De Dominy fan Vejlby

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Steen Steensen Blicher.

De Dominy fan Vejlby, yn it Deensk: Præsten i Vejlby (eins oarspronklik stavere as Præsten i Vejlbye), is in koarte histoaryske novelle fan 'e hân fan 'e Deenske skriuwer, dichter, oersetter en predikant Steen Steensen Blicher (1782-1848). It wie it earste Deensktalige detektiveferhaal, dat ferhellet oer it ûndersyk nei in moard dêr't persoanlike motiven yn behelle reitsje en dat úteinlik op tragyske wize misbeteart. It boek is basearre op in wiere moard yn it Jutske doarpke Vejlby, út 1626, dêr't Blicher foar in diel oer wist troch de fermelding derfan yn 'e Deenske tsjerkeskiednis fan Erik Pontoppidan, út 1741, en foar in diel út mûnlinge oerlevering. De Dominy fan Vejlby wurdt beskôge as in literêr masterwurk en Blicher syn magnum opus. It waard yn 1829 foar it earst publisearre. Yn 2006 waard it as ien fan mar tsien literêre wurken opnommen yn 'e Deenske Kultuerkanon. De novelle is trijeris ferfilme: yn 1922 as stomme film, troch August Blom; yn 1931 troch George Schnéevoigt; en yn 1972 troch Claus Ørsted. De Fryske oersetting fan Præsten i Vejlby, troch Gerryt Dykstra, ferskynde yn 1952.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It tragyske ferhaal wurdt ferteld yn it ik-perspektyf, oan 'e hân fan 'e deiboeknotysjes fan Erik Sørensen, de skout en rjochter fan it Jutske doarp Vejlby. Sa komt de lêzer yn 'e kunde mei Søren Qvist, in lutherske doarpsdûmny mei in koart lontsje, dy't beskuldige wurdt fan 'e moard op syn ûnútsteanbere feint Niels Bruus. Dy lêste is nammentlik spoarleas ferdwûn nei't hy en de dûmny op in jûn letterlik slaande deilis rekken. Sørensen, dy't as pleatslike rjochtstsjinner de saak ûndersykje moat, docht dat mei grutte tsjinnichheid, om't er fersein is oan Mette, Qvist syn dochter, mei wa't er oer trije wiken trouwe sil. Bruus syn broer twingt him lykwols om syn plicht te dwaan.


Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.


Sørensen wol neat leaver as útfine dat dûmny Qvist neat mei de saak fan dwaan hat en sa dizze besmodzging fan 'e goede namme fan syn oansteande skoanheit úwiskje, mar wat mear oft er de saak neirint, wat dúdliker oft Qvist as de dieder yn 'e moardsaak nei foarren ta komt. Almar mear tsjûgen bringe bewiis oan tsjin 'e dûmny, en al stelle al dy stikjes op harsels net safolle foar, allegearre mei-inoar foarmje se slutend bewiis tsjin Qvist. De dûmny sels kin him de moard net mear tebinnenbringe, mar as er mei it bewiismateriaal konfrontearre wurdt, jout er ta dat it net oars kin of hy moat it dien hawwe. Om't er in konsjinsjeus man is, bekent er dêrop de moard en tekenet dêrmei syn eigen deafûnis. Sørensen is, as doarpsrjochter, dan twongen om 'e straf út te fieren, dat hy ûnthalzet de dûmny, wêrmei't Mette, de leafde fan syn libben, foar ivich ûnberikber foar him wurdt. It fanke ferfart earnewêr oars hinne, en Sørensen bliuwt de rest fan syn libben allinnich.

It perspektyf fan it ferhaal ferskoot dan nei de deiboeknotysjes fan 'e nije dûmny fan Vejlby. Tweintich jier binne der foarbygien as dy op in dei besocht wurdt troch in omdoarmjend bidler dy't opbychtet dat hy de deawaande Niels Bruus is, it slachtoffer fan 'e moard dêr't it allegear om te dwaan wie. No't syn broer koartby stoarn is, is hy einlings en te'n lêsten weromkeard nei Vejlby. Hy fertelt de nije dûmny dat syn dea yn sêne set wie troch syn broer, as wraak om't dyselde troch dûmny Qvist ôfstegere wie doe't er om dy syn tastimming frege hie om Mette it hof te meitsjen. De nije dûmny beslút om it ferhaal foar Sørensen stil te hâlden, mei't it nei syn idee gjin inkele sin hat om 'e doarpsrjochter te fertellen dat er in ûnskuldich man deadien en syn eigen libbensnocht ûnnedich fersmiten hat. Niels Bruus bringt it lykwols dochs oan Sørensen út, dy't dêrop in hertoanfal kriget en yninoar sakket. De oare deis wurdt Bruus dea fûn, langút oer it grêf fan dûmny Qvist lizzend.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Præsten i Vejlby waard ûnder de titel De Dominy fan Vejlby yn it Frysk oerset troch Gerryt Dykstra (1879-1973), fan berop learaar Dútsk, dy't ek ferantwurdlik wie foar û.m. it ferfryskjen fan 'e Aldiislânske Gunnlaugssêge. De fertaling fan Præsten i Vejlby waard yn 1952 as fúljeton publisearre yn it tydskrift It Heitelân.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Blicher, Steen Steensen, De Dominy fan Vejlby (oers. Gerryt Dykstra), yn: It Heitelân, 1952, s. 12 e.f., 35 e.f., 79 e.f., 118 e.f., 172 e.f., 195 e.f., 219 e.f.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.