

Nei de oanfal op Pearl Harbor stelt admiraal Yamamoto, mei stipe fan skout-by-nacht Tamon Yamaguchi, in riskant kriichsplan foar: de ferovering en besetting fan it atol Midway, yn 'e Noardwestlike Hawaï-eilannen, in tige weardefolle foarpost fan 'e Amerikanen. Syn úteinlike doel is om 'e fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float út te skeakeljen, wat Japan de frije hân jaan soe yn 'e Stille Oseaan. De Amerikanen witte dat ek en binne dêrom tige foarsichtich mei de ynset fan harren fleandekskippen. Yamamoto is der lykwols fan oertsjûge dat de besetting fan Midway de Amerikanen út 'e tinte lokje soe. Mar syn plan wurdt ôfwiisd troch it Japanske Keizerlike Leger, dat de marine inkeld sjocht as in soarte fan taksysjauffeur dy't legertroepen hinne en werom farre moat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens fiert fise-admiraal Halsey mei de USS Enterprise yn febrewaris 1942 in ferrassingsoanfal út op Japanske bases yn 'e Marshalleilannen. Dêrby skeakelet Dick Best mei in pear oare piloaten in Japansk fleanfjild út. Werom op 'e USS Enterprise wurdt it skip oanfallen troch Japanske Mitsubishi G3M "Nell"-bommesmiters. Ien troch it Amerikaanske loftdoelgeskut skansearre Nell besiket de Enterprise te reitsjen yn in selsmoardoanfal, mar ear't dat barre kin, sjit matroas Bruno Gaido de bommesmiter del mei it masinegewear fan in parkearre Douglas SBD Dauntless-dûkbommesmiter. It delkommende fleantúch hout de Dauntless mei ien fan syn wjukken midstwa, mar Gaido oerlibbet it ûnskansearre en kriget neitiid fan Halsey op slach in promoasje.

Yn april 1942 is de USS Enterprise belutsen by de Doolittle Raid, wêrby't 16 North American B-25 Mitchells fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften û.l.f. luitenant-kolonel Jimmy Doolittle yn 'e Stille Oseaan opstiigje fan it fleandekskip de USS Hornet om nei it ôflizzen fan 1.200 km de Japanske haadstêd Tokio en ferskate oare grutte Japanske stêden te bombardearjen. De fleantugen lânje neitiid yn Sina, dêr't de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch oan 'e gong is en Doolittle en syn mannen as bûnsgenoaten ynhelle wurde. Nei de Doolittle Raid, wannear't de Japanners beseffe dat harren heitelân net ûnoantaastber is foar fijannige oanfallen, kriget Yamamoto einlings tastimming om syn plan foar de ferovering fan Midway út te fieren.

Yn maaie 1942, nei't de Slach yn 'e Koraalsee yn in ympasse einige is, begjint de ôfdieling kryptology yn it Marinestasjon Pearl Harbor, dy't ûnder lieding stiet fan kaptein-luitenant-op-see Joseph Rochefort, Japanske berjochten te ûnderskeppen wêryn't ferwiisd wurdt nei in lokaasje mei de koade AF. Layton, dy't derfan oertsjûge is dat AF Midway wêze moat, hat dêroer in petear mei admiraal Nimitz, dy't him fertelt dat it haadkertier fan 'e Amerikaanske Marine, yn Washington, D.C., mient dat it ynstee om in plak earne yn it suden fan 'e Stille Oseaan giet. Nei't er Rochefort met hat, jout Nimitz him en Layton befel om harren Midway-teory te bewizen. Dat dogge se troch it Marineloftfeartstasjon Midway in falsk berjocht útstjoere te litten dat der swierrichheden binne mei de wettersuveringsynstallaasje. Mei't de Japanners de Amerikanen ôfharkje, komt dat letter yn 'e kodearre Japanske berjochten werom mei in ferwizing nei "AF", wat de teory fan Layton en Rochefort oangeande de identiteit fan "AF" befêstiget.

As risselwaasje foar de striid om Midway ropt Nimitz de USS Enterprise en de USS Hornet, de beide fleandekskippen fan fise-admiraal Halsey, werom út 'e Koraalsee. Ek de USS Yorktown fan skout-by-nacht Frank Jack Fletcher, dy't by de Slach yn 'e Koraalsee slim skansearre rekke is, wurdt oerbrocht nei Pearl Harbor. Dêr oarderet Nimitz dat it skip yn 72 oeren reparearre wêze moat, ek al moatte se it gat yn it fleandek tichtsje mei tripleks.

Wylst de tariedings foar de oankommende konfrontaasje mei de Japanske float yn folle gong binne, lit Best de moedfearren hingje nei't ien fan syn ûnderhearrigen, in piloat dy't it oan selsfertrouwen ûntbriek, by in needlottich ûngemak omkomt. Hy wurdt lykwols bemoedige troch de kommandant fan 'e loftgroep fan 'e USS Enterprise, luitenant-op-see C. Wade McClusky, mei wa't er earder omreden fan syn eigen dôfhûdigens net sa'n bêste relaasje ûnderhold. Ek mei Lindsey fermoedsoenet Best him, wêrnei't se mei feriene krêften de loftgroep ree meitsje foar de striid. Underwilens wurdt fise-admiraal Halsey troch Nimitz mei medysk ferlof stjoerd om't er in swier gefal fan hûdûntstekking oprûn hat. Yn syn plak wurdt tydlik skout-by-nacht Raymond A. Spruance beneamd.

Op 4 juny 1924 begjint de Slach by Midway wannear't bommesmiters fan 'e Japanske oanfalsfloat ûnder lieding fan fise-admiraal Nagumo in bombardemint útfiere op 'e Amerikaanske basis op Midway. Dat barren wurdt filme troch Hollywood-regisseur John Ford, dy't op dat stuit as kaptein-luitenant-op-see yn 'e reserve fan 'e Amerikaanske Marine op it eilân stasjonearre is. By de oanfal wurdt gâns skea oanrjochte, mar de lâningsbaan fan it fleanfjild bliuwt yntakt, sadat der noch gewoan bommesmiters lânje en opstiigje kinne.

In tsjinoanfal fan bommesmiters fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften fan Midway ôf op 'e fleandekskippen fan 'e Japanske float mislearret folslein, hoewol't ien delstoartend Amerikaanske fleantúch mar krekt de brêge mist fan 'e Akagi, it flaggeskip fan Nagumo. Nei't er op dy manear de dea yn 'e eagen sjoen hat, is Nagumo wisberet om by in twadde bombardemint foargoed mei it Marineloftfeartstasjon Midway ôf te weven. Hy lit dêrom de torpedo's, wêrmei't de helte fan syn fleantugen al tarist is, ferfange troch bommen foar lândoelen. Koarte tiid letter ûntdekt in Japansk wetterfleantúch, dat op in militêre ferkenningsmisje stjoerd is, lykwols de Amerikaanske float. Nagumo werropt dêrop syn eardere befel en lit syn fleantugen wer mei torpedo's en anty-skipsbommen útrisse. Underwilens fiert de Amerikaanske ûnderseeboat USS Nautilus om 'e nocht in oanfal út op in marineskip fan 'e Japanske float, wêrnei't er flechtsje moat en efterfolge wurdt troch de Japanske torpedoboatjager Arashi.

De Amerikanen binne de Japanske float ek gewaar wurden en skout-by-nacht Spruance stjoert syn fleantugen út om 'e fijannige fleandekskippen út te skeakeljen. Ferskate squadrons Amerikaanske torpedobommesmiters, wêrûnder dat fan Lindsey, fiere sûnder beskerming fan eskortearjende jachtfleanmasines in oanfal út op 'e Japanske fleandekskippen, mar wurde sûnder wat bedijd te hawwen delhelle troch it fijannige loftdoelgeskut en Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleantugen. Skout-by-nacht Tamon Yamaguchi beseft dat de Amerikaanske oanfallen, dy't by stikjes en brokjes komme, ynstee fan yn ien grutte weach, bedoeld binne om foar te kommen dat de Japanners harren bommesmiters op 'e Amerikaanske float ôf stjoere kinne. Hy rikkemandearret syn kommandant, fise-admiraal Nagumo, oan om 'e eigen fleantugen sa gau mooglik opstiigje te litten.

Underwilens binne ek de squadrons fan McClusky en Best ûnderweis nei de Japanske float. Om brânstof út te sparjen, fleane se sa heech dat de piloaten en harren radiolju anneks boardskutters in soerstofmasker drage moatte (om't der op dy hichte troch de ile lucht minder wjerstân is en de fleantugen sa minder brânstof ferbrûke om foarút te kommen). De soerstoftank fan Best blykt lykwols in ferkeard luchtmingsel te befetsjen, dat skea tabringt oan syn longen, sadat er bloed begjint op te hoastjen. Hy wegeret lykwols werom te kearen nei de USS Enterprise en set syn dielname oan 'e oanfal troch. Se kinne de fijannige skippen lange tiid net fine, oant McClusky it wite kylwetter fan 'e Arashi gewaar wurdt, dy't nei syn fergese efterfolging fan 'e USS Nautilus mei folle krêft yn in rjochte line opsteamt nei de rest fan 'e Japanske float.

Troch tafal arrivearje trije Amerikaanske squadrons Dauntless-dûkbommesmiters, wêrûnder dy fan McClusky en Best, by de Japanske float krekt op it stuit dat alle beskermjende Zero's troch in oare Amerikaanske oanfal fuortlokke binne nei it súdeastlike kwadrant fan 'e float. Mei inkeld it Japanske loftdoelgeskut om te ûntwiken, falle de squadrons fan McClusky en Best troch in ûnderlinge miskommunikaasje allebeide it fleandekskip de Kaga oan. As Best dy flater foar it ferstân kriget, lûkt er op om mei twa fan syn ûnderhearrigen ynstee in oanfal op 'e Akagi te begjinnen. Underwilens docht it trêde Amerikaanske squadron in wraam op 'e Sōryū. By de oanfallen fine foltreffers plak op alle trije Japanske fleandekskippen, dy't yn ljochte lôge komme te stean en al rillegau net mear te rêden blike te wêzen. Fise-admiraal Nagumo is twongen om syn flagge te ferpleatsen nei in kruser, mei't de trije fleandekskippen ûntromme wurde moatte.

Boardskutter Bruno Gaido en syn piloat, Frank O'Flaherty, wurde by de oanfal op 'e fleandekskippen delsketten troch it Japanske loftdoelgeskut en neitiid út 'e see fiske troch in Japansk marineskip. Wannear't se gjin ynformaasje jaan wolle oer de Amerikaanske float, wurde se oan in anker fêstbûn en oerboard smiten, dat se ferdrinke. Oan board fan it fjirde en lêste Japanske fleandekskip, de Hiryū, jout skout-by-nacht Yamaguchi oan syn piloaten befel om in tsjinoanfal op 'e Amerikaanske float te dwaan. Dêrby wurdt it fleandekskip de USS Yorktown sa slim skansearre dat it ferlern giet.

Ed Skrein.
Patrick Wilson.
Luke Evans.
Woody Harrelson.
Dennis Quaid.
Etsushi Toyokawa.
Mandy Moore.

Werom op 'e USS Enterprise wurdt McClusky, dy't sichtber ferwûne is mei in kûgel troch it skouder, troch skout-by-nacht Spruance nei de sikeboech stjoerd. Best, waans ynterne ferwûnings oan syn longen troch oaren ûnopmurken bliuwe, kriget dêrop de lieding oer de bommesmitersquadrons fan 'e USS Enterprise en de USS Hornet. Hy nimt de oare oerlibjende piloaten en boardskutters mei foar in lêste wraam op 'e Japanske float, wêrby't de Hiryū sa slim skansearre rekket, dat it fleandekskip net mear te rêden is. De Japanners beslute de Hiryū eigenhannich ta sinken te bringen om it út 'e hannen fan 'e fijân te hâlden. Skout-by-nacht Yamaguchi en kaptein-op-see Tomeo Kaku kieze derfoar om ûnder te gean mei it skip.

Admiraal Yamamoto ûntfangt it nijs dat syn float ferslein en syn fleandekskippen ferneatige binne. Nei't dúdlik wurdt dat Spruance de Amerikaanske float weromlutsen hat, en dat der dus gjin kâns bestiet om yn it tsjuster, as de fleantugen net opstiigje kinne, de Japanske slachskippen tsjin 'e Amerikaanske fleandekskippen yn te setten, beslút er oarders te jaan foar in algemiene weromtocht. Yn Pearl Harbor wurdt dat befel ûnderskept troch Rochefort. As Layton it by admiraal Nimitz bringt, brekt der in algemiene feeststimming út. Best sil troch de skea oan syn longen neitiid nea wer fleane. As de ferwûnen fan 'e Amerikaanske float yn Pearl Harbor arrivearje, wurdt er dêr opwachte troch syn frou Anne en harren jonge dochter.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise     
luitenant-op-see 2e klasse Dick Best Ed Skrein
luitenant-op-see 1e klasse Edwin T. Layton Patrick Wilson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant-op-see 1e klasse C. Wade McClusky Luke Evans
admiraal Chester W. Nimitz Woody Harrelson
fise-admiraal William "Bull" Halsey Dennis Quaid
admiraal Isoroku Yamamoto Etsushi Toyokawa
fise-adimiraal Chūichi Nagumo Jun Kunimura
Anne Best Mandy Moore
luitenant-op-see 2e klasse Clarence Earle Dickinson Luke Kleintank
luitenant-kolonel Jimmy Doolittle Aaron Eckhart
matroas Bruno Gaido Nick Jonas
matroas James Murray Keean Johnson
skout-by-nacht Tamon Yamaguchi Tadanobu Asano
Dagne Layton Rachael Perrell Fosket
Zhu Xuesan Kenny Leu
luitenant-op-see 1e klasse Eugene E. Linsey Darren Criss
luitenant-op-see 2e klasse Roy Pearce Alexander Ludwig
kaptein-luitenant-op-see Joseph Rochefort Brennan Brown
skout-by-nacht Raymond A. Spruance Jake Weber
kaptein-luitenant-op-see Minoru Genda Peter Shinkoda
kaptein-luitenant-op-see John Ford, regisseur Geoffrey Blake
faandrich Willie West Jake Manley
kaptein-op-see Miles Browning Eric Davis
faandrich George H. Gay jr. Brandon Sklenar
luitenant-op-see 1e klasse William H. Brockman jr. James Carpinello
admiraal Husband E. Kimmel David Hewlett
admiraal Ernest King Mark Rolston
keizer Hirohito fan Japan Hiroaki Shintani
premier fan Japan Hideki Tojo Hiromoto Ida
Jack MacKenzie, Ford syn kameraman Dean Schaller

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midway wie fan it begjin ôf oan in leafdesprojekt fan filmmakker Roland Emmerich, dy't syn plannen foar de film yn maaie 2017 buorkundich makke. It slagge him lykwols net en krij ien fan 'e grutte filmstudio's fan Hollywood safier dat dy Midway finansiere woe. Doe besunige Emmerich $25 miljoen op in budget fan $125 miljoen troch it tal oarlochssênes werom te bringen. Dêrnei wist er troch crowdfunding in yndrukwekkende $75 miljoen gear te bringen. Om oan it totale budget fan $100 miljoen te kommen, folle er dat oan mei $25 miljoen oan saaklike ynvestearrings, foar it meastepart fan Sineeske bedriuwen. Midway wie ien fan 'e djoerste ûnôfhinklike films ea makke

De film waard regissearre troch Emmerich nei in senario fan Wes Tooke. As produsinten wiene Emmerich en Harald Kloser by it projekt belutsen foar de filmstudio's Centropolis Entertainment, RuYi Media, de Starlight Culture Entertainment Group, Street Entertainment, AGC Studios, Entertainment One en The Mark Gordon Company. Dêrmei wie Midway in Amerikaansk-Dútsk-Kanadeeske ko-produksje. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robby Baumgartner, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Harald Kloser en Thomas Wander. De opnamen setten op 5 novimber 2018 útein en fûnen plak yn Honolulu, yn Hawaï, en yn Montreal, yn Kebek. Krekt as yn 'e measte oare moderne films oer de Twadde Wrâldoarloch sprekke de haadpersoanen yn Midway har eigen taal. De film is dêrmei twatalich Ingelsk en Japansk.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Midway waard yn 'e Feriene Steaten en de measte oare lannen en territoaria fersoarge troch Lionsgate Films, mar yn Kanada troch Elevation Pictures. De film gie op 8 novimber 2019 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre, om gear te fallen mei de Amerikaanske Feteranedei. Midway kaam op 4 febrewaris 2020 beskikber as digitale download en waard op 18 febrewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmkritisy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Midway mingde resinsjes. Yn 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail joech Barry Hertz de film 2 fan 4 stjerren. Hy fûn de film, it ûnderwerp yn acht nommen, oan 'e koarte kant wat de spyldoer fan 138 minuten oangie, en dochs tagelyk ek sa langtrieddich dat er wol fiif kear sa lang oanfielde. Neffens him wie "it meast yntrigearjende oan 'e film de fraach hokker Nij-Jersey-eftich aksint de Britske akteur Ed Skrein no eins prebearret te brûken yn syn rol as dûkbommesmiterpiloat Richard Best." Yn 'e Britske krante The Observer krige Midway fan Wendy Ide mar 2 fan 5 stjerren. Hja skreau dat de film fan klisjees oaninoar hong, mar dat er "sûnder mis befredigjend wêze sil foar fans fan unifoarmearre manlju dy't tsjin ûntploffings roppe en raze."

Michael O'Sullivan fan The Washington Post parte de film 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau dat Midway "in ferhaal fertelt dat libben en oangripend yn byld brocht wurdt, mei al it fermaak fan in grutte, âlderwetske oarlochsfilm". Dêr heakke er lykwols oan ta dat de romantyk folslein ûndersnijd wurdt "troch it pyf-paf-poef". Yn 'e Australyske krante The Sydney Morning Herald joech Paul Byrnes Midway 3 fan 5 stjerren. Hy neamde it "ien fan [regisseur Roland Emmerich syn] bettere films". Hy fûn lykwols dat de film oerstallich wie om't der al ferskate eardere films oer de Slach by Midway bestiene.

Lifestyleferslachjouster Jobeth Devera (l.) en tillefyzjekorrespondinte Jennifer Lahmers (rj.) posearje mei inkele manlike leden fan 'e cast fan Midway (f.l.n.rj. Dennis Quaid, Woody Harrelson en Patrick Wilson) foar de histoaryske ferkearstoer fan it fleanfjild op Ford Island yn Pearl Harbor.

Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety skreau: "[Midway] is yn prisipe in ienfâldige B-film. Mar it ferneatigjend botsende ynferno fan metaal op metaal […] is wat [it] ta in film makket dy't it besjen lije mei." Yn 'e Los Angeles Times wie Kenneth Turan fan miening dat Midway in film wie dy't "sa konvinsjoneel, sa old-school en sa âlderwetsk [is], dat er suver oanfield as avant-garde." Hy skreau ek: "[Dizze film] wol heldhaftigens, selsopoffering, trochsettingsfermogen en moed fiere, en as jo dêr net fan hâlde, dan maalt de film dêr net om."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Midway in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 169 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is in werfertelling fan in bekend ferhaal mei moderne special effects en in perspektyf dat mear yn balâns brocht is, mar it senario is net klear foar de striid." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Midway in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 28 resinsjes.

Histoarisy en feteranen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Midway hjir en dêr in lyts bytsje 'dichterlike frijheid' oan it ferhaal tafoeget, wiene sawol regisseur en filmprodusint Roland Emmerich as senarioskriuwer Wes Tooke wisberet om it sa histoarysk akkuraat mooglik te hâlden. De film waard dan ek priizge troch histoarisy en feteranen út 'e Twadde Wrâldoarloch om't er in folle gruttere historisiteit hat as Midway (1976) en Pearl Harbor (2001). Skout-by-nacht b.tsj. fan 'e Amerikaanske Marine Samuel J. Cox sei dêroer: "Nettsjinsteande guon 'Hollywood'-aspekten is dit noch altyd de meast reälistyske film oer marineloftfeartstriid dy't ea makke is."

Ferskate foarfallen út 'e film dy't op it earste gesicht oandogge as typyske betinksels fan 'e filmyndustry fan Hollywood, barden eins krekt sa't se yn Midway toand wurde. In foarbyld is de sêne wêryn't matroas Bruno Gaido mei it masinegewear fan in fleantúch dat op it fleandek fan 'e USS Enterprise parkearre stiet, foarkomt dat in Japanske bommesmiter it skip yn in selsmoardoanfal rame kin, wêrnei't er op slach in promoasje kriget fan fise-admiraal William "Bull" Halsey. Neffens Cox wie it iennichste ferskil dat Gaido himsels yn it echt nei ôfrin fan 'e Japanske oanfal besocht te ferstopjen, om't er bang wie dat er in beskrobbing krije soe foar it ferlitten fan 'e post dy't him tawiisd wie: "Se moasten suver in klopjacht hâlde om him by Halsey te krijen."

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midway brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $56,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $68,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $125,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $25,3 miljoen. Distributeur Lionsgate Films spandearre lykwols $40 miljoen oan promoasje foar de film, en as men dy marketingkosten meirekkenet, litte Midway eins $14,7 miljoen ferlies.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.