Gustave Eiffel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gustave Eiffel
De Dom Luis I brêge yn Porto, Portegal

Alexandre Gustave Eiffel (Dijon, 15 desimber 1832Parys, 27 desimber 1923 wie in Frânske bou-arsjitekt.

Eiffel is berne yn Dijon yn Frankryk. Syn heit wie fan oarsprong in Dútse offisier út it Rynlân. Hy is wrâldferneamd wurden trochdat hy tusken 1887 en 1889 de Eiffeltoer boude foar de wrâldtentoanstelling yn Parys. It ûntwerp fan de Eiffeltoer kaam foaral fan syn twa meiwurkers Maurice Koechil en Emile Nouguier, Eiffel fûn it ûntwerp earst healwiis mar neidat it er goeie kritiken kamen op it ûnderwerp kocht hy it op.

Dêrneist hat Eiffel gearwurke mei Frederic Barholdi om it Frijheidsbyld te ûntwerpen dat yn New York stiet.

Eiffel hat fierders hûnderten spoarbrêgen makke yn Frankryk. Ek wurke Eiffel wol yn it bûtenlân. Bygelyks in Portegal, dêr ûntwurp hy de Dom Luis I brêge yn de stêd Porto.