Baden-Wúrtemberch
| Flagge | Wapen |
|---|---|
| Lokaasje yn Dútslân | |
| Basisgegevens | |
| Haadstêd | Stuttgart |
| Oerflakte | 35.751 km² |
| Befolking | 10.692.000 (2003) |
| Befolkingstichtens | 294/km² |
| Distrikten | |
Baden-Wúrtemberch (Dútsk: Baden-Württemberg) is in dielsteat yn it súdwesten fan Dútslân. De dielsteat beslacht in oerflak fan 35,750 km² en hat 10,692,000 ynwenners. De haadsted is Stuttgart
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
Baden-Wúrtemberch grinzet oan Switserlân yn it suden, Frankryk yn it westen en oan de Dútske dielsteaten Rynlân-Palts, Hessen en Beieren.
Foar de westlike en in part fan de súdlike grins is de Ryn beskiedend. It Swarte Wâld is it berchlân wat beëasten de Ryn leit. Baden-Wúrtemberch dielt de Bodensee en de Alpen mei Switserlân. De Donau rivier begjint yn Baden-Wúrtemberch deunby Donaueschingen.
Bestjoerlike yndeling [bewurkje seksje]
Baden-Wúrtemberch hat fjouwer Regierungsbezirke (bestjoerlike regio's), dy't meiïnoar wer partsje binne yn 35 distrikten (Landkreise) en njoggen stêdsdistrikten (Kreisfreie Städte).