Gunnlaugssêge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Gunnlaugssêge, yn it oarspronklike Iislânsk: Gunnlaugs saga ormstungu (de "Sêge fan Gunnlaugr Slangetonge"), is in Aldiislânske sêge dy't oan 'e ein fan 'e trettjinde ieu gearstald is troch in anonime skriuwer, en oerlevere is yn in manuskript dat fan justjes letter datearret. It is in alteast foar in part op wiere foarfallen basearre ferhaal, dat giet oer de striid fan twa jonge skalden (tradysjonele Iislânske dichters) om 'e leafde fan in jongfaam. It bestiet fierhinne út proaza, mar omfiemet teffens 25 fersen fan skaldyske poëzij dy't de haadpersoanen yn 'e mûle lein wurdt.

De sêge is in ferfolch op Kormáks saga en de Bjarnar saga, mar is mei mear ferfining, treffende emoasje en in dúdliker karakterisearring fan 'e personaazjes fêstlein yn in eleganter taaleigen. De Gunnlaugssêge waard yn 1775 as earste fan 'e Aldiislânske sêgen ôfprinte yn in Latynske oersetting mei wittenskiplik kommentaar. It wurdt beskôge as in masterwurk fan syn sjenre, en foarmet in wichtich ûnderdiel fan sawol de Iislânske as de Noarske literêre skiednis. It wurdt gauris troch begjinnende studinten Aldnoarsk brûkt om mei de taal yn 'e kunde te kommen (Aldnoarsk en Aldiislânsk wiene ûnderling sûnder muoite fersteanber). De Fryske fertaling fan 'e Gunnlaugssêge ferskynde yn 1958, fan 'e hân fan oersetter Gerryt Dykstra.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

De sêge ferhellet oer de rivaliteit fan twa jonge Iislânske dichters, Gunnlaugr Ormstunga en Hrafn Önundarsson, en harren striid om 'e leafde fan Helga de Prûze, in pakesizzer fan 'e histoaryske kriger-dichter Egill Skallagrímsson (dy't teffens de haadpersoan is fan Egils saga). It ferhaal set útein mei in profetyske dream oer twa earnen dy't fjochtsje om in swan, wat fansels de leafdestrijehoek út 'e sêge foarseit. De haadpersoan is Gunnlaugr, en it ferhaal wurdt ferteld op in wize dy't mei him sympatisearret.

As Gunnlaugr achttjin jier is, set er ôf om utens. Helga seit him ta trije jier op him wachtsje te sillen. Yn 'e jierren dêrnei reizget Gunnlaugr troch Noarwegen, Sweden, Ingelân, Ierlân en de Orkney-eilannen. Oan it Noarske hof treft er syn rivaal Hrafn, mei wa't er dêr in dichterlike striid oangiet. Pas nei fjouwer jier, yn 1005, keart Gunnlaugr werom nei Iislân. Dêr oankommen ûntdekt er dat Helga koarte tiid earder tsjin har wil úthylke is oan Hrafn Önundarsson. Harren houlik is lykwols tige ûngelokkich, in feit dat Hrafn oan Gunnlaugr syn ynfloed wyt. Op it Alþing (it Iislânske folksparlemint) fan 1006 treffe de beide rivalen inoar wer, en dêr daget Gunnlaugr Hrafn út ta de holmgang (oftewol in duël). Dat wie de lêste holmgang dy't ea op Iislân plakfûn hat, mei't it Alþing fan dy tiid ôf it near lei op sok dwaan.

Mei't de beide rivalen troch de bemuoienis fan it Alþing harren striid net foltôgje kinnen hawwe, ferfarre se allebeide nei Noarwegen, dêr't sokke duëls noch wol talitten wurde. Hja treffe inoar dêr yn 1008. Yn 'e folgjende striid is Gunnlaugr de oerwinner, mei't er Hrafn deadocht, mar sels wurdt er neitiid troch Hrafn syn oanhingers op ferriedlike wize sa swier ferwûne, dat er koarte tiid letter komt te ferstjerren. Hy is dan 25 jier.

Helga wurdt letter op 'e nij úthylke, mar kin Gunnlaugr net ferjitte. Har grutste nocht is om tiden lang nei in prachtige mantel te stoarjen dy't se fan him krigen hat. Op in jûn sit se njonken har nije man, mei de mantel foar har útlein. Se sjocht der in hoartsje nei en sinkt dan del yn 'e earms fan man, en stjert.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

De Gunnlaugssêge waard yn 1958 ûnder de titel De Gunnlaugssaga yn it Frysk oerset troch Gerryt Dykstra (1897-1973).[1] Dy fertaling hie as ûndertitel: In Moderne Aldyslânske Leafdeshistoarje. Hy waard útbrocht by Drukkerij Laverman N.V. te Drachten, as nû. 89 yn 'e rige De Fryske Bibleteek, en mei in ynformative ynlieding fan 'e oersetter derby.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Dykstra, Klaas, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Fryske Akademy), ISBN 9 07 00 10 526, s. 150. It lemma oangeande De Gunnlaugssaga yn it digitaal argyf fan Tresoar sprekt fan "Gurbe Dykstra".

Boarnen

  • De Gunnlaugssaga (oers. Gerryt Dykstra), Drachten, 1958 (Drukkerij Laverman N.V.), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.