North American B-25 Mitchell

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
North American B-25 C/D Mitchell
B-25 falt skippen oan op in mysje yn Nij- Guinea

De North American B-25 Mitchell wie in Amerikaanske middelswiere twamotorige bommesmiter. Yn de Twadde Wrâldkriich waard se op alle fronten ynset, mat it meast boppe de Stille Oseaan. Der hawwe yn de rin fan de oarloch tal fan oanpaste ferzjes west. Nei de oarloch hat it deugdlik tastel by tal fan oare loftmachten tsjinne. De B-25 hat totaal sa'n 40 jier operasjoneel west. De B-25 waard ferneamd nei generaal Billy Mitchell, in pionier op it mêd fan de Amerikaanske militêre fleanderij. Doe't de produksje fan de Mitchell ophold, wiene der benei 10.000, yn tal fan farianten, fan makke.

De earste B-25 hie de dakgeskutskoepel foaroan by de cockpit en hie oan beide kanten fan de romp geskutsramen en in frijwat platte búkkoepel. Under en oan de sydkanten fan de cockpit sieten 3 kear twa 12,7 mm mitrailleurs.

De B-25 dy't de ferneamde oanfal Tokio útfierden, yn april 1942, laat troch Doolittle en bedoeld om Japan in morele wan op'e bealch te jaan, of faaks mear om de Amerikanen in hert ûnder de riem te stekken, wieen B-25's fan dat type. Sy stigen op fan it fleandekskip "USS Hornet (CV-8)", útsûnderlik om't dizze tastellen dêr net foar ûntwurpen wienen.

Yn de Slach by Midway wienen it B-25s dy't it Japanske fleandekskip "Akagi" útskeakelen.

[bewurkje seksje] Mitchell C

Fan de C-ferzje ôf oan krigen de B-25's in geskutsnoaskoepel, wat de "gewoane" B-25 net hienen. De geskutskoepel boppeop de romp kaam mids-efter te stean en de B-25 C hie no in sturtskutterspost yn it plak fan de geskutsramen. De búkskutterspost ûntbruts by dizze ferzje.

[bewurkje seksje] Techyske feiten en prestaasjes B-25 J

B-25Bs oan board fan de USS Hornet by de Doolittle Raid
Mitchell Mark III fan de RAF
  • Rol: Middelswiere bommesmiter
  • Bemanning: 6 (2 piloaten, navigator/bomrjochter, koepelskutter/boardwurktúchkundige, radio-telegrafist/skutter, sturtskutter)
  • Farianten: B-25, B-25A, B, C, D, XB-25E, XB-25F—A, XB-25G, B-25G, H, J, TB-25—A, D, G, C, J, K, L, M, N, VB-25J—A, CB-25J, ZB-25C, D, ZXB-25E, PBJ-1C, D, PBJ-1G, H, J
  • Lingte: 16,10
  • Hichte: 4,80
  • Spanwiidte: 20,60
  • Wjukoerflak: 57
  • Leechgewicht: 9580 kg
  • Brânstof: 15200 kg
  • Maksgewicht: 19000 kg
  • Motor: 2× Wright R-2600 "Cyclone" radiaalmotoren, 1850 hk it stik
  • Topfaasje: 442 km/o
  • Krúsfaasje: 370 km/o
  • Fleanbrik: 4300 km
  • Aksjeradius: 2170 km
  • Tsjinstplafond: 7600 m
  • Klimfaasje: 4 m/sek
  • Boardgeskut: 12 × 12,7 (.50) mm masinegewearen
  • Bomlading: 2700 kg


[bewurkje seksje] Galery

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as B-25 Mitchell en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen