La Planète des singes

Ut Wikipedy
La Planète des singes
algemiene gegevens
auteur Pierre Boulle
taal Frânsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1963, Parys
oarspr. útjwr. Éditions Julliard
kodearring
ISBN oarspr. útjûn sûnder ISBN
útjefte 2001: 978-2 26 62 83 021

La Planète des singes (útspr.: [la plaˈnɛːt dɛ sʌ̃ʒ], likernôch: "la pla-nêtsênzj") is in satiryske roman fan 'e hân fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle, dy't yn 1963 publisearre waard by de útjouwerij Éditions Julliard. De titel betsjut: "De Planeet fan 'e Apen". It boek is bûten Frankryk better bekend ûnder de titel fan 'e Ingelske oersetting dy't yn 'e Feriene Steaten útbrocht waard: Planet of the Apes (wat eins "Planeet fan 'e Minskapen") betsjut (yn it Feriene Keninkryk ferskynde de roman yn in Ingelske oersetting ûnder de titel Monkey Planet). La Planète des singes heart ta it sjenre fan 'e science fiction. De roman ferhellet oer trije minsklike ûntdekkingsreizgers fan 'e Ierde dy't in fiere planeet besykje dêr't se in beskaving fan yntelliginte en pratende minskapen oantreffe. Op dy planeet libje ek minsken, mar dy binne net folle better as bisten en liede in primityf bestean yn 'e wyldernis. It boek einiget mei net ien mar twa ferrassende draaien yn 'e plot. It ferhaal fan La Planète des singes waard wrâldferneamd troch de ferfilming fan 'e roman yn 'e foarm fan 'e Amerikaanske film Planet of the Apes út 1968.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

La Planète des singes waard troch de Frânske auteur Pierre Boulle skreaun yn in perioade fan in healjier nei't er by in besyk oan 'e dieretún troch de 'minskeftige' gesichtsútdrukkings fan gorilla's ynspirearre waard ta it beprakkesearjen fan 'e relaasje tusken de minske en de minskaap. Yn La Planète des singes is in sterke ynfloed werom te finen fan 'e fiktive aventoerlike reisferslaggen út 'e achttjinde en njoggentjinde iuw, yn 't bysûnder it satiryske Gulliver's Travels fan Jonathan Swift.

De roman is ien fan ferskate boeken fan Boulle, wêryn't de skriuwer narratologyske eleminten en in plot út it science fiction-sjenre brûkt om kommentaar te leverjen op it falen fan 'e minskheid yn 'e echte wrâld en de te grutte ôfhinklikheid fan 'e moderne minske fan technology. Sels fûn Boulle trouwens dat syn La Planète des singes gjin science fiction wie, mar in sjenre dat er "maatskiplike fantasy" neamde. It sintrale tema fan it boek is dat minsklike yntelliginsje gjin fêststeande kwaliteit is, mar belúnje en ôfstjerre kin as men it net ûnderhâldt.

Boulle beskôge La Planète des singes as ien fan syn mindere wurken, mar de roman waard ien fan syn grutste bestsellers, net inkeld yn Frankryk, mar ek om utens.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in ramtferhaal reizget yn 'e fiere takomst in ryk troud pear, Jinn en Phyllis, allinne yn in romteskip tusken de stjerren as se in âld manuskript ûntdekke dat yn in flesse yn 'e romte omdriuwkelet. Wannear't se it manuskript witte te fertalen, docht bliken dat it skreaun is troch de Frânske sjoernalist Ulysse Mérou. It is in reisferslach.

Mérou wurdt yn it jier 2500 útnûge troch de rike professor Antelle om him en syn assistint Arthur Levain te beselskipjen op in reis nei de stjer Betelgeuse. Mei't harren romteskip de faasje fan it ljocht deun benei komt, geane der op 'e Ierde troch it ferskynsel fan tiidsdilataasje iuwen foarby yn 'e twa jier dat se ûnderweis binne nei Betelgeuse. By oankomst yn it fiere planetestelsel lânje se mei in lyts romtefear op in ûnbekende eksoplaneet mei in tuskenbeiden klimaat en in wielderige plantegroei dy't se Soror neame (Latyn foar "suster"). Se kinne de lucht azemje, it wetter drinke en de fruchten ite. Der blike minsken op Soror te libjen, en de romtefarders folgje in oantreklike jonge frou nei in poel, dêr't se swimme ûnder in pittoreske wetterfal.

De frou, dy't se Nova neame (Latyn foar "nij") praat net tsjin harren, mar yn 't earstoan nimme se oan dat dat oan 'e taalkleau leit. Nova is benaud foar it húsdier fan 'e professor, in sjimpansee dy't Hector hjit, en fersmoart it bist. Wylst se oan it swimmen binne, ferniele leden fan Nova har stamme it romtefear en teffens skuorre se de klean fan Mérou-en-dy oan fodden. Wat der oerbliuwt, is net better as de fodden dêr't de wrâldseigen minsken sels yn klaaid binne. De stamgenoaten fan Nova fertoane it hâlden en dragen fan domme bisten, en de romtefarders begjinne in faai foargefoel te krijen.

Ynienen wurdt de stamme oanfallen troch gorilla's, dy't folslein klaaid en tarist binne as jagers, en dy't bewapene binne mei gewearen. In grut tal fan Nova har folk wurdt deade, en ek Levain komt om. Mérou wurdt finzen nommen mei de oare oerlibbenen en nei in technologysk heech ûntwikkele stêd brocht dy't bewenne wurdt troch minskapen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De klean fan 'e apen is fierhinne gelyk oan 'e klean fan Ierdske minsken út 'e midden fan 'e tweintichste iuw, útsein wat skuon oangiet, dy't de apen net drage. Ynstee hawwe se wanten oan harren grypfuotten. De apen smoke sigaretten, geane op 'e foto mei jachttrofeeën yn 'e foarm fan 'e deasketten minsken, drinke drankjes troch sûchreidsjes, ride yn auto's, fleane yn fleantugen, sjogge nei de tillefyzje en lykje op eltse oare manear folslein beskaafd te wêzen. Harren maatskippij is opdield yn trije kasten: agressive gorilla's dy't plysjes en soldaten binne; konservative orang-oetans dy't politisy en religieuze lieders binne; en progressive sjimpansees dy't wittenskippers binne.

Yn in biologysk ûndersyksynstitút ken Mérou de trainingsmetoaden wer dêr't de sjimpansees de finzen minsken oan ûnderwerpe. Hy wurdt keppele oan Nova, mei as oerdúdlike bedoeling dat se pearje en bern krije sille. Mérou besiket oan te jaan dat hy oars is as de oare minsken troch geometryske tekenings te meitsjen en in pear wurdsjes fan 'e apetaal te learen. Dêrmei makket er de wittenskipster Zira nijsgjirrich nei him. Mei help fan Cornélius, de ferloofde fan Zira, hâldt Mérou in taspraak foar in publyk fan in pear tûzen apen. Dêrmei wit er harren derfan te oertsjûgjen dat hy like yntelligint is as sysels binne. Hy kriget syn frijheid werom en der wurde him op maat makke klean jûn om te dragen. Underwilens is professor Antelle, dy't ek finzen nommen wie, yn in dieretún bedarre, dêr't er meitiid syn yntelliginsje ferliest en like primityf wurdt as de wrâldseigen minsken fan Soror. Foar syn eigen feilichheid wurdt er oerpleatst nei it laboratoarium fan Zira-en-dy, dêr't er keppele wurdt oan in jonge primitive frou.

Cornélius, dy't argeolooch is, dobbet in minsklike stêd op út 'e fergetten Aldheid fan Soror. In bewusteleaze minske yn it laboratoarium seit út it rasiaal ûnthâld fan syn soarte op hokker foarfallen laat hawwe ta de delfal fan 'e minsklike beskaving op Soror. Minsken makken minskapen nuet en setten harren op in stuit yn as tsjinstfolk. Doe't de iverige apen troch evolúsje learden om te praten, koene se har wurk fierder sûnder minsklik tafersjoch dwaan. Alle wurk fan 'e minsken waard oan 'e apen oerdroegen, sadat de minsken neat mear hoegden te dwaan en de hiele dei wat omloaikje koene. In serebrale loaiheid makke him master fan 'e minsken, dy't harren yntelliginsje net mear brûkten en stadichoan ek it fermogen om dy yntelliginsje te brûken begûnen te ferliezen. De apen namen har yntrek by de minsken yn 'e minsklike wenten. Letter ferdreaune de apen de minsken út dy wenten nei kampen bûten de stêd. Yn it lêste oantinken foelen de apen it lêst oerbleaune minsklike kamp oan en rekken de minsken fersille yn 'e wyldernis.

Underwilens is Nova swier rekke fan Mérou en se befalt fan in poppe, in jonkje dat fan Mérou de namme Sirius kriget. Wannear't dy in trije moannen âld is, kin er al rinne en prate. As se foar it ferstân krije dat de yntelliginsje fan Mérou genetysk oerdraachber is, begjinne de apen dat as in bedriging te sjen. Om't Mérou foar it libben fan syn nije húshâlding frezet, nimme hy, Nova en Sirius it plak yn fan finzen minsken dy't as proefdieren de romte yn sketten wurde by in romtefearttest. Foar de apen sjogge alle minsken der itselde út, dat net ien dy't it opmerkt. Ienris yn 'e romte wit Mérou mei syn húshâlding it romteskip fan professor Antelle te berikken, dat noch altyd yn in baan om Soror rûntsjedraait.

Mérou hellet it skip út 'e planetêre baan en programmearret it om werom te fleanen nei de Ierde. Se binne twa jier ûnderweis en op 'e nij geane der iuwen foarby op 'e Ierde. As se lang om let by de Ierde oankomme en oer Parys hinne fleane, sjogge de Lofthaven Parys-Orly en de Eiffeltoer der noch krekt sa út as foarhinne. Wannear't se lânje, wurde se lykwols begroete troch in legerofsier yn in Jeep dy't in gorilla blykt te wêzen. (Suggerearjend dat de minsklike beskaving op 'e Ierde, yn 'e iuwen dat Mérou dêr ôfwêzich wie, itselde lot troffen hat as de minsklike beskaving op Soror.)

Pas dan wurdt útbrocht, fia it ramtferhaal, dat Jinn en Phyllis feitliks beskaafde sjimpansees binne. Hja wize it reisferslach fan Mérou skodholjend ôf as klearebare fantasij, om't se it idee fan yntelliginte minsken bespotlik fine.

Ferfilmings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

La Planète des singes waard yn 1968 troch de Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox ferfilme as Planet of the Apes, mei akteur Charlton Heston yn 'e haadrol. Dêrby moat oantekene wurde dat it ferhaal fan 'e roman yn 'e film yn ferskate opsichten feroare is. Sa is de haadpersoan gjin Frânske sjoernalist, mar in Amerikaanske astronaut, dy't oan 'e ein fan 'e film net weromkeard nei de Ierde, mar ta syn ûntsetting ûntdekt dat de ûnbekende planeet dêr't er bedarre is, eins de Ierde sels yn 'e fiere takomst is. In oar grut ferskil is dat de beskaving fan 'e minskapen yn 'e film frij primityf is (ferlykber mei de Jeropeeske beskaving om 1500 hinne), en net oer auto's, fleantugen of tillefyzje beskikt, lykas yn La Planète des singes. Reden foar dy lêste feroaring wie dat de film oars te djoer wurde soe.

De film wie sa populêr, dat der in hiele mediafranchise efterwei kaam, dy't ek Planet of the Apes hjit. Dêrta hearre fjouwer ferfolchfilms dy't yn 'e iere 1970-er jierren útkamen en in live-actiontillefyzjesearje en in tekenfilmsearje út dyselde tiid. Ek waarden der ferboekings fan 'e ferfolchfilms skreaun en ferskynden der strips en letter fideospultsjes yn it ramt fan 'e franchise.

Yn 2001 waard La Planète des singes foar de twadde kear ferfilme as Planet of the Apes, dat tagelyk ek in remake wie fan 'e earste filmadaptaasje. Diskear spile Mark Wahlberg de haadrol as de Amerikaanske astronaut Leo Davidson. Der wiene op 'e nij gâns ferskillen mei de roman, mar oer it algemien stie de twadde ferfilming tichter by La Planète des singes as de earste. Sa is de apeplaneet yn 'e twadde ferfilming echt in oare planeet en keart Davidson oan 'e ein fan 'e film werom nei de Ierde.

Yn 'e 2010-er jierren besleat 20th Century Fox ta in reboot fan 'e hiele franchise, dy't yn 2011 úteinsette mei de film Rise of the Planet of the Apes. Dat wie lykwols net in trêde ferfilming fan La Planète des singes, om't men ynstee it ferhaal oppakte by Conquest of the Planet of the Apes, de trêde ferfolchfilm op 'e oarspronklike filmadaptaasje út 1968. It súkses fan Rise of the Planet of the Apes late ta in nije rige films yn 'e franchise.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.