Swarte Wâld

Ut Wikipedy
Lokaasje Swarte Wâld
Lânskip yn it Swarte Wâld

It Swarte Wâld is in berchgebiet yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. It is in middelberchtme mei de Feldberg as heechste punt (1493 m). De Fogezen en it Swarte Wâld, skieden troch de Rynfallei, hawwe geologysk in protte mien.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Freiburg yn it súdlike part fan it Swarte Wâld hat in histoarysk sintrum. Eastlik dêrfan leit de Titisee, in berchmar op 845 meter boppe seenivo. Yn de omkriten fan de Titisee binne in protte wintersportfasiliteiten. De Feldberg mei 1493 meter is it heechste punt fan it Swarte Wâld en winterdeis in bekend skyplak. De Triberger wetterfal, sa’n 40 km noardlik fan de Titisee, is de grutste wetterfal fan Dútslân (falhichte 163 m).

Yn it noarden fan it Swarte Wâld leit de Schwarzwaldhochstrasse. In dyk op 800-1000 meter hichte mei sicht op de Rynfallei. Der binne ferskillende skyliften foar alpine-skyen en skyskânsen. Noardlik fan de Schwarzwaldhochstrasse leit it Naturpark Schwarzwald Nord/Mitte. De stêd Baden-Baden is in ferneamd kuersintrum mei ferskillende swimbaden/termaalbaden. De stêd is ek bekend as sintrum foar keunst en kultuer, mei it Festspielhaus Baden-Baden as it grutste teater fan Dútslân. It kasino draacht ek tige by oan de bekendheid fan de stêd.

Topografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heechste toppen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]