Knooppunt Surch

Ut Wikipedy
Lokaasje fan it knooppunt Surch
It knooppunt Surch
Loftfoto fan de Kop fan Ofslútdyk mei it knooppunt Surch

It knooppunt Surch is in ferkearsknooppunt yn Fryslân op de Kop fan de Ofslútdyk, tusken de doarpen Surch en Koarnwert, en ferbynt de A7 (Saandam-Den Oever-It Hearrenfean-Grins-Nijeskâns) mei de A31/N31 (Surch-Harns-Ljouwert-Drachten).

It knoopunt is neamd nei it doarp Surch dat 1,4 km benoarden it knooppunt leit.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 25 septimber 1933 waard de earste dyk op de Ofslútdyk oer de Kop nei Surch ta iepene. Yn febrewaris 1938 waard in ienbaansdyk dyk fan de Kop nei Harkesyl iepene. Healwei 1975 waarden de A7 en A31 omboud ta autogongswegen en krigen dy harren hjoeddeistige nûmers. Op 3 desimber 1975 waarden de A31 tusken de Kop en Surch en ek it knooppunt Surch iepene foar it ferkear. Hoewol't it knooppunt dus al yn gebrûk wie, waard it offisjeel yn 1976 iepene as "knooppunt Kop Ofslútdyk".[1]

Ein 2005 waard de N31 tusken Surch en Harns ferdûbele ta in fjouwerbaans autowei.[2]

Foarm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It knooppunt waard yn in trijehoekige foarm boud, as in heal stjerknooppunt. Oars as by oare knooppunten, is it knooppunt Surch wiidweidich opset. De ferbininsstripen fan Snits ôf rjochting Harns en oarsom binne wol twa kilometer lang. De ferbiningsstripe fan De Helder rjochting Harns is in twastripe, wylst de ferbiningsstripe fan Harns rjochting De Helder oant de oprit op de A7 ynearsten twa stripen hat en dêrnei ien. De oare ferbiningsstripen hawwe ien stripe.

Op it knooppunt is yn de A7 fan beide kanten in ôfslach Surch, dêr't oan iene kant in ferbining is mei de Houdyk by de Iselmarseedyk del nei Koarnwert en Makkum ta, en oan oare kant in ferbining nei in tankstasjon, restaurant en bushalte, dy't midden yn it knooppunt lizze, en it doarp Surch. Ek is der in ôfslach Surch yn de A31 justjes benoarden it knooppunt.

De A7 en A31/N31, dy't op it knooppunt ôfkomme, binne beide fjouwerbaansdiken. Daliks bewesten tsjin it knooppunt oan is de Waadseedyk en oan de westkant fan it knooppunt begjint de Ofslútdyk.

   Oanslutende diken   
        nei Harns, Ljouwert       
     
     
     nei Boalsert, Snits, Grins 
  nei De Helder, Amsterdam      Houdyk nei Koarnwert, Makkum       



Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits