Des Moines (Iowa)
| Des Moines | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 203.433 (2010) | |
| Oerflak | 200,1 km² | |
| Befolkingstichtens | 1.012 / km² | |
| Stêdekloft | 562.906 | |
| Hichte | 291 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Iowa | |
| Countys | Polk, Warren, Dallas | |
| Oar | ||
| Stifting | 1843 | |
| Tiidsône | CST (UTC-6) | |
| *Simmertiid | CDT (UTC-5) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | http://www.dmgov.org | |
Des Moines is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Iowa. De stêd waard stichte yn 1846 oan de gearrin fan de rivieren de Racoon en de Des Moines (de Frânsken neamden it Rivière Des Moines, 'Muontserivier', dêr't de stêd nei ferneamd waard). Des Moines leit yn it hert fan de saneamde Corn Belt (in grut lânbouwgebiet dêr't fanâlds in protte Stynske weet (corn) en oare nôtsoarten ferboud wurde) en is ek haadstêd fan Polk County.
Des Moines hat in protte haadkantoaren fan fersekeringsmaatskippijen en is fierders ek fan belang yn finansjele tsjinstferliening.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Demografy
Fan de befolking is 12,4 % âlder as 65 jier en hat 31,9 % ienpersoanshúshâldings. De wurkleazen berintt 2,6 % (sifers folkstelling 2000).
Likernôch 6,6 % fan de befolking fan Des Moines bestiet út hispanics en latino's, 8,1 % is fan Afrikaanske oarsprong en 3,5 % van Aziatyske oarsprong.
It tal ynwenners groeide fan 193.333 yn 1990 nei 198.682 yn 2000 en goed 203.000 yn 2010.
[bewurkje seksje] Yndustry
Yn Des Moines sit de grutste en âldste Bridgestone/Firestone trekkerbannefabryk dy't werom giet oant 1926. In gaadlik plak yn it agraryske mids-westen.
[bewurkje seksje] Des Moine yn de literatuer
In ferneamd persoan út Des Moines is de auteur Bill Bryson. Hy skreau ûnder oaren in boek oer syn bernejierren yn it Des Moines fan de jierren fyftich (Life and times of the thunderbolt kid, 2006). De iepeningssin fan it boek is: "I was born in Des Moines. someone had to."
[bewurkje seksje] Berne yn Des Moines
- Cloris Leachman (30 april 1926), aktrise
- Bill Bryson (8 desimber 1951), sjoernalist en skriuwer
- David Anthony Higgins (9 desimber 1961), akteur
- Lolo Jones (5 augustus 1982), huorderinster
[bewurkje seksje] Stedebân
Saint-Étienne (Frankryk), sûnt 1984
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Des Moines, Iowa fan Wikimedia Commons. |