Leonard Cohen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Leonard Cohen, 2 july 2007

Leonard Norman Cohen, berne op 21 septimber 1934 yn Montreal, Quebec, is in dichter, skriuwer mar benammen sjonger fan syn eigen lieten. Cohen syn muzyk hat oer it generaal in sterke emosjonele lading en de teksten binne faak kompleks mei in protte metafoaren. Cohen hat in soad ynfloed hân op oare artysten en syn wurk is dan ek hûnderten kearen troch oaren útbrocht.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Cohen is berne yn in Joadske middenstânshûshâlding yn Montreal; syn heit wie kleanmakker. As jonge learde hy gitaar te spyljen en foarme in country/folk-groep mei de namme Buckskin Boys.

Yn 1951 gie Cohen nei de Mc Gill Universiteit om literatuer te studearjen. Hy hie doe al besluten om poëet te wurden. Syn earste bondel ferskynde yn 1965 wylst hy noch net ôfstudearre wie: Let Us Compare Mythologies. Mei syn twadde bondel The Spice Box Earth (1961) makke hy namme as dichter, benammen yn Kanada.

Neidat hy ferhuze wie nei Hydra, in Gryksk eilân, publisearre Cohen de dichtbondel Flowers for Hitler en de romans The Favorite Game (1963) en Beautiful Losers (1966). The Favorite Game is in autobiografyske 'bildungsroman' oer in jonge man dy't syn identiteit as skriuwer besiket te finen, dat yn tsjinstelling ta Beautiful Losers dat beskôge wurdt as in 'anty-bildungsroman'.

Yn 1967 ferhuze Cohen nei Amearika om in karriêre as folksjonger op te setten. Syn earste album Songs of Leonard Cohen klonk te depressyf om in kommersjeel sukses te wurden, mar waard wol omearme troch ferskate folkleafhawwers. Der ferskynden noch trije albums mei in ienfâldige setting: Songs from a Room (1969), Songs of Love and Hate (1971) en New Skin for the Old Ceremony (1974).

Ein 60-er en begjin 70-er jierren spile Cohen in soad yn Amearika, Kanada en Europa. Syn measte sukses hie Cohen dêrby yn Kanada en Europa.

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

Cover[bewurkje seksje | edit source]

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]