Eiffeltoer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tour eiffel at sunrise from the trocadero.jpg

De Eiffeltoer is boud foar de ynternasjonale wrâldútstalling fan Parys yn 1889. De Prins fan Wales, Kening Edward VII fan Ingelân, iepene de toer.

De Bou[bewurkje seksje | edit source]

Fan de 700 foarstellen dy’t yntsjinne wienen foar in ûntwerpkompetysje, waard it ûntwerp fan Maucice Koechlin en Emile Nouguier unanym útkeazen, mei as oannimmer Gustave Eiffel. Mei syn 324 meter wie dit it heechste gebou oant 1930. Der binne 2.5 miljoen klinkneilen brûkt, 300 stielwurkers hawwe twa jier oan it bouwen west. De top beweecht maksimaal 12cm troch de wyn. Der sit 40 ton ferve op it gebou en it bestiet út mear as 15.000 stikken izer. Yn 1909 is it gebou hast sloopt. Mar it mocht stean bliuwe fanwege de antenne dy’t op de top stiet. Dizze antenne waard brûkt as telegraaf. Ek de Frânske radio en televyzje hawwe gebrûk makke fan de toer.

De Toer[bewurkje seksje | edit source]

De toer hat trije ferdjippings. It útsjoch oer de stêd is bjusterbaarlik. It moaiste byld krijt men as je in oere foardat de sinne ûndergiet op it heechste punt stean geane.

Under[bewurkje seksje | edit source]

Under binne in soad winkels foar toeristen. Der is in sûvenirswinkel en der binne itenswinkels.

De earste ferdjipping.[bewurkje seksje | edit source]

Op dizze grutte ferdjipping op 40 meter hichte is in part fan de âlde spiraaltreppen. Dizze treppen waarden earst brûkt om fan de twadde ferdjipping ôf nei de top te kommen. Yn 1983 binne de treppen fuorthelle en yn lytse stikjes ferkocht op in ynternasjonale feiling. Der is in lytse bioskoop te finen op de earste ferdjipping. Hjir wurde koarte filmkes fertoand oer de Eiffeltoer. Ek hingje dêr boerden mei útlis sadat jo witte wêr't jo in foto fan meitsje.

De eifeltoer by tonger

De twadde ferdjipping.[bewurkje seksje | edit source]

Op dizze ferdjipping op 70 meter hichte wurdt in film fertoand oer de bou fan de Eiffeltoer. Ek binne hjir wer trije ferskillende sûvenirwinkels. Yn sommige parten fan de flier sitte glêzen platen. Hjirtroch kinst dúdlik nei ûnderen sjen.

Op de top[bewurkje seksje | edit source]

Op de top op 350 m hichte is it kantoar fan Gustave Eiffel. De waaksen figueren dy’t yn it kantoar stean binne fan him en syn dochter. Op de top stean boerden mei ferwizingen nei plakken en de ôfstân fan dy plakken.

Dimensions tour Eiffel.JPG

De Eiffeltoer no[bewurkje seksje | edit source]

Yn it jier 2000 binne der ferskate lampen ynstalleare op de Eiffeltoer. Dizze lampen soargje derfoar dat der alle jûnen in ljochtsjo hâlden wurde kin. Nachts binne der grutte lampen oan op de top. Dat soarget derfoar dat de Eiffeltoer in beaken yn de nacht is. Alle jierren wurdt der op Quatorze Juillet 14 july, de Frânske nasjonale feestdei, om de Eiffeltoer hinne in grut fjoerwurk ôfstutsen.