Steen Steensen Blicher

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Steen Steensen Blicher.

Steen Steensen Blicher (Vium, by Viborg, 11 oktober 1782Spentrup, 26 maart 1848), wie in Deensk skriuwer, dichter, oersetter en predikant fan Jutsk komôf. Hoewol't er yn syn eigen tiid net bot wurdearre waard, wurdt er hjoed de dei beskôge as de pionier fan 'e novelle en it koarte ferhaal yn 'e Deenske taal, en as ien fan 'e grutte figueren út 'e Deenske literatuer, ferlykber mei Hans Christian Andersen en Karen Blixen. Yn 2006 waard syn novelle Præsten i Vejlby as ien fan mar tsien literêre wurken opnommen yn 'e Deenske Kultuerkanon. Njonken syn ynfloed op it Deensk wie Blicher ek tige wichtich foar it Jutsk, syn memmetaal, dat er suver as ien fan 'e earste auteurs ta skriuwtaal ferhefte.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Blicher wie de soan fan in literêr oanlein luthersk Jutsk predikant, waans famylje oft yn 'e fierte noch besibbe wie oan Marten Luther. Hy groeide oan 'e ein fan 'e achttjinde ieu op 'e heiden fan Jutlân op, deunby de natoer en it libben fan 'e sljochtwei komelkers en arbeiders. As folwoeksene besocht er earst yn syn ûnderhâld te foarsjen as ûnderwizer, en doe as pachtboer, mar úteinlik folge er yn syn heite fuotstappen troch luthersk predikant te wurden. Fan 1825 oant 1847 stied er yn 'e Jutske plattelânsgemeente fan Spentrup.

Op 11 juny 1810 troude Blicher mei Ernestine Juliana Berg, mei wa't er tsien bern krige, sân soannen en trije dochters. Harren houlik wie gjin daverjend súkses, en syn frou bedreach him mei in oare man. Blicher yn predikantskip wie likemin besiele: hy hie mear belangstelling foar de jacht en foar syn skriuwen. Yn 1842 waard er op beskuldiging fan alkoholisme royearre troch de Koöperaasje fan Deenske Skriuwers, en nei in lange striid waard er fiif jier letter, yn 1847, koart foar syn dea, troch de Deenske Tsjerke út syn amt as predikant set.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't er yn syn eigen tiid as skriuwer mar kwealk foar fol oansjoen waard, wurdt Blicher hjoed de dei beskôge as de pionier fan 'e novelle en it koarte ferhaal yn 'e Deenske taal. Fan 'e 1820-er jierren oant syn dea yn 1848 skreau er withoefolle ferhalen (dy't er oer it algemien yn pleatslike tydskriften publisearre), in stik as tsien novellen en teffens histoaryske en amateurwittenskiplike sketsen oer in ferskaat oan ûnderwerpen. Foar in grut part bestiet syn wurk út lektuer dy't inkeld ta fermaak bedoeld wie, mar der binne ek literêre masterwurken by. Dêryn beskriuwt Blicher oer it algemien it minsklik lot yn syn heitelân Jutlân, gauris op tragyske en melankelike wize, al is er net sûnder kwinkslach of humor. Stylistysk sjoen wikselet er syn eigen yntellektuële ferheljende trant ôf mei útspraken yn 'e sprektaal troch syn personaazjes.

Fan Blicher syn proazawurken moatte fjouwer sûnder mis neamd wurde. Yn it foarste plak heart dêrta Brudstykker af en Landsbydegns Dagbog ("Fragminten út it Deiboek fan in Parochyklerk"), de novelle dêr't er yn 1824 mei trochbriek, en dy't ferhellet oer it libben fan in earme jongfeint, dat pleage wurdt troch in ûngelokkige leafde, oarloch en ballingskip. It trijeris ferfilme Præsten i Vejlby (De Dominy fan Vejlby), de earste Deenske misdieroman, út 1829, wurdt beskôge as Blicher syn magnum opus, en giet oer it ûndersyk nei in moard dêr't persoanlike motiven yn behelle reitsje en dat úteinlik folslein misbeteart. It sombere Hosekræmmeren ("De Hoazzemakker"), ek út 1829, dat twaris ferfilme is en de geastlike ynstoarting fan in hoazzemakkersdochter beskriuwt fanwegen in ûngelokkige leafdesaffêre, is ien fan 'e klassikers fan 'e njoggentjinde-ieuske Deenske literatuer wurden. En Sildig Opvågnen ("Te Let Untweitsjen"), út 1828 is in trageedzje oer oerhoer en selsmoard, dy't mooglik beynfloede is troch de ûntrou fan Blicher syn frou, dêr't er datseldichste jier efter kaam.

Poëzij skreau Blicher fan 'e Napoleontyske Oarloggen oant syn dea. Ferneamde gedichten fan sines binne it melankelike Til Glæden ("Oan 'e Blydskip"), út 1814, syn nijsgjirrige oade oan Jutlân Kærest Du, Fødeland ("Leaf Bist My, Heitelân"), en syn ymposante winterdicht Det Er Hvidt Herude ("It Is Wyt Bûtendoar"). Syn filosofyske dichtbondel Trækfuglene ("De Trekfûgels"), dy't ynspirearre waard troch in slimme sykte, is foar syn dwaan mar frijwat ûnkarakteristyk. Yn it Jutsk besong er yn 1841 it Jutske folksaard yn Jyden, Han Æ Stærk å Sej ("De Jut, Hy Is Sterk en Taai"). In oar Jutsktalich wurk is it boek E Bindstouw, in mingsel fan faak humoristyske ferhalen en gedichten dy't Rimen en Teltsjes fan 'e Bruorren Halbertsma net wanlyk is, en inselde funksje foar it Jutsk ferfollet as dat Rimen en Teltsjes foar it Frysk hat.

Njonken syn eigen skriuwerij sette Blicher ek wurken út it Ingelsk yn it Deensk oer. Dêrûnder wiene bygelyks it gedicht Ossian, fan James Macpherson, en de roman The Vicar of Wakefield, fan Oliver Goldsmith. Tsjintwurdich wurdt der by Blicher heech opsjoen; syn wichtichste novellen binne al withoefolle kearen werprinte, en in protte fan syn fersen binne op muzyk set en binne ta folkssangen wurden.

Opsomming fan wichtichste wurken[bewurkje seksje | edit source]

  • 1824 - Brudstykker af en Landsbydegns Dagbog ("Fragminten út it Deiboek fan in Parochyklerk"; novelle)
  • 1825 - Sneklokken ("De Snieklok"; gedichten)
  • 1827 - Røverstuen ("De Rôvershoale"; novelle)
  • 1828 - Ak! Hvor Forandret ("Spitich, Wat Feroare"; novelle)
  • 1828 - Sildig Opvågnen ("Te Let Untweitsjen"; novelle)
  • 1829 - Præsten i Vejlby (novelle)
  • 1829 - Kjeltringliv ("Sigerunerlibben"; novelle)
  • 1829 - Telse (novelle)
  • 1829 - Hosekræmmeren ("De Hoazzemakker"; novelle)
  • 1838 - Trækfuglene ("De Trekfûgels"; gedichten)
  • 1842 - De Tre Helligaftner ("Trije Hjeldeisjûnen", novelle)
  • 1842 - E Bindstouw (novelle en gedichten yn it Jutsk)

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Literature, op dizze side.