Soerstof

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Soerstof (O2)
Cumulus clouds in fair weather.jpeg
Soerstof is nei Stikstof it faakst foarkommende elemint yn de atmosfeer
Algemien
Namme: Soerstof / Oksygenium
Symboal: O
Atoomnûmer: 8
Kloft: Soerstofkloft, kloft 16
Perioade: Perioade 2
Blok: P Blok
Rige: Net-metaal
Kleur: Kleurleas
Gemyske eigenskippen
Atoommassa: 15,999 u
Oksidaasjetastân: -2
Natuerwittenskiplike eigenskippen
Tichtheid: 1,429 kg/m3
Raanpunt: 54,8 K
Siedpunt: 90,2 K
Gewoane tastân: Gas (O2)
Periodyk systeem


Soerstof is in skiekundich elemint mei it symboal O en atoomnûmer 8. Soerstof komt yn frije foarm frijwol net op de ierde foar. Losse atomen fan dit elemint binne tige reaktyf en ferbine har daliks mei oare stoffen. Soerstof komt as elemint benammen foar as soerstofgas (O2). Soerstof is in net-metaal, dat yn gasfoarm kleurleas is.

Treffende karakteristiken[bewurkje seksje | edit source]

It elemint soerstof komt gewoanwei foar as in twa-atomich gas, O2. Yn dy foarm foarmet it 21% fan de atmosfear fan de Ierde. Ek de trije-atomige foarm, O3 (oazon), komt yn de natuer foar, foaral yn de hegere lagen fan de loft dêr't it foarme wurdt ûnder ynfloed fan kosmyske strieling. Troch luchtfersmoarging kin oazon ek oan de grûn foarkomme.

It elemint is by keamertemperatuer in gas, mar kin frij maklik floeiber makke wurde. De floeistof, en de fêste stof dy't by noch legere temperatueren stabyl is, hawwe in ljochtblauwe kleur. Alle foarmen fan soerstof binne paramagnetysk. Dit wurdt feroarsake troch de molekulêre elektroanyske struktuer. De molekule hat in dûbelde bining.

Fanwege syn nuvere elektroanestruktuer en syn hege elektronegativiteit is elemintêre soerstof in agressive oksidator, dy mei sawat alle oare eleminten in stabile bining foarmje kin. Utsûnderings binne in pear fan de lichtere edelgassen en it metaal goud, wêrfan allinnich metastabile oksiden bekend binne.

Yn oksiden nimt it elemint twa elektroanen op en foarmet it de oksidaasjetastân -2. Oksiden fan eleminten yn harren heechste oksidaasjetastân, lykas nitraten, gromaten, gloaraten en sa fierder, kinne sels ek bysûnder sterke oksidatoaren wêze. Neist oksiden binne der ek peroksiden bekend, lykas wetterstofperokside H2O2. Nominaal is hjir it oksidaasje getal – 1 en der is noch gjin inkele soerstof-soerstof bining (H-O-O-H). Peroksiden binne net botte stabyl en kinne, ôfhinklik fan de soergraad, as oksidator of reduktor optrede.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]